Syd Barrett

Roger Keith (Syd) Barrett (Cambridge, 6 jannewaris 1946 - 7 july 2006) wie in Ingelsk sjonger en gitarist. Hy is bekend as ien fan de oprjochters fan Pink Floyd

Syd Barrett
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Syd Barrett
Syd Barrett
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roger Keith Barrett
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 6 jannewaris 1946
berteplak Cambridge
stoarn 7 july 2006
stjerplak Cambridge
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1968 - No

KarriêreBewurkje

Pink Floyd (1965-1968)Bewurkje

Syd Barrett wie yn 1965 de orzjinele sjonger en gitarist fan Pink Floyd. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en syn dêrtroch ûnfoarsisbere gedrach waard gitarist Syd Barret, yn 1968 ûntslein. Mei Pink Floyd hat Barret twa studioalbums útbrocht, en is al ien fan de skriuwers fan in tal Pink Floyd nûmers op it tredde album fan Pink Floyd. De nûmers Shine On You Crazy Diamond en Wish You Were Here binne opdroegen oan Barret.

Solo karriêre (1968-1970)Bewurkje

Nei syn ûntslach by Pink Floyd gie Barret solo fjirder Yn jannewaris 1970 kaam it album The Madcap Laughs út. Solo hat Syd Barret ek twa studioalbums útbrocht.

PriveelibbenBewurkje

Syd Barrett waard berne yn Cambridge Cambridgeshire Ingelân as fjirde yn in gesin fan fiif. Syn heit wie patolooch. Yn 1965 gie Barrett nei Londen om in keunstoplieding te dwaan. Nei syn karriêre as muzikant libbe Barrett oan't syn dea as keunstskilder yn it âlderlik hûs yn Cambridge. Der waard in soad spekulearre oer de geastestastân fan Syd Barrett. In soad neamden him skizofreen, alhoewol't er net alle symptomen fertoande foar dizze oandwaning. De diagnoaze fan bipolêre steurnis waard ek neamd. Oare boarnen hâlde dan wer út dat Syd Barrett it syndroom fan Asperger hie. Barretts famylje hat lykwols nea gegevens frijjûn oer de psychyske tastân fan harren famyljelid dus dat bliuwt spekulaasje. Wol is der troch de famylje befêstige dat Barrett ea yn in priveeklinyk opnommen waard, mar sûnder dat dêr terapy of medisinen oan ferbûn wie. Syd Barret ferstoar op 7 july 2006 oan pankreäskanker.

DiskografyBewurkje

Studio-albumsBewurkje

Album Utbrocht op band Singles
The Piper at the Gates of Dawn 4 augustus 1967 Pink Floyd Flaming
A Saucerful of Secrets 29 juny 1968 Let There Be More Light
The Madcap Laughs 3 jannewaris 1970 Syd Barrett Octopus
Barrett 14 novimber 1970