Stedskanaal (gemeente)

Stedskanaal[1] (Nederlânsk en offisjeel: Stadskanaal; Grinslânsk: Knoal) is in gemeente yn it súdeasten fan de provinsje Grinslân. De gemeente hat in oerflak fan 120 km² (dêr't 2,27 km² fan wetter is) mei op 31 jannewaris 2023 in ynwennertal fan 32.169 (boarne: CBS).

Stedskanaal

Stadskanaal

flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak Stedskanaal
grutste plak Stedskanaal
ynwennertal 32.169 (31 jannewaris 2023)
befolkingstichtens 265 / km²
oerflak 119,94 km²
● wêrfan lân 117,67 km²
● wêrfan wetter 2,27 km²
tal doarpen 8
ferkearsieren N366 N374
skiednis
oprjochte 1969
Oant 1969 Onstwedde
Wildervank (in diel fan)
oar
netnûmer 0599
postkoade 9500-9509, 9580-9599, 9660-9661
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.stadskanaal.nl
Topografyske gemeentekaart fan de gemeente Stedskanaal

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1969 troch it gearfoegjen fan de eardere gemeenten Onstwedde mei in diel fan de eardere gemeente Wildervank.

Plakken bewurkje seksje

Yn de gemeente lizze de folgjende doarpen:

Ynwenners it doarp 2019
Doarp Ynwenners
Stedskanaal 19.170
Musselkanaal 7.005
Onstwedde 1.945
Mussel 980
Alteveer 885
Vledderveen 290
Kopstukken 130
Zandberg (foar in part) Net bekend

Boarne: CBS

Fierder befettet de gemeente de folgjende offisjele útbuorrens: Barlage, Blekslage, Braamberg, Ceresdorp, Höchte, Holte, Horsten, Oomsberg, Smeerling, Sterenborg, Tange, Ter Maarsch, Ter Wupping, Veenhuizen, Vledderhuizen, Vosseberg en Wessinghuizen.

Befolkingsûntjouwing bewurkje seksje

Befolkingsûntjouwing gemeente Stedskanaal
1970 1975 1980 1985 1990 1995 2000 2005 2010 2013 2016 2019
32.829 34.069 33.995 34.016 32.979 32.975 33.097 33.804 33.416 32.885 32.621 31.789

Boarne:CBS

Gemeenterie bewurkje seksje

De ferdieling fan de sitten fan de gemeenterie fan 2006 ôf:

Partij 2006 2010 2014 2018 2022
ChristenUnie 4 4 4 5 5
CDA 5 6 5 5 4
SP - 1 5 4 3
PvdA 10 7 4 3 3
Lokaal Betrokken - - - 1 3
Gemeentebelangen 2 2 3 2 2
VVD 2 2 1 2 2
D66 - 1 1 1 1
Totaal 23 23 23 23 23

Boarne: Gemeente Stedskanaal

Ofbylden bewurkje seksje

 
Gemeente Stedskanaal
 
Haadplak: Stedskanaal
Doarpen: AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeVledderveenZandberg
Buorskippen: BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborg • Tange • Ter MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter: A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
 
Grinslân
 
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: