Taan (kleur)
Taan is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in ljochtbrunige oant brún-oranjige kleur. Der bestiet gjin sekuere definysje fan taan, en sadwaande binne der ferskate tinten dy't dizze namme brûke. As wurd is taan fan Frânske oarsprong. It is bekender as in namme foar bedjer tsjingeande fervestof fan ferlykbere kleur. Yn 'e heraldyk is taan in heraldyske kleur dêr't ek wol de namme tenné foar brûkt wurdt, mar dy't net troch alle autoriteiten erkend wurdt.
taan | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #CD5700 | |
RGBª (r, g, b) | (192, 96, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 50, 100, 25) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Etymology
bewurkje seksjeIt wurd 'taan' komt fan it Aldfrânske tané, dat letterlik 'toud' betsjut, yn 'e sin fan it bewurke hawwen fan hûden ta lear yn 'e leartouwerij. Tané giet op syn beurt werom op it Latynske tannare ("touwe"), fan tannum, in beneaming foar de ferbrokkele skors fan ikebeammen dy't yn 'e leartouwerij brûkt wurdt of waard. Uteinlik is it wurd nei alle gedachten it Latyn ynkrongen út in Keltyske taal (ferlykje it Bretonske tann, dat "ikebeam" betsjut).
Kleurtechnyk
bewurkje seksjeBy additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is taan in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren read en grien. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.
Taantinten
bewurkje seksjeHjirûnder in stikmannich kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'taan':
taan | #CD5700 | |
baarnd oranje | #CC5500 | |
bjirketaanbrún | #A67B5B | |
bjirketaangriis | #958070 | |
bjirketaangriisbrún | #A87C6D | |
camel | #C19A6B | |
dûnkerliuwetaan | #826644 | |
dûnkerokertaan | #996515 | |
feal taan | #CC7F3B | |
foks | #E48400 | |
karamel | #CC7F3B | |
liuwetaan | #C19A6B | |
ljochtokertaan | #BE8A3D | |
ljochtsûkelarjebrún | #cc7f33 | |
oranjetaan | #CB6D51 | |
porttaangriis | #643A48 | |
porttaanread | #692545 | |
taangriisbrún | #A67B5B | |
taanbrún | #AE6938 | |
taangriisoliifbrún | #826644 | |
taanoliifgrien | #967117 | |
tan | #D2B48C | |
wyntaanbrún | #B4745E |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |