Tall Ships' Races 2018

De Tall Ships' Races 2018 wie in ynternasjonaal sylsportbarren yn it ramt fan 'e jierlikse Tall Ships' Races, dat holden waard yn july en it begjin fan augustus 2018.[1] Dêrby waard op 'e Noardsee wedstrydsyld mei saneamde tallships (grutte sylskippen).[1] It evenemint waard organisearre troch Sail Training International (STI), in organisaasje dy't besiket om ynternasjonale freonskip oan te fiterjen en om jongerein ûnder de 25 jier yn 'e kunde komme te litten mei de see en mei it silen.[1] De finish fan 'e Tall Ships' Races 2018 lei (formeel) yn 'e Fryske stêd Harns, dêr't it publyk him yn 'e dagen nei de wedstryd fergapje koe oan 'e skippen dy't ôfmarre leine yn 'e haven fan Harns.[2] De festiviteiten yn Harns waarden organisearre troch de Stifting Sail Harns.

Tall Ships' Races 2018
plak en tiid
lân Ingelân
  Denemark
  Noarwegen
Nederlân
provinsje Fryslân (finish)
gemeente Harns (finish)
plak Harns (finish)
datum 30 july o/m 6 augustus 2018
evenemint Tall Ships' Races
edysje 61
bysûnderheden
gelegenheid LF2018
soarte evenemint sportevenemint (silen)
org. troch Sail Training International
Stifting Sail Harns
offisjele webside
www.thetallshipsracesharlingen2018.nl

Oan 'e Tall Ships' Races 2018 diene sechstich tallships mei,[3] mei oan board yn totaal 335 jongeren dy't it silen noch leare moasten.[4] It trajekt bestie út twa wedstrydetappes fan ferskate hûnderten seemilen, mei dêrtuskenyn in 'freonskipsfeart' dy't de skippen mei-inoar fearen. It evenemint gie yn july 2018 fan start yn 'e Noardingelske havenstêd Sunderland, dêr't wei wedstrydsyld waard nei it Deenske Esbjerg. De 'freonskipsfeart' brocht de dielnimmende skippen dêrnei fan Esbjerg nei Stavanger, yn Noarwegen.[1]

Op snein 29 july setten de tallships ôf út 'e haven fan Stavanger foar it twadde wedstrydtrajekt, dat harren nei Harns bringe soe.[4] De start fan dat trajekt soe eins dy jûns plakfine bewesten it eilân Kvitsøy,[1] mar de wyn wie spulbrekker en twong de organisaasje om 'e start te ferpleatsen nei moandeitemiddei by de fjoertoer fan Lindesnes, oan 'e súdpunt fan Noarwegen, 129 km súdliker as de oarspronklike start.[4] Hoewol't de gruttere skippen fan 'e A- en B-klasse dy tuskentiids ôf te lizzen ôfstân skoan oankoene, brocht dit beslút de lytsere skippen fan 'e C- en D-klasse yn 'e swierrichheden. Nei't de kapteins fan dy skippen beswier oantekene hiene, waard de start werombrocht nei de neite fan Stavanger.[4] Dêr waard ôfwacht oant de hurdste wyn foarby wie, wêrnei't de wedstryd om 18.28 oere op 'e jûn fan moandei 30 july einlings en te'n lêsten úteinsette koe.[5]

De finish fan it wedstrydsilen, dêr't formeel Harns foar oanmurken wie, lei eins op 'e iepen Noardsee benoarden de Fryske Waadeilannen, mei't de drokke skipfeartrûte benoarden Nederlân net yn wedstrydferbân krúst wurde koe.[3] It wie troch alle fertraging foar de start yn 't earstoan noch mar de fraach oft de skippen wol op 'e tiid wêze soene foar de plande ynfeart yn 'e haven fan Harns op freed 3 augustus,[3] mar dat foel ta. Op freedtemiddei arrivearre de float fan tallships yn Harns,[6] dêr't se allegear, al of net mei help fan loadsen, in plak tawiisd krigen yn 'e Willemshaven, It Dokje en de Suderhaven.[3] Se hiene doe fan Stavanger ôf 348 seemyl oftewol 645 km ôflein.[3]

Rûzje mei Ruslân

bewurkje seksje

In lytse domper op 'e festiviteiten yn Harns wie dat de beide aldergrutste noch farrende tallships, de Russyske Sedov en Krûzenstjern, nei de finish op 'e Noardsee fan hegerhân opdracht krigen om Harns te mijen.[7][8] Hja setten dêrom koerts nei it Eastfryske Emden, dêr't se weistoppe waarden yn in yndustryhaven oan 'e Südkai.[9] Yn in ferklearring lei de Russyske ambassade yn De Haach de skuld fan dit ynsidint folslein by de Nederlânske oerheid, dy't kulturele gearwurking ûnmooglik makke hawwe soe troch Ruslân oanspraaklik te stellen foar it delsjitten fan flecht MH17 (mei in Boeing 777) boppe de Oekraïne, yn 2014.[8]

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns liet him yn 'e Ljouwerter Krante lulk út oer dizze gong fan saken.[7][10] Ek STI, de organisaasje efter de Tall Ships' Races, beskôge it Russyske hâlden en dragen as "net akseptabel". It lêste wurd wie der dan ek noch net oer sein.[10] Nuver genôch wie in oar Russysk tallship, de Mir, wol fan 'e partij yn Harns.[7] Mooglik dat dat dermei te krijen hie dat de Sedov en de Krûzenstjern yn 'e hannen wiene fan deselde eigner, wylst de Mir oan in oare organisaasje tahearde, sa waard oppenearre yn 'e Ljouwerter Krante.[9] Behalven de Sedov en de Krûzenstjern wie der noch in trêde Russysk skip dat opdracht krigen hie om Harns te mijen: de folle lytsere, 14 m lange Akela. Dat skip wiek út nei it Dútske Cuxhaven, mar de bemanning hierde dêr in auto en ried dochs nei Harns om diel te nimmen oan 'e festiviteiten dêre.[10]

Festiviteiten yn Harns

bewurkje seksje

By de oankomst yn Harns, op 'e middei fan freed 3 augustus, waarden de tallships se ferwolkomme in publyk fan tûzenen minsken, foar in grut part mei kamera's en fototastellen yn 'e oanslach, dat him sammele hie op 'e Suderpier.[6] De Fryske havenstêd stie dêrnei in wykein lang bol fan 'e aktiviteiten, mei as hichtepunten in fjoerwurkshow op 'e freedtejûn en de saneamde Crew Parade, in feestlike optocht fan 'e bemannings fan 'e tallships troch de Harnzer binnenstêd, op 'e sneontemiddei.[3] Fierders koe men fansels de ûnderskate tallships besichtigje en wiene der optredens fan û.m. The Klik, The Cool Quest en ferskate shantykoaren.[11] Ek Elske DeWall, Ali B, Dilana en Cindy Oudshoorn treden op ûnder it evenemint.[1]

Der wie in reuzerêd opset yn 'e Harnzer binnenstêd, dy't in treflik útsjoch bea op 'e tallships yn 'e haven en dêrnjonken wie der in ferskaat oan iterij en strjitteäter beskikber.[11] Boppedat waard it barren kombinearre mei ferskate oare ûnderdielen fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, lykas de Taalkarafaan fan it ûnderdiel Lân fan Taal, dy't yn dit wykein Harns oandie,[3] en it ûnderdiel The Sea! The Sea!, wêrby't poëzij oer de see yn 'e foarm fan foardrachten mank it publyk te'n gehoare brocht waard.[12]

Guon fêste programma-ûnderdielen fan 'e Tall Ships' Races ferrûnen yn Harns wat oars as oars. Sa waard it besletten Captains' Dinner, wêrby't de kapteins fan alle tallships op 'e sneintejûn oansieten, yn Harns yn in folle ynformeler jaske getten troch der in rinnend buffet fan te meitsjen.[13] Neffens Jan Arends, fan 'e organisearjende Stifting Sail Harns, sieten dy kapteins hielendal net te wachtsjen op in stiif barren "mei tafelskikking en wite lekkens en sa," mar woene se krekt yn in ûntspande sfear mei-inoar yn 'e kunde komme. Ek de fertsjintwurdigers fan Sail Training International, dy't earst skeptysk foar de Harnzer plannen op dit mêd oer stien hiene, makken neitiid oan Arends harren kompliminten.[13]

De útfeart fan 'e skippen út 'e haven fan Harns, de saneamde Sail Out, op moandei 6 augustus, foarme de ein fan 'e Tall Ships' Races 2018. Dat barren waard krekt as de ynfeart besocht troch in publyk fan tûzenen minsken.[11][13] It fuortbliuwen fan 'e trije Russyske skippen wie spitich, neffens boargemaster Sluiter. Mar it Russyske besykjen om sa it feest yn Harns te ferpesten, mislearre neffens him jammerdearlik.[13] Foarôf waarden der by de Tall Ships' Races 300.000 belangstellenden ferwachte,[14] mar it waarden der úteinlik 335.000.[15] Dat wie rom 100.000 minsken mear as doe't de Tall Ships' Races 2014 yn Harns fan start giene; op dat evenemint kamen doe 225.000 minsken ôf.[13] Dy joegen mei-inoar yn totaal 12,5 miljoen út by Harnzer ûndernimmers. Ek de gemeente, dy't €500.000 yn it evenemint stoppe hie, krige in beskieden bedrach fan €40.000 werom.[16]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Ynformaasje fan 'e eigen webside fan 'e Tall Ships' Races 2018.
  2. Ynformaasje oer de Tall Ships' Races 2018 op 'e webside fan LF2018.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 Vlies, Marscha van der, Tallships wacht matige wind en koelte op weg naar Harlingen, yn: de Ljouwerter Krante, 28 july 2018, s. 2.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 Vlies, Marscha van der, Weer spelbreker bij Tall Ships' Races, yn: de Ljouwerter Krante, 30 july 2018, s. 3.
  5. Vlies, Marscha van der, Eindelijk los met een weeïg gevoel in de buik, yn: de Ljouwerter Krante, 31 july 2018, s. 2.
  6. 6,0 6,1 Vlies, Marscha van der, Grootscheeps welkom, yn: de Ljouwerter Krante, 4 augustus 2018, s. 1.
  7. 7,0 7,1 7,2 Pennewaard, Wiebe, Russische schepen krijgen opdracht Harlingen te mijden, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 1.
  8. 8,0 8,1 Westrheenen, Saskia van, Rusland: tallships weg om politiek conflict, yn: de Ljouwerter Krante, 4 augustus 2018, s. 1.
  9. 9,0 9,1 Pennewaard, Wiebe, Russische blikvangers weggestopt, yn: de Ljouwerter Krante, 4 augustus 2018, s. 3.
  10. 10,0 10,1 10,2 Vlies, Marscha van der, Verbannen Russen in Harlingen, yn: de Ljouwerter Krante, 6 augustus 2018, s. 3.
  11. 11,0 11,1 11,2 ――, Tall Ships uitgezwaaid na vier dagen feest, yn: de Frjentsjerter Krante, 8 augustus 2018, s. 1.
  12. Ynformaasje oer The Sea! The Sea! op 'e webside fan LF2018.
  13. 13,0 13,1 13,2 13,3 13,4 Altena, Stef, Races en Harlingen blijven verliefd, yn: de Ljouwerter Krante, 7 augustus 2018, s. 3.
  14. Altena, Stef en Grosso, Maria del, Vaste vrijwilligers redden de grote evenementen, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 23.
  15. ――, Tall Ships Harlingen trekken 335.000 bezoekers, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2018, s. 27.
  16. Pennewaard, Koen, Stappers redden Tall Ships Races, yn: de Ljouwerter Krante, 19 oktober 2018, s. 25.