Koweblomke

(Trochferwiisd fan Teeblom)

It koweblomke (Bellis perennis) is in lytse oerbliuwende plant dy't maksimaal 15 sintimeter heech wurdt. De blêden steane allegear yn in woartelrozet en binne spatelfoarmich. De bledrâne is kartele. Oan 'e ein fan de blomstâle stiet ien blomke. Dat is maksimaal 2,5 sm grut en bestiet út in hert fan giele buisblommen, mei in krânse fan wite straalblommen. Salang it net friest, kinne se it hiele jier troch bloeie. Koweblomkes wurde ek wol Finneblom, Finneblomke, Fintsjeblom, Lamkeblom, Teeblom, Túnblom of Túntsjeblom neamd.
Koweblomkes wurde ek brûkt foar de siertún. Dit binne kultivars mei grutte blommen.

koweblomke
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift hynsteblomeftigen (Asterales)
famylje hynsteblommen (Asteraceae)
skaai koweblomkes (Bellis)
soarte
Bellis perennis
Linnaeus, 1753

Fuortplanting en fersprieding

bewurkje seksje

Koweblomkes plantsje harren ûngeslachtlik fuort trochdat yn de oksels fan de blêden sydstâlen ûntstean dy't útgroeie ta in nij rozet. Dy stâltsjes wurde net sa lang, wêrtroch't koweblomkes tichte matten foarmje kinne. De plant plantet him ek mei siedden fuort.

 
De hiele plant

It Koweblomke komt fan oarsprong allinnich foar yn Jeropa en Súdwest-Aazje, mar hat him ek yn oare dielen fan de wrâld ferspriede, lykas Noard- en Súd-Amearika. Yn hiel Jeropa is er algemien. Yn Grut-Brittanje skynt hy efterút gean troch in skimmelynfeksje.

Koweblomkes hawwe in symboalyske betsjutting. Se jilde as symboal foar keinens en dêrmei gearhingjend foar Maria. Se wurde faak troch bern plukt dy't der dan in keatling fan meitsje.

Ekologyske betsjutting

bewurkje seksje

De plant komt in soad foar yn gerslannen. Benammen op hiemen stean gauris koweblomkes. Eigeners tinke hjir hiel ferskillend oer. Guon fine dat der allinnich mar gers stean mei en bestride se. Oaren genietsje fan it fleurige oansjen dy't it hiem krijt troch al dy blomkes en de wille dy't bern der fan ha. It Koweblomke groeit ek in soad yn berms en yn gerslân, dat dan foar hjoeddeiske begripen wol ekstensyf beheard wurde moat.