Stephanie Au (Mandarynsk Sineesk (tradisjoneel): 歐鎧淳; Kantoneesk (jyutping): au1 hoi2 seon4; Hongkong, 30 maaie 1992) is in Hongkongsk swimster.

Stephanie Au
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephanie Au (歐鎧淳)
nasjonaliteit Hongkongsk
bertedatum 30 maaie 1992
berteplak Hongkong (Hongkong)
etnisiteit Sineesk
lingte 1.73 m
sportive ynformaasje
sport swimmen
ûnderdiel frije slach; rêchslach
O.S. Peking 2008
Londen 2012
Rio de Janeiro 2016

Libben en karriêre bewurkje seksje

Komôf en oplieding bewurkje seksje

Au waard yn 1992 berne yn Hongkong. Se folge in oplieding oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley, yn 'e Feriene Steaten, dêr't se yn 2014 ôfstudearre mei in bachelortitel yn ekonomy en miljeubelied. Au is fierders in winneresse fan 'e 24e Hongkongske Prizen foar Treflike Studinten.

Sportkarriêre bewurkje seksje

Op it mêd fan swimmen hat Au har spesjalisearre yn 'e ûnderdielen frije slach en rêchslach. Se is (anno 2016) de Hongkongske rekôrhâldster op 'e lange baan (50 m) op 'e 200 m, 400 m, 800 m en 1.500 m frije slach, de 4×100 m wikselslachestafette en teffens de Hongkongske rekôrhâldster op 'e koarte baan (25 m) op 'e 400 m, 800 m en 1.500 m frije slach, de 4×100 m wikselslachestafette en de 4×100 m frije-slachestafette.

Au wûn yn 2009 op 'e Eastaziatyske Spullen, dy't holden waarden yn Hongkong, twa sulverne medaljes op 'e ûnderdielen 4×100 m estafette frije slach en 4×200 m estafette frije slach, en twa brûnzene medaljes op 'e ûnderdielen 200 m frije slach en 400 m frije slach. Yn 2015 wûn se op 'e Simmeruniversiade yn Gwangju in sulverne medalje op it ûnderdiel 50 m rêchslach.

Au fertsjintwurdige Hongkong fierders op 'e Olympyske Spullen fan 2008, yn Peking, op 'e Olympyske Spullen fan 2012, yn Londen, en op 'e Olympyske Spullen fan 2016, yn Rio de Janeiro. By yntocht fan 'e atleten ûnder de iepeningsseremoanje fan 'e Spullen fan Rio, op 5 augustus 2016, droech Au de flagge fan Hongkong.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.