Strjitten yn Donkerbroek
Wikimedia-list
(Trochferwiisd fan Strjitten fan Donkerbroek)
De Strjitten fan Donkerbroek:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Alde Hof - tsjinhinger fan Nijhof.
- Balkewei - âlde namme, nei de wei mei balke, dus brêgewei.
- Bokkekampswei - in bokkekamp wie in stikje lân fan ± 35 are, dat healwei fersprong, der siet dus in hoeke yn.
- Boppenfjild - streeknamme, it is de jongere fariant en offisjele beneaming fan "Et Bovenveld".
- Boppenwei -
- Breeberch - ek: Brokmerskâns is iin ferdigeiningswurk dat yn 1593 oanlein is of wersteld troch Willem Loadewyk, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân.
- Broekmerskâns - of Breeberch wie in ferdigeningswurk yn de Tsjonger.
- Brunstingwei - Master Brunsting wie haad fan de iepenbiere legere skoalle. Hy libbe fan 1833-1880.
- Buersterleane - strjitte oanlein njonken in fuotpaad dat eartiids bekend stie ûnder de namme "Boersterleane". Dus de wei fan in doarp dêr't de huzen steane.
- Fearhûswei - By de brêge stie in bekend loazjemint: it skippersfearhûs. Hjir kaam ek de earste beurtfeartsjinst fan De Gordyk op Donkerbroek, Easterwâlde en Appelskea, dêr't Cornelis Lykeles Kleisma fan De Gordyk 1819 mei úteinsette. It wie ek it plak dêr't de omnibustsjinst fan 1866 - 1911 in halteplak hie. It wie it ienichste fearhûs fan Eaststellingwerf.
- Feart Eastside - eastlike kant fan de feart.
- Feart Westside - westlike kant fan de feart.
- Feartwei - neamd nei de feart. In sânreed dy't nei de oanlis fan de Kompanjonsfeart oanlein is om in koartere ferbining te krijen nei it buorskip Moskou.
- Fruitier de Talmawei - Fruitier de Talma wie in ûntginner. Hy hat yn it hûs "Ontwijk" wenne.
- Geert Wolter Smitwei - Geert Wolter Smit wie in foaroansteand ynsittene fan Donkerbroek yn frij koarte tiid. Hy komt út in âld Donkerbroekster laach.
- Hanestreek - Smel stik lân op it hjoeddeiske plak.
- Helmholtstrjitte - Earstefoarsitter en mei-oprjochter fan Doarpsbelang Donkerbroek.
- Hearrewâl - in âlde Romeinske namme dy't yn ûnbrûk rekke wie is opnij ynfierd.
- Hearenwei - sjoch Hearrewâl
- It Hoogezand -
- It West -
- Kapelwei - rint yn de rjochting fan de tsjerke dy't ûnder Weinterp stie. Kapellepôle wie it stee dêr't ea de Sint Bonifatiuskapel stie.
- Kleasterwei - Komt fan Kleasterplak. Undúdlik oft dit pân eat te krijen hat mei de godstsjinst.
- Kolânswei - wei troch de kolannen. Kolannen is in stripe lân efter it doarp lâns. Yn dit gefal fan de Skieppedrift oant sawat de Swettereed. Dêr waarden eartiids kij weide. De wei hjitte earst Kolânsreed. No't de reed ferhurde is hjit er wei.
- Laurentiusstrjitte - de tsjerke wie oas ienige yn de Stellingwerven wijd oan Sint Lorentius.
- Leidyk - nei de leidyk dy't tagelyk wetterkearing wie.
- Lútzen Oetzeswei - Lútzen en Oetzes wienen de foarnammen fan de hearen Van der Wal, dy't yn de omkriten in soad ûntginningen dien hawwe.
- Mandewei - mande bestjut yn súdeast Fryslân by elkoar lizzend, dat wat men yn de mande hie.
- Molewei - Op de hichte fan it hjoeddeiske sânpaad hat in achtkante nôtmole mei bakkerij stien. Yn 1922 is er ôfbaarnd.
- Moskou - nei it buorskip Moskou
- Moskoureed - reed nei it buorskip Moskou. Omdat Petersburch oan de oare kant fan de feart lei, waard dizze kant Moskou neamd.
- Nijhof - De wei rint oer in stik lân dat sa hiet.
- Peelrug - eartiids wie hjir in moeras mei in rêch wêroer't de Spanjerts de sompe yn dreaun waarden.
- De Pegge - de lannen dêr't de strjitte trochhinne rûn waarden "De Pegge" neamd.
- Petersburch - nei it buorskip Petersburch. Eartiids in feanarbeidersbuert Ien fan de earste bewenners moat in Pieter Blaauw west hawwe; fandêr de namme. P(i)eter Blaauw hie dêr in kroechje.
- Posthúswei - Foar dizze wei oer stie in posthûs.
- Skânsdyk - de namme fan de wei ferwiist nei de skâns Breeberch.
- Skânsmarwei - de Skânsmar wie in grutte poel.
- Skieppedrift - hjirwei lieten de harders harren skiep op it Boppefjild rinne.
- Skoalstrjitte -
- Stobbepoelwei - nei in wei mei stobben.
- Swettewei - eardere namme dy't no Boppefjild hjit. In swette is in grinssleat.
- Tjabbekamp - In âlde namme. Hjir rûn ûnder oare de Tjabbekampster wetterlossing.
- Tsjerkereed - paad om by de tsjerke te kommen.
- Van Zandenste - De dêr wenjende net-troude bruorren en susters Van Zandenste hawwe ûnder oare grûn beskikber steld dêr't it Griene Krúsgebou op stiet.
- Vicariestrjitte - "Vicarieplaats" wie in pleats dy't oant de 18e iuw op sawat it plak fan de strjitte stien hat.
- Vosseheer - Heidemar dat fan âlds oan de wei lei.
- Wemerstrjitte - Der wie in famylje Wemer dy't grûn yn eigendom hie, dêr't de dyk no oer rint.
- Wilpkamp - wie in stik lân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|