Haadmenu iepenje

In swingsteat, of yn it Ingelsk in swing state of in battleground state ("gefjochtsterreinsteat"), is yn it Amerikaanske politike jargon in steat dêr't gjin inkele kandidaat of politike partij in oerweldigjende mearderheid fan 'e kiezers efter him wit. Yn it Amerikaanske politike twa-partijestelsel (mei de Republikeinske Partij en de Demokratyske Partij) kinne sokke steaten dus beide kanten útgean, oftewol krekt as in doar op 'e hingen hinne en wer swinge. Swingsteaten binne tige wichtich by ferkiezings, mei't dêr foar beide partijen de winst (en dêrmei de oerwinning) te heljen is. Steaten dy't gjin swingsteaten binne, wurde soms oantsjut as 'feilige steaten', mei't in kandidaat of partij wit dat er dêr genôch oanhing hat om feilich oannimme te kinnen dat er dy steat efter him kriget. Op 't heden (2016) kinne foar swingsteaten oanmurken wurde: Firginia, Floarida, Noard-Karolina en Ohio, en yn mindere mjitte: Iowa, Kolorado, Minnesota, Nevada, Nij-Hampshire, Pennsylvania en Wiskonsin.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.