Wolkbrek

(Trochferwiisd fan Stjalprein)

In wolkbrek of stjalprein is in abrupte reinbui wêrby't in ekstreme hoemannichte delslach yn in koarte perioade produsearre wurdt. In wolkbrek giet meastal tegearre mei swierwaar en hagel en is yn steat om oerstreamingen te feroarsaakjen. In wolkbrek kin enoarme hoemannichten wetter efterlitte: yn inkelde minuten wol 25 mm oan delslach, wat oerienkomt mei 25.000 ton/km2.

Wolkbrekken binne seldsume ferskynsels. Se ûntsteane mei orografyske kearing of wannear't in waarmeloftpakket him mingt mei kâldere loft, wat resultearret yn in hommelse kondinsaasje.

De term "wolkbrek" kaam fuort út it idee dat wolken beskôge wurde koene as wetterballonnen dy't barste koene, wêrnei't alle delslach nei ûnderen foel. Hoewol't dat idee sûnt dy tiid wjerlein is, bliuwt de term yn gebrûk.

Yn in waarm klimaat is in wolkbrek bui gewoaner as yn it tuskenbeiden klimaat fan Nederlân. Dêrtroch wurdt oan it begryp net oeral deselde betsjutting hechte. Yn Nederlân wurdt in wolkbrek definiearre as in fûle bui dêr't 25 milimeter of mear yn ien oere falt, en/of minstens 10 milimeter yn fiif minuten. It sicht rint by in wolkbrek werom oant soms minder as 200 meter. In wolkbrek kin beselskippe gean mei in falwyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: