Swarte swan

(Trochwiisd fan Swarte Swan)
Swarte swan
Swarteswannen.PNG
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Cygnus atratus

De Swarte swan (Cygnus atratus) is ien fan de 7 swannesoarten út de famylje fan de Anatidae, dêr't ek de guozzen en einen ta hearre.

Cygnus atratus

FerspriedingBewurkje

De fûgel komt foar yn Austraalje en sûnt koart is er ek wer mei sukses yntrodusearre yn Nij-Seelân, dêr't in ûndersoart, de Nij-Seelânske swan troch de jacht útstoarn wie. Op oare kontinenten wurdt de Swarte swan faak hâlden as parkfûgel. Untkommen eksimplaren hawwe der foar soarge dat der ek yn Europa en Amearika hjir en dêr lytse populaasjes ûntstien binne, dy't har yn mylde klimaten goed hanthavenje.

UterlikBewurkje

In folwoeksen eksimplaar fan de Swarte swan kin oant sa'n 9 kilo swier wurde. Behalve it folslein swarte fearrekleed mei brúneftige aksinten, falt de fel reade snaffel mei in wyt puntsje op. De poaten binne griis.

FuortplantingBewurkje

Swarte swannen binne honkfêst en bouwe har libben lang oan it selde nêst yn ûndjip wetter. It kinne dan ek mânske bouwurken wurde. De jongen binne ynearsten brúneftich griis.