Striker (muzikant)

bespiler fan in snaarynstrumint
(Trochferwiisd fan Strikers)

In striker is de bespiler fan in snaarynstrumint dat mei in mei hars stroef makke strykstôk bespile wurdt. Troch de strykstôk mei de krekte faasje en druk dwers op de snaar te bewegen wurdt de snaar ta triljen brocht (en holden), sadat in foar strikers typearjende klankkleur ûntstiet.

Klassike muzyk

bewurkje seksje
 
Sellist Mstislav Rostropovitsj (1978)

Yn de klassike muzyk wurdt ûnder strikers ferstien: de bespilers fan de fioele, de altfioele, de (violon)sello en de kontrabas. Yn it symfony-orkest spylje se yn grutte groepen meiïnoar, twa by twa oan in stander sittend (handiger foar it omslaan fan de blêdmuzyk). In soad komponisten fine strykynstruminten in bysûndere ynstrumintegroep troch de wêzentlik oare klankkleur fan in (grutte) groep strykynstruminten. Dêrom hat in symfony-orkest opmerksum mear strikers as oare ynstrumintalisten fanneden. Yn in symfony-orkest wurde de fioelen opdield yn earste en twadde fioelen; der binne meiïnoar dus 5 groepen stikers.

Aldere strykynstruminten dy't meast net yn gruttere groepen brûkt wurde, binne û.o. dûnsmasterfioele, Viola da gamba en de Viola d'amore.

Stikers yn de folksmuzyk bespylje û.o. de Hardangerfioele út Noarwegen, de rebec, Vedel, Gusle út Joegoslaavje en de Gdulka út Bulgarije. Al dy ynstruminten wurde meast as solo-ynstruminte brûkt.