Stirnzen

De stirnzen (Sternidae) binne in famylje fan fûgels dy't oer de hiele wrâld foarkommen en besibbe binne oan de seefûgels. Neffens de measte auteurs foarmje de stirnzen no in ûnderfamylje (Sterninae) dy't falt ûnder de famylje fan 'e seefûgels of miuwen (Laridae).

'Grutte Túfstirns (sterna bergii)

KlassifikaasjeBewurkje

De measte stirnzen waarden earder altiten yn ien grut skaai Sterna yndield, mei in pear oare lytse skaaien. Troch ferskate ûndersiken nei it DNA wurdt it skaai Sterna no opdielt yn meardere lytsere skaaien.