De Hoarne

(Trochferwiisd fan Terhernster Mar)

De Hoarne (offisjeel Frysk) is in mar yn de gemeente De Fryske Marren, oan de noardwestkant fan Terherne.

Kaartsje mei de wetternammen tusken Snits, De Jouwer en Akkrum

De Hoarne wie oarspronklik de noardeastpunt fan de Snitser Mar, mar by de oanlis fan de Terhernster slûzen waarden dy fier genôch nei it westen lein dat Terherne ek beskerme waard. It gefolch dêrfan wie dat in punt fan de Snitser Mar ta in aparte mar waard.

Nei it noarden jout de Tersoalster Sylroede ferbining mei de Krúsbrekken. It Prinses Margrietkanaal komt út it noardeasten út de Nije Wjittering en rint dan nei it westen troch de Terhernster slûzen de Snitser Mar yn. De Nije Sânsleat jout nei it súdeasten ferbining bûten Terherne om mei de Terhernster Puollen, wylst de Alde Sânsleat súdliker en mear troch it doarp rint, mar al op itselde punt by de Terhernster Puollen útkomt. Nei it suden leit De Herne, de jachthaven fan Terherne.

De namme De Hoarne jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Terhornstermeer. Fanwege dy âldere namme hiet de mar ek wol fan Terhernster Mar.