Sybrand fan Osinga (stoarn 1623)

(Trochferwiisd fan Sybrand fan Osinga (1623))

Sybrand fan Osinga († 1623) wie grytman fan Wûnseradiel en wenne yn Skettens. Sybrand wie in soan fan Jancke fan Osinga, dykgraaf fan de suderdiken fan Wûnseradiel, en lei him ta op de ferbettering fan de wettersteat yn syn gritenij. Tsien jierren foar syn beneaming ta grytman wie hy al folmacht op de Lânsdei foar Westergoa. Yn 1618 krige hy syn kommisje as lid fan deputearden en folge yn dy kwaliteit yn 1620 de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk. Twa jierren letter wie hy lid fan de steaten-generaal, en ferstoar yn 1623. Hy boaske earst mei At Aggema en letter mei Luts fan Scheltema. Hy wenne yn Skettens op Osingastate, dat er sels bouwe litten hie.

Tekening fan A. Martin fan de grêfsark fan Sybrand fan Osinga en Atke fan Aggema.
Byldhouwer Piter Klaas Antiek

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Charterboek D. IV bl. 898, D. V; Geografisch Woordenboek van Friesland, side 104;
  • Tegenwoordige staat van Friesland D. XV. side 175;
  • Winsemius, Chron. side 906 en achter de Chronyk. Beschrijv. van Friesl. op Wonseradeel;
  • van Sminia, t.a.p. side 271
  • Van der Aa