Studinteselskip Frisia
Studinteselskip Frisia waard op 8 oktober 1837 oprjochte troch Fryske studinten dy't nei it sluten fan de Universiteit fan Frjentsjer yn Grins kamen te studearjen. Dy fertikale organisaasje binne Vindicat atque Polit besiket alle jierren earstejiers studinten mei Fryske bining en in ynauguraasje middenyn Fryslân (Eagum) op te nimmen. Dan moat wol de Frisia-strik 'Man Frysk' fertsjinne wurde. Der binne bearenburch-aktiviteiten, diners op de Kroech en útstapkes nei Fryslân. Ien fan de symboalen fan it genoatskip is it Swurd fan Grutte Pier, dy't dêrmei de Hollanners út Fryslân weijage hawwe soe. It swurd mei allinnich troch de foarsitter en de bestjoersleden fêstholden wurde.