Stichtske Fecht
Stichtske Fecht (Nederlânsk: Stichtse Vecht) is in gemeente yn it noardwesten fan de provinsje Utert. De gemeente hat 66.002 ynwenners (1 jannewaris 2024), boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 106,82 km² (wêrfan 10,2 km² wetter). De gemeente waard yn 2011 oprjochte en is ûntstien troch it gearfoegjen fan trije gemeenten: Breukelen, Loenen en Maarssen.
Stichtske Fecht Stichtse Vecht | |
---|---|
De rivier de Fecht yn Maarssen | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Ap Reinders |
sifers en geografy | |
haadplak | Maarssen |
grutste plak | Maarssen |
ynwennertal | 66.002 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 679 / km² |
oerflak | 106,82 km² |
● wêrfan lân | 96,10 km² |
● wêrfan wetter | 10,72 km² |
tal doarpen | 12 |
ferkearsieren | , , , , |
skiednis | |
oprjochte | 2011 |
oar | |
netnûmer | 0294, 0346 |
postkoade | 1393, 3600-3608, 3611-3612, 3620-3621, 3626, 3628, 3630-3634 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.stichtsevecht.nl |
Haadplak is it plak Maarssen.
Geografy
bewurkje seksjeDe gemeente leit yn de Fechtstreek tusken de stêden Amsterdam, Utert en Hilfertsom. Troch de gemeente rint de rivier de Fecht, dêr't in soad bûtens oan steane en it Amsterdam-Rynkanaal.
De gemeente grinzget yn it noarden oan de gemeente Amsterdam (NH), yn it easten oan Widemarren (NH), yn it súdeasten oan De Bilt, yn it suden oan Utert, yn it súdwesten oan Woerden en yn it noardwesten oan de gemeente De Rûne Feanen.
De Maarssefeanske Plassen en foar in part de Loasdrechtske Plassen lizze yn de gemeente. De wichtige autogongwei A2 rint troch de gemeente hinne.
Kearnen
bewurkje seksjeDe gemeente omfiemet ferskate doarpen en buorskippen. De gemeente ûnderskiedt tolve kearnen: Nigtevecht, Vreeland, Loenersloot, Loenen oan de Fecht, Nieuwersluis, Nieuwer Ter Aa, Breukelen, Kockengen, Maarssen, Maarssenbroek, Tienhoven/Molenpolder dy't bestiet út Tienhoven, Oud-Maarsseveen, Maarsseveen, Bethunepolder en Molenpolder) en Oud-Zuilen.
Skiednis
bewurkje seksjeSûnt de midsiuwen foarme de rivier de Fecht in wichtige hannelsrûte. Iere bewenning wie der op de ouwerwâlen, wylst oan wjerskanten fan de rivier grutte feansompen leine. It gebiet foel earst ûnder it Fryske keninkryk, doe't yn 723 de Frankyske kening Karel Martel it gebiet oermastere. Letter kaam it gebiet ûnder de biskoppen fan Utert en de greven fan Hollân. Dy lieten de grutte feansompen fan de tsiende iuw ôf oanmeitsje
By de rivier ûntstiene stadichoan grutte kastielen en bûtens, lykas Slot Zuylen, Kastiel Nijenrode en ridderhofstêd Gunterstein. Yn de santjine en achttjinde iuw bouden benammen rike Amsterdamske keaplju harren bûtens oan de rivier.
De gemeente Stichtske Fecht hat likernôch 760 ryksmonuminten en ferskate beskerme doarpsgesichten. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der yn de hjoeddeistige gemeente grutskalige nijbou, benammen Maarssenbroek woeks tige hurd. Nettsjinsteande dat binne der plakken mei in doarpsk karakter en is der yn de gemeente noch in reedlik grut lanlik gebiet, dêr't polders mei greidlân en marren binne.
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2011 nei de fúzje fan de eardere gemeenten Breukelen, Loenen en Maarssen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Gemeente Stichtske Fecht
Stichtske Fecht | ||
---|---|---|
Doarpen: Breukelen • Kockengen • Loenen oan de Fecht • Loenersloot • Maarssen • Maarssenbroek • Nieuwersluis • Nieuwer Ter Aa • Nigtevecht • Oud-Zuilen • Tienhoven • Vreeland | ||
Buorskippen: Bethunepolder • Kerklaan • Maarsseveen • Molenpolder • Mijnden • Nieuwerhoek • Nieuw-Maarsseveen • Oud-Maarsseveen | ||
· · |
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
· · |