Swarte Wapity (Lakota: Heȟáka Sápa, útspr.: [he'χa:ka 'sa:pa], likernôch: "heechaaka saapa"; Ingelske oersetting: Black Elk; oan 'e igge fan 'e Lytse Powderrivier (Montana), desimber 1863Pine Ridge (Súd-Dakota), 19 augustus 1950) wie in foaroansteand medisynman fan 'e Lakota. Hy wie in efterneef fan it ferneamde Oglala-opperhaad Mâl Hynder, reizge troch Noard-Amearika en Jeropa mei Buffalo Bill syn wyldwestshow en befocht yn 1890 de Amerikaanske kavalery by it Bloedbad fan Wounded Knee. Yn syn lettere libben besocht Swarte Wapity ûnder de blanken begryp te kweekjen foar de tradisjonele rituëlen en spiritualiteit fan 'e Lakota.

Swarte Wapity
persoanlike bysûnderheden
echte namme Heȟáka Sápa
oare namme Black Elk
nasjonaliteit (Sioux)
Amerikaansk
berne desimber 1863
berteplak oan 'e Lytse Powderrivier
   (Montana)
stoarn 19 augustus 1950
stjerplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt medisynman fan 'e
   Oglala-Lakota

Libben bewurkje seksje

Jonge jierren bewurkje seksje

Swarte Wapity waard yn 1863 berne oan 'e igge fan 'e Lytse Powderrivier, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hy wie in etnyske Lakota fan 'e substamme fan 'e Oglala. It ferneamde opperhaad Mâl Hynder wie in efterneef fan sines. Mei njoggen jier rekke er hommels siik en lei er twa dagen frijwol yn koma, wylst er in grut fizioen ûndergie. Doe't er dêr neitiid oer fertelde oan 'e medisynmannen fan syn folk, beseften dy dat der yn 'e jonge in grut sjamaan skûle. Letter soed er syn fizioen oer de tongerfûgels, syn besyk oan 'e wize pakes en syn reis nei it mulpunt fan 'e ierde yn detail fertelle oan 'e etnolooch John G. Neihardt, dy't it allegear opskreau sadat de ynformaasje beholden bleaun is. Ek neitiid krige Swarte Wapity noch in soad oare fizioenen, dy't syn earste ûnderfining befêstigen en him oanfiteren om him as genêzer en medisynman foar it wolwêzen fan syn folk yn te setten.

Oarloch en wyldwestshow bewurkje seksje

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 befûn Swarte Wapity him yn it kamp fan syn efterneef Mâl Hynder en fan 'e grutte Hûnkpapa-sjamaan Sittende Bolle, doe't dat op 25 juny 1876 oanfallen waard troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Hoewol't Swarte Wapity noch mar trettjin jier wie en sels net meifocht, makke er doe fan deunby de ferneamde Slach oan de Little Bighorn mei, wêrby't in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho de Amerikanen in ferpletterjende nederlaach tabrocht.

Yn 1887 joech Swarte Wapity him by de wyldwestshow fan Buffalo Bill, dêr't er mei troch Noard-Amearika reizge om oeral optredens te fersoargjen. Teffens stiek er mei de show de Atlantyske Oseaan oer, om yn Ingelân op te treden foar keninginne Fiktoaria. Yn 'e maityd fan 1888 miste Swarte Wapity letterlik de boat by de weromreis nei de Feriene Steaten, en kaam er mei trije oare Lakota yn Jeropa fêst te sitten. Hja meunsteren dêrop oan by in oare wyldwestshow, en giene in jier lang op toernee troch Dútslân, Frankryk en Itaalje. Doe't de show fan Buffalo Bill yn maaie 1889 yn Parys arrivearre, koe Swarte Wapity yn 'e hjerst fan dat jier wer mei werom nei de Feriene Steaten.

Werom yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota wie Swarte Wapity ein 1890 oanwêzich by it Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Swarte Wapity arrivearre koart nei't it bloedbad begûn op syn hynder en ried op 'e soldaten yn, wêrmei't er guon ferwûnen wist te rêden. Sels rûn er by syn aksje in skampskot oan 'e heup op.

 
Swarte Wapity (l.) yn 1910 mei syn dochter Lucy Black Elk en syn frou Anna Brings White.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 1892 troude Swarte Wapity mei syn earste frou, Katie War Bonnet, mei wa't er trije bern krige. Syn frou wie roomsk, en brocht de bern ek yn dat leauwe grut. Nei't se yn 1903 kommen wie te ferstjerren, liet Swarte Wapity him yn 1904 dope en waard er sels ek roomsk. Dêrby naam er de Ingelske namme Nicholas Black Elk oan. Yn 1905 wertroude er mei Anna Brings White, in widdo mei twa dochters. Mei har krige Swarte Wapity noch trije bern. Hy en syn twadde frou bleaune byinoar oant hja him yn 1941 ûntfoel.

Lettere jierren en dea bewurkje seksje

Nei't er John G. Neihardt oer syn fizioenen ferteld hie, woe dy fan him witte wêrom't er him ta it kristendom bekeard hie as de spiritualiteit fan syn eigen folk sa wichtich foar him wie. Dêrop antwurde Swarte Wapity: "Myn bern moasten yn dizze wrâld libje." Neffens Hilda Neihardt naam Swarte Wapity, doe't er yn 't stjerren lei, syn piip op en sei er tsjin syn dochter Lucy Black Elk Looks Twice: "It iennichste dêr't ik wier yn leau, is de religy fan 'e piip." Yn syn lettere jierren wie Swarte Wapity in liedend figuer yn 'e oplibbing fan 'e sinnedûnsseremoanje, dy't fan 1884 oant 1934 troch de Amerikaanske oerheid ferbean west hie. Hoewol't der ferskate Lakota-farianten fan 'e seremoanje binne, folgje tradisjonalisten tsjintwurdich de ferzje fan Swarte Wapity. Fan 1934 oant 1944 organisearre Swarte Wapity boppedat in nij soarte fan wyldwestshow yn 'e krite fan 'e Black Hills, wêrby't it net om amusemint gie, mar om it útlizzen en útdragen fan 'e tradisjonele sermoanjes en spiritualiteit fan 'e Lakota.

Swarte Wapity kaam yn 1950 yn Pine Ridge te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Syn meast ferneamde erfskip is it boek Black Elk Speaks, dat oarspronklik yn 1932 troch John G. Neihardt publisearre waard. Sûnt de 1970-er jierren is dat in wichtige boarne wurden foar ûndersyk nei natoerreligyen yn Noard-Amearika en hat it in bredere belangstelling foar dat ûnderwerp opwekke. Ek op polityk mêd wie Black Elk Speaks fan grutte ynfloed binnen de Amerikaanske Yndiaanske Beweging. Swarte Wapity syn omkesizzer Frank Fools Crow sette nei syn dea syn wurk fuort.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.