The Dresden Files (romansearje)

The Dresden Files is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jim Butcher, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. De titel betsjut: "De Dresden-dossiers". De rige, dy't yn it ik-perspektyf skreaun is, giet oer de ûndersiken yn 'e wrâld fan it boppenatuerlike troch de tsjoender en privee-detektive Harry Dresden út Chicago. De earste roman, Storm Front, waard yn 2000 publisearre by de Amerikaanske útjouwerij Roc Books, dat de oarspronklike útjouwer fan 'e rige is. Anno 2019 bestie de searje út fyftjin romans en trije ferhalebondels. Dielen fan 'e rige binne adaptearre ta grafyske romans, en yn 2007 waard op basis fan 'e earste romans in tillefyzjesearje makke, dy't ek The Dresden Files hiet.

The Dresden Files
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy (urban fantasy)
1e publikaasje 2000 – no
oarspr. útjwr. Roc Books

Yn 'e wrâld fan The Dresden Files besteane alderhanne boppenatuerlike dingen, lykas tsjoenderij, fampieren, demoanen, spûken, ierdgeasten, wearwolven, ingels, ensfh. De oergrutte mearderheid fan 'e minsken hat der lykwols alhiel gjin aan fan wat yn 'e skaden fan 'e maatskippij om en ta giet. Tsjoenders, lykas Harry Dresden, binne feriene yn 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't behalven boppenatuerlike ek in oansjenlik ekonomyske macht útoefenet. Wat oarsoartige wêzens oanbelanget, dy hawwe harren eigen sosjale regels en politike organisaasjes. Sa kinne ierdgeasten behearre ta it Simmerhôf of ta it Winterhôf of ta net ien fan beiden, wylst der fjouwer ûnderskate soarten fampieren besteane, dy't allegear in eigen hierargy hawwe en dêropta fjouwer ferskillende soarten wearwolven.

Harry Dresden, dy't yn Chicago wennet, wurket as wrâlds iennichste 'riejaande tsjoender' en akseptearret yn dy hoedanichheid it ûndersyk nei boppenatuerlike saken fan sawol minsklike as net-minsklike klanten. Ek wurket er frij geregeldwei gear mei de Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Geandewei de romanrige rekket Dresden yn almar wichtiger saken behelle, mei as gefolch dat er in hieltyd foaroansteander plak yn 'e boppenatuerlike wrâld komt yn te nimmen. Om't hege beammen no ienris in protte wyn fange, liedt dat der oanhâldend ta dat der noch wer gruttere swierrichheden op syn paad komme. Dêrtroch wurdt it hieltyd dreger om as wurkjend tsjoender en privee-detektive syn brea te fertsjinjen, wylst it ek almar nuodliker gefolgen hat foar syn freonen en famyljeleden.

Personaazjes

bewurkje seksje
haadpersoanen

Publikaasjeskiednis

bewurkje seksje

Auteur Jim Butcher besleat om skriuwer te wurden doe't er njoggentjin jier wie. Hy skreau doe trije romans dy't ta it fantasysjenre hearden en ien dy't er omskreau as 'boppenatuerlik'. Alle fjouwer wiene, sa fertelde er letter yn in fraachpetear, "ferskriklik". Yn 1996 joech er him op foar in oplieding kreätyf skriuwen, dêr't er fertelde dat er in protte aardichheid hie oan 'e Anita Blake: Vampire Hunter-searje fan Laurell K. Hamilton. De dosinte, skriuwster Deborah Chester, fitere him doe oan om ynstee fan hege fantasy, dêr't er him oant doe ta op talein hie, in roman te skriuwen fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dêr't ek de Anita Blake-rige ta hearde. Yn 't earstoan fersette Butcher him dêrtsjin, oant er besleat om Chester har ynstruksjes nei de letter op te folgjen, mei as doel om har te bewizen dat it resultaat weardeleas wêze soe. Sa skreau er datselde semester noch syn earste urban fantasy-roman. Dat waard Storm Front, it earste diel fan The Dresden Files.

It boek, mei as oarspronklike wurktitel Semiautomagic (in wurdboarterij op semiautomatic ("semy-automatysk gewear") en magic ("tsjoenderij"), wie neffens Chester it útjaan wurdich. Sadwaande begûn Butcher om te sjen nei in útjouwer. De earste trije jier woe dat lykwols net slagje, en yn dy snuorje skreau er it twadde diel yn 'e rige, Fool Moon, en rekke er al in aardich ein op slach mei diel trije, Grave Peril. Hy besleat úteinlings om him te konsintrearjen op it oanskriuwen fan literêr aginten dy't al earder urban fantasy-romans publisearre krigen hiene. Sadwaande rjochte er him as earste op Ricia Mainhardt, de aginte fan Laurell Hamilton. Hy stjoerde har it manuskript fan Storm Front ta, mar dat waard ôfwiisd. Butcher joech it net op en socht op in fantasykonvinsje kontakt mei Hamilton, dy't him útnûge foar in lunch mei Mainhardt en in twadde literêr aginte, Jennifer Jackson. Under dy moeting wist Butcher Mainhardt te bepraten, sadat se deryn tastimde om him te fertsjintwurdigjen. In healjier letter waard The Dresden Files oankocht troch Roc Books, in ymprint fan Penguin.

It earste diel fan The Dresden Files, Storm Front, waard op 1 april 2000 publisearre as paperback. De beide folgjende dielen, Fool Moon en Grave Peril, kamen koarte tiid letter út, yn jannewaris, resp. septimber 2001, ek yn paperbackfoarm. Lettere dielen waarden publisearre mei tuskenskoften fan likernôch in jier. Fanôf diel sân, Dead Beat, ferskynden de boeken earst as hardcoveredysje. Diel fyftjin, Skin Game, dat nominearre waard foar de prestizjeuze Hugo Award foar bêste roman, kaam út yn 2014, wêrnei't Butcher in stikmannich jierren lins naam foar oare projekten. Anno 2018 waard bekendmakke dat Butcher plannen hat om The Dresden Files noch út te wreidzjen mei likernôch tweintich boeken, mei dêropta in "grutte apokalyptyske trilogy" as klimaks.

Yn 2005 kocht útjouwerij Orbit Books The Dresden Files oan foar in Jeropeeske (Britske) útjefte. Dêrnei joech Orbit twa boeken de moanne út oant se Butcher byhelle hiene. De earste njoggen dielen fan 'e romanrige waarden fan 2005 oant 2008 ek yn fjouwer omnibusedysjes útjûn troch de Science Fiction Book Club. Fan 'e earste trije dielen ferskynden Nederlânsktalige oersettings by De Vliegende Hollander.

Fierders binne alle dielen fan The Dresden Files, ynkl. de ferhalebondel Side Jobs, útbrocht as lústerboek. De lústerboekedysjes fan 'e earste fjouwer dielen waarden produsearre troch Buzzy Multimedia Publishing, mar fanôf it fyfde diel, Death Masks, binne it útjeften fan Penguin Audio. Alle lústerboeken útsein diel trettjin, Ghost Story, waarden ynsprutsen troch James Marsters. Dyselde moast yn 2011 lykwols by Ghost Story ferstek gean litte om't er oare ferplichtings hie. Sadwaande waard it lústerboek fan dat diel ynsprutsen troch John Glover. Neitiid waard der yn april 2015 likegoed noch in lústerboekferzje fan Ghost Story ynsprutsen troch Marsters.

romans
omnibusedysjes
  • 2005 – Wizard for Hire (omfettet Storm Front, Fool Moon en Grave Peril)
  • 2006 – Wizard by Trade (omfettet Summer Knight en Death Masks)
  • 2007 – Wizard at Large (omfettet Blood Rites en Dead Beat)
  • 2008 – Wizard Under Fire (omfettet Proven Guilty en White Night)
koarte fiksje

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar
2009 Hugo Award nominearre bêste grafyske ferhaal Welcome to the Jungle
2015 Hugo Award nominearre bêste roman Skin Game

Tillefyzjesearje

bewurkje seksje

Yn 2006 waard The Dresden Files adaptearre ta in tillefyzjesearje, dy't ek The Dresden Files hiet. Dêrfan waard op 21 jannewaris 2007 de earste ôflevering útstjoerd op it Amerikaanske Sci Fi Channel. De rol fan Harry Dresden waard spile troch akteur Paul Blackthorne. Foar de tillefyzjesearje wie de eftergrûn fan Harry op ferskate manearen oanpast. Om't de sjochsifers ôffoelen, waard de searje yn augustus 2007 stopset. Fans krewearren noch jierrenlang om 'e searje werom op 'e tillefyzje te bringen.

Grafyske romans

bewurkje seksje

Yn oktober 2007 makke Jim Butcher op syn webside bekend dat er yn see gie mei Dabel Brothers Productions om in rige grafyske romans te skriuwen op basis fan The Dresden Files. Hy wie dêr sels aktyf by belutsen, sawol wat de tekst oangie as op it mêd fan it ferlienen fan goedkarring oan 'e manear fan it tekenjen fan 'e haadpersoanen. De fjouwerdielige rige Welcome to the Jungle, tekene troch Ardian Syaf, waard yn 2008 útjûn as prequel fan Storm Front. Yn oktober fan dat jier waard dy rige yn ien bân útjûn. Welcome to the Jungle waard yn 2009 nominearre foar de Hugo Award yn de kategory 'bêste grafyske ferhaal'.

Nei Welcome to the Jungle ferskynden as grafyske romans: Storm Front (yn 2 dielen), Fool Moon (yn 2 dielen) en dêrnei in oantal oarspronklike grafyske ferhalen: Ghoul, Goblin, War Cry, Down Town, Wild Card en Dog Men. Tusken it earste en twadde diel fan Storm Front yn gie de rige oer yn oare hannen, fan Dabel Brothers op Dynamite Entertainment. Dat soarge foar in gat fan twa jier tusken dy beide albums yn. Ardian Syaf gie by it projekt wei om foar DC Comics te wurkjen, en Brett Booth makke Storm Front ôf. Neitiid wiene ferskate striptekeners by it projekt belutsen.

  • 2008 – Welcome to the Jungle (tekene troch Ardyan Syaf; oarspr. útjûn as in fjouwerdielige rige, yn okt. 2008 yn ien bân ferskynd by Dabel Brothers Entertainment; prequel fan Storm Front)
  • 2009 – Storm Front, Volume 1: The Gathering Storm (tekene troch Ardyan Syaf; útjûn troch Dabel Brothers Entertainment; ferstripping fan 'e earste helte fan Storm Front, ynkl. in ferstripping fan it koarte ferhaal A Restoration of Faith)
  • 2011 – Storm Front, Volume 2: Maelstrom (tekene troch Ardyan Syaf en Brett Booth; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e twadde helte fan Storm Front)
  • 2011 – Fool Moon, Volume 1 (tekene troch Chase Conley; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e earste helte fan Fool Moon)
  • 2012 – Fool Moon, Volume 2 (tekene troch Chase Conley; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e twadde helte fan Fool Moon)
  • 2013 – Ghoul, Goblin (tekene troch Joseph Cooper; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken Fool Moon en Grave Peril yn)
  • 2014 – War Cry (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak nei Dead Beat)
  • 2015 – Down Town (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak nei White Night en foàr it koarte ferhaal It's My Birthday, Too)
  • 2016 – Wild Card (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken Small Favor en Turn Coat yn)
  • 2017 – Dog Men (tekene troch Diego Galindo; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken tusken Small Favor en Turn Coat yn)

Roleplaying game

bewurkje seksje

Fan The Dresden Files is ek in roleplaying game útjûn, yn 'e foarm fan in boerdspul, mei as namme The Dresden Files Roleplaying Game. It spul waard ûntwikkele troch Evil Hat Productions yn gearwurking mei Jim Butcher, en kaam yn juny 2010 op 'e merk. It is in boerdspul wêrby't de spilers in wiid ferskaat oan personaazjes út The Dresden Files spylje kinne, fan tsjoender Harry Dresden sels, syn learlinge Molly Carpenter en syn healbroer, de wite fampier Thomas Raith, oant plysje Karrin Murphy en gangster "Gentleman Johnny" Marcone. Dêrfoar moat men earst wol trije boeken troch: Volume One: Your Story, dêr't de spulregels yn steane, Volume Two: Our World, dêr't in yngeande eftergrûn fan 'e wrâld fan The Dresden Files yn jûn wurdt, en Volume Three: Paranet Papers, dat fierder útwreidet oer sawol de regels as de wrâld, yn 't bysûnder oangeande de ferzje fan Las Vegas yn The Dresden Files. De roleplaying game waard tige goed ûntfongen en wûn prizen by de Origins Awards, de Golden Geek Awards en de ENnies. Evil Hat Productions hat ek besocht in live action roleplaying game fan The Dresden Files te ûntwikkeljen, mar dêr besleat men yn 'e testfaze fan ôf te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
romans
omnibusedysjes
  • Butcher, Jim, Wizard for Hire (omnibus, diel 1-3), New York, 2005 (Science Fiction Book Club), ISBN 0 73 94 51 936.
  • Butcher, Jim, Wizard by Trade (omnibus, diel 4-5), New York, 2006 (Science Fiction Book Club), ISBN 0 73 94 65 813.
  • Butcher, Jim, Wizard at Large (omnibus, diel 6-7), New York, 2006 (Science Fiction Book Club), ISBN 0 73 94 76 580.
  • Butcher, Jim, Wizard Under Fire (omnibus, diel 8-9), New York, 2007 (Science Fiction Book Club), ISBN 0 73 94 83 44 7.
ferhalebondels
  • Butcher, Jim, Side Jobs (ferhalebondel mei 11 koarte ferhalen), New York, 2010 (Roc Books), ISBN 0 45 14 63 65X (boek), ISBN 0 14 24 28 264 (lústerboek).
  • Butcher, Jim, Working for Bigfoot (ferhalebondel mei 3 koarte ferhalen), New York, 2015 (Subterranean Press), ISBN 1 59 60 67 306.
  • Butcher, Jim, Brief Cases (ferhalebondel mei 12 koarte ferhalen), New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases