Swartnekke swan

(Trochwiisd fan Swartnekke Swan)
Swartnekke swan
Labedz czarnoszyi Cygnus melanocoryphus RB2.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Cygnus melanocoryphus

De Swartnekkeswan (Cygnus melanocoryphus) is in fûgel út it skaai fan de swannen dy't foarkomt yn Súd-Amearika.

Cygnus melancoryphus

FoarkommenBewurkje

De Swartnekkeswan is in 110-140 sm grutte fûgel dy't in gewicht hat tusken de 3,5 en 6,5 kilogram. It mantsje is in stik grutter as it wyfke. De fûgel sit hielendal wyt yn de fearren útsein de hals en de kop dy't swart binne. Fierder hat der by de eagen noch in wite streek sitten. De snaffel is griis mei in reade knobbel.

FerspriedingBewurkje

It briedgebiet fan de Swartnekkeswan leit yn it suden fan Súd-Amearika, fan it midden fan Sjily oant yn Fjoerlân en ek op de Falklân Eilânnen. Yn de winter lûke de fûgels út de súdlikste briedgebieten rjochting it noarden nei Paraguay en it súdeasten fan Brasylje. De swannen libje by't it wetter, by marren en yn sompen. Yn de winter hâlde se harren ek wol op oan de seekust yn beskutte seebochten.

ItenBewurkje

De Swartnekkeswan yt foaral wetterplanten en algen dy't der yn it ûndjippe wetter omheech hellet.

FuortplantingBewurkje

It brieden begjint al yn July dat it betide foarjier is op it súdlik healrûn en dourret oant novimber. It nêst wurd meast op in lyts eilântsje oan de wâlkant boud. It wyfke leit 3-8 aaien en briedt dy allinich yn sa'n 5 wike út. Underwilens beskermet it mantsje it nêst tsjin ynkringers. De grize jongen ferlitte nei it útkommen fuort it nêst en wurde faak troch de âlden op de rêch droegen. Nei likernôch 3 moanne kinne de jongen fleane.