Taeke Triemstra
Taeke Triemstra (Ljouwert, 4 desimber 1982) is in keatser. Hy is de soan fan keatser Reinder Triemstra.
Taeke Triemstra | ||
Teake Triemstra tidens de PC 2012 | ||
Namme | Taeke Triemstra | |
Bertedatum | 4 desimber 1982 | |
Berteplak | Ljouwert | |
Sportive ynfo | ||
Sport | Keatsen | |
Funksje | foar-bêstopslagger | |
Earste titel | Freule 1999 | |
PC | 2000, 2001, 2002, 2003, 2004, 2005, 2006, 2007, 2008, 2009, 2010, 2011, 2012 | |
Ekstra | 2006 Kening PC |
Al by it Nederlânsk kampioenskip foar pupillen in 1993 kaam Taeke yn it nijs doe't er foar de keatsferiening ‘Het Noorden’ út Sint-Jabik de twadde priis wûn. Op de Freulepartij yn Wommels fan 1999 wûn hy mei Willem Veenstra en Douwe Hogenhuis de spannende finale. Triemstra waard op de PC fan 2000, as jongste dielnimmer, tredde mei syn partoer. In moanne letter wûn er syn earste haadpriis yn de hoofdklasse. Yn 2001 ferlear er de PC-finale. Hy wûn yn 2006 de PC mei Johan van der Meulen en Kor Zittema. Yn 2007 wûn er de PC nochris en yn 2008 waard er Nederlânsk kampioen. Yn 2010, mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger wûn er de earste priis yn it punteklassemint en kaam dêrmei op 359 punten. Op de PC fan 2011 wie it partoer wer de bêste.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |