Stirnzen

(Trochwiisd fan Sternidae)

De stirnzen (Sterninae) binne in ûnderfamylje fan seefûgels dy't oer de hiele wrâld foarkommen en besibbe binne oan de miuwen. Neffens de measte auteurs foarmje de stirnzen no in ûnderfamylje fan de famylje fan de miuwfûgels (Laridae). Foarhinne waarden de stirnzen ek wol as aparte famylje (Sternidae) beskôge. De noddys wurde tsjinwurdich as aparte subgroep of underfamylje (Anoinae) fan de miuwfûgels rekkene.

Stirnzen
grutte toefstirns (Thalasseus bergii)
grutte toefstirns (Thalasseus bergii)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: wilstereftigen (Charadriiformes)
ûnderskift: miuwen en besibbes (Lari)
famylje: miuwfûgels (Laridae)
ûnderfamylje: stirnzen (Sterninae)
Bonaparte, 1838

KlassifikaasjeBewurkje

De measte stirnzen waarden earder altiten yn ien grut skaai Sterna yndield, mei in pear oare lytse skaaien. Troch ferskate ûndersiken nei it DNA wurdt it skaai Sterna no opdielt yn ferskate lytsere skaaien.

IOC World Bird List 11.1, jan. 2021

Keppeling om utensBewurkje

IOC World Bird List, Version 11.1, jan. 2021