Haadmenu iepenje

In stiichoanfal is in term út it follybal. Dy technyk wurdt fral op in heger nivo tapast. By dy technyk springt de middenoanfaller foar't de spulferdieler de set-up jûn hat. De spulferdieler hâldt de bal binnen syn eigen berik en tikket de bal in bytsje omheech, dêrnei kin de middeloanfaller de bal praktysk út de hannen fan de spulferdieler slaan (=earste tempo-oanfal).

Der sit ferskil tusken in stiichoanfal en in stek, dy twa termen wurde faak troch elkoar helle. By de stek is de ôfstân tusken de oanfaller en de spulferdieler (yn de breedte) ± 2 meter. Dêrnei spilet de spulferdieler in strakke, flugge bal nei de oanfaller, dy't de bal oer it net slaan kin.

It grutte foardiel fan in stiich- of stekoanfal is de gong dêr't dy mei útfierd wurdt. Op dy manier kriget de blokkearing mar in bytsje tiid om te reagearjen.