The General's Daughter (film)

film út 1999 fan Simon West

The General's Daughter is in Amerikaanske detektiveskriller út 1999 ûnder rezjy fan Simon West, mei yn 'e haadrollen John Travolta en Madeleine Stowe. De titel betsjut "De Generaalsdochter". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan skriuwer Nelson DeMille. It ferhaal giet oer de riedselige dea fan in froulike legerkaptein, de dochter fan in foaroansteand generaal dy't op it punt stiet om ôf te swaaien en in politike karriêre te begjinnen, mooglik troch him kandidaat te stellen foar it Amerikaanske fise-presidintskip. Hoewol't The General's Daughter yn 'e Feriene Steaten fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes krige, mooglik om't it gefoelige tema fan ferkrêfting yn it leger deryn oansnien waard, wie de film in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

The General's Daughter
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Simon West
produsint Mace Neufeld
senario Christopher Bertolini
William Goldman
basearre op de roman fan Nelson DeMille
kamerarezjy Peter Menzies jr.
muzyk Carter Burwell
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen John Travolta
Madeleine Stowe
byrollen James Cromwell
Timothy Hutton
Leslie Stefanson
Clarence Williams III
James Woods
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 juny 1999
foarm langspylfilm
sjenre detektiveskriller
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $95 miljoen
opbringst $149,7 miljoen

Plot bewurkje seksje

Paul Brenner, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch dy't no wurket foar it Krimineel Undersykskommando fan it Amerikaanske Leger (U.S. Army CIC; sis mar de resjerzje fan it Amerikaanske Leger), is undercover op in legerbasis yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Georgia, dêr't er de yllegale ferkeap fan legerwapens ûndersiket. Op in stuit kriget er in lekke bân wylst er gjin ark by him hat om 'e bân te ferwikseljen. Dan wurdt er holpen troch in froulike legerkaptein dy't dêr tafallich foarbykomt en him oan 'e kant fan 'e dyk stean sjocht.

Twa jûnen dêrnei, as Brenner krekt syn ûndersyk ôfrûne hat en fuort sil, wurdt er derby roppen as der op it terrein fan 'e legerbasis it lyk fan in neakene frou fûn wurdt, mei de earms en skonken wiidút spraat en fêstbûn oan fjouwer yn 'e grûn dreaune tinthjerrings. It is deselde kaptein dy't him mei syn lekke bân holpen hat, en hja blykt Elizabeth Campbell te wêzen, in ofsier fan 'e ôfdieling Psychologyske Operaasjes (Psy Ops), en de dochter fan luitenant-generaal Joseph Campbell, byneamd "Fighting Joe", in withoe foaroansteande en tige populêre oarlochsheld, ûnder wa't Brenner noch yn Fjetnam tsjinne hat. Campbell, dy't de kommandant fan dizze legerbasis is, stiet op it punt om ôf te swaaien út 'e lânmacht en de polityk yn te gean, mooglik as fise-presidintskandidaat, en der wurdt suggerearre dat er sa'n ûnbesmodzge reputaasje hat dat er grutte kâns makket om foar dat hege amt frege te wurden.

Op it plak delikt moetet Brenner syn partner foar dit ûndersyk, dat syn kollega by it CIC Sara Sunhill blykt te wêzen. Mei har hat er yn it ferline in relaasje hân doe't se allebeide op it NATO-haadkertier yn Brussel stasjonearre wiene. Teffens is op it plak delikt kolonel William Kent oanwêzich, it haad fan 'e militêre plysje fan 'e basis, mei wa't Brenner en Sunhill gearwurkje moatte. Kaptein Campbell is smoard en, nei't it earst liket, ek ferkrêfte, al docht letter bliken dat it om in skynferkrêfting giet. Koarte tiid letter hat Brenner in moeting mei generaal Campbell en dy syn adjudant, kolonel George Fowler. Dêrby ûnthjit er de heit fan it slachtoffer dat er alles yn syn macht dwaan sil om 'e dieder of dieders te efterheljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Brenner en Sunhill de oare moarns kaptein Campbell har wente bûten it terrein fan 'e basis trochsykje, fine se dêr op it earste each alles sa't it heard te wêzen. Mar dan ûntdekke se in ferburgen doar yn 'e kelder, dy't tagong jout ta wat faaks it bêste omskreaun wurde kin as in S.M.-tsjerker, mei hânboeiens, maskers, swipen, alderlei seksboartersguod en in kamera om 'e aktiviteiten dêr op te nimmen. Wylst Sunhill út harren auto wei in tillefoantsje docht, siket Brenner de VHS-fideobannen byinoar. Mar ear't er dêrmei klear is, wurdt er oanfallen troch in maskere ynkringer dy't him in terwinkel mei in skeppe jout, en him op dy manear langernôch bûten gefjocht stelt om mei de fideobannen útnaaie te kinnen.

Neitiid ûnderfreget Brenner kolonel Robert Moore, in psychiater dy't ek op 'e ôfdieling Psychologyske Operaasjes wurket en dy't kaptein Campbell tige nei wie. Hoewol't er Brenner freonlik te wurd stiet, bliuwt Moore ôfhâldich en jout er as aliby dat er om 'e tiid fan 'e moard op Campbell hinne op bêd lei en sliepte. As letter lykwols Moore syn fingerprinten oantroffen wurde op Campbell har identiteitsplaatsjes, dy't mei har klean yn in jiskepûde op in sideplak deunby it plak delikt weromfûn binne, docht bliken dat er Brenner foarliigd hat. Dêrop arrestearret Brenner Moore en set him finzen yn it tichthûs fan 'e basis. Letter wurdt er troch in misferstân ûnder ferantwurdlikheid fan kolonel Kent frijlitten en ûnder hûsarrest pleatst. As Brenner dat útfynt en mei Sunhill en Kent nei Moore syn hûs ta giet om him fannijs op te pakken, fine se him dêr dea troch wat selsmoard liket te wêzen.

Kolonel Fowler, de adjudant fan generaal Campbell, besiket dêrop om it near te lizzen op fierder ûndersyk, mei't neffens him Moore dúdlik de dieder wie en de man himsels no fan kant makke hat om't de skuldgefoelens him oermânsk waarden. Brenner makket Fowler lykwols dúdlik dat de saak iepen bliuwe sil oant hy befredigjende antwurden hat en dat Fowler him better by syn eigen saken hâlde kin, mei't it alderraarst is hoe'n soadsje oft it wol net is op dizze basis. Troch in oanfal op Sunhill, dy't lykwols mei in skamper ôfrint, komme Brenner en sysels fierdere saakjes oan 'e weet dy't it deiljocht net ferdrage kinne, mei't de jonge kaptein Jake Elby, dy't ferantwurdlik is foar de oanfal, út 'e doeken docht dat kaptein Campbell mei hast it hiele ofsierskorps fan 'e basis op bêd west hie, om't se, sa't se sels sei, in psychologyske oarloch tsjin har heit fierde.

As in ûnbekende efterholden dielen fan kaptein Campbell har medysk dossier yn Brenner syn auto efterlit, komt oan it ljocht dat Campbell op 'e Amerikaanske Militêre Akademy fan West Point yn har earste twa jier ien fan 'e bêsten út har lichting wie, mar dat se fan har trêde jier ôf mar kwealk meikomme koe en úteinlik mar mei de hakken oer sleat slagge. Brenner en Sunhill bringe dêrop in besyk oan 'e âlde kolonel Donald Slesinger, ien fan 'e psychiaters op West Point, dy't se treffe as er yn in kas planten oan it snoeien is. As dy heart dat kaptein Campbell fermoarde is, omsylt er op twifelige wize syn beropsgeheim om Brenner en Sunhill út te lizzen dat Campbell ûnder in grutskalige nachtlike legeroefening oan 'e ein fan har twadde jier, wêrby't se de rest fan har groep kwytrekke en op in stuit allinnich oer it sabeare slachfjild omdoarme, it slachtoffer waard fan in groepsferkrêfting. De dieders wiene seis manlike kadetten dy't ûnwerkenber makke wiene troch harren kamûflaazjesmink, en dy't har de hiele nacht mishannelen en misbrûkten, oant se har tsjin it lemieren suver foar dea efterlieten, neaken en mei de hannen en fuotten wiidút spraat en fêstbûn oan yn 'e grûn dreaune tinthjerrings — frijwol persiis deselde hâlding wêryn't se fûn is op it plak delikt.

Einlings en te'n lêsten waard se ûntdutsen en nei it sikehûs ta brocht, mar Slesinger seit dat hy der te let by helle waard; tsjin dy tiid hie se alles al djip weistoppe, en hy koe har net helpe. Wat de dieders oangie, Campbell wist net wa't dat wiene, en oan 'e oefening diene tûzenen manskippen mei. Mar letter kaam der in oare kadet by Slesinger, dy't lêst hie fan wroege (sij it net sasear dat er himsels oanjaan woe). Miskien, seit Slesinger, hat er wol in namme oan Campbell har dossier tafoege, dat soed er sa net mear sizze kinne, hy is ommers net sa skerp mear as foarhinne. Dêrom bewarret er de kaai fan syn kantoar ek ûnder de matte, dan kin er dy net kwytreitsje. Mar hy kin syn beropsgeheim fansels net skeine, en boppedat, hy is hjir noch wol in skoftke mei syn planten dwaande. Brenner en Sunhill witte genôch en nei't se de namme út it dossier opfandele hawwe, spoart Sunhill de dieder mei wroege, in kaptein Bransford handich op en wit him mei in mûklist in bekentenis te ûntlokjen, mei dêropta in list mei de nammen fan syn maten.

Werom yn Georgia bringt Brenner in besyk oan kaptein Goodson, mei wa't er yn 'e kunde kommen is as kolonel Moore syn abbekaat. Brenner fermoedet lykwols dat Goodson en Moore temûk in homoseksuele relaasje hiene (homo's en lesbiënnes meie pas sûnt 2011 iepentlik yn 'e Amerikaanske Striidkrêften tsjinje). Hy fermoedet ek dat it Goodson wie dy't kaptein Campbell har medysk dossier yn syn auto lein hat. Nei't Brenner him derfan oertsjûge hat dat er der gjin inkel belang by hat om him te ferfolgjen foar syn seksuele oriïntaasje, befêstiget Goodson dat. Hy leit ek út wat der de jûns fan Campbell har dea fan Moore syn eachpunt út bard is. No't har heit op it punt stie ôf te swaaien, wie Elizabeth Campbell wisberet om him foar iens en foar altyd mei it ferline te konfrontearjen, en Moore koe it har net ûntprate. Dat hy holp har om 'e groepsferkrêftingssêne sa sekuer mooglik te rekreëarjen, bûn har fêst, brocht har klean en identiteitsplaatsjes fuort en gie nei hûs. En doe belle er generaal Campbell op om it kassettebantsje mei it boadskip fan syn dochter foar him ôf te spyljen.

De ûndersikers geane dan nei de generaal ta, dy't Slesingers syn ferhaal oer de groepsferkrêfting befêstiget. Neitiid harke Campbell, dy't halje-trawalje weromkommen wie út Dútslân, nei de rie fan syn freonen en mei-generaals, dy't him wysmakken dat de dieders nea pakt wurde soene. Se skúnden him ek yn dat it skandaal dat ûntstean soe as de hiele ellindige brot bekend waard, de Militêre Akademy stikken meitsje soe en de takomst fan froulju yn it leger slim skansearje soe, om oer generaal Campbell syn eigen politike ambysjes mar te swijen. Dêrop besleat Campbell om 'e hiele saak mar yn 'e dôfpôt te stopjen en fertelde er syn dochter Elizabeth dat se it oerlibbe hie, en dat se it no ferjitte moast. Dat ferrie fan har heit (in foarm fan victim blaming) wie foar Elizabeth tige traumatisearjend. Sadwaande koe se har besiking nea goed ferwurkje, wat wierskynlik wer oan 'e grûn lei fan har gewelddiedige seksuele praktiken. Brenner presintearret dan oan 'e generaal in listke mei de nammen fan 'e seis dieders fan 'e groepsferkrêfting, dy't Sunhill mei minimale muoite opspoard hat, en fertelt Campbell koelwei dat de mannen allegearre minimaal tweintich jier it tichthûs yn draaie.

As Brenner oer it kassettebantsje begjint dat Moore op 'e jûn fan 'e moard foar him ôfspile hat, jout de generaal ta dat er dy jûns nei syn dochter ta gien is om har ta besinning te bringen. Doe't dat om 'e nocht bliek, gie er sûnder wat bedijd te hawwen wer nei hûs, dêrby syn dochter noch altyd fêstbûn efterlittend. Mei't wachtrinders dy nachts yn 'e neite fan it plak delikt trije kear de koplampen fan auto's sjoen hawwe, en der fuotprinten fûn binne fan Campbell syn adjudant, kolonel Fowler, moat dat wol betsjutte dat dyselde de bestjoerder fan 'e trêde auto wie. Fowler jout ta dat hy der, op fersyk fan 'e generaal, ek hinne west hat, mar hy trof kaptein Campbell dea oan. Ut syn wurden docht bliken dat hy mient dat de generaal syn eigen dochter om hals brocht hat, mar hy hâldt út dat er nea in tsjûgenis tsjin 'e man ôflizze sil, en dat kaptein Campbell har heit ta syn die dreaun hat troch har oer te jaan oan "seksuele útspattings mei eltse ofsier op 'e basis, fan Jake Elby oant en mei Bill Kent!"

Mar foar Brenner oer hie kolonel Kent, it haad fan 'e militêre plysje, ûntkend dat er kaptein Campbell mear as fan namme koe. Troch dy iene útspraak begjint Brenner ynienen in patroan te sjen dat him earder ûntkommen is, want Kent wie dejinge dy't wist dat Sunhill en hy Campbell har wente trochsykje soene, dêr't Brenner oerfallen waard troch in maskere man dy't him de fideobannen ûntnadere. En Kent wie de einferantwurdlike foar de frijlitting fan kolonel Moore, dy't fuort letter thús dea oantroffen waard. Brenner bellet Sunhill op, mar kriget te hearren dat dy krekt nochris wer nei it plak delikt ta setten is, yn it selskip fan kolonel Kent. Yn tûzen hasten giet Brenner dat ek út en dêr oankommen, konfrontearret er Kent mei syn teory. Dy jout dêrop ta dat er dy jûns nei it plak delikt gien is, mei as doel om Elizabeth Campbell syn leafde te ferklearjen en har dêrwei te heljen. Mar Campbell, noch oerstjoer fan 'e snútslach dy't krekt tefoaren fan har heit ynkassearje moatten hie, wiisde him sûnder mear ôf en drige om syn frou oer harren relaasje te fertellen. Dêrop smoarde Kent har. Letter besocht er Moore de skuld op 'e lea te skowen troch de man te fermoardzjen en it lykje te litten as hied er de hân oan himsels slein. Wylst er Brenner dit alles út 'e doeken docht, hâldt Kent Sunhill gizele midden yn in minefjild. Brenner wit úteinlik Sunhill te rêden, mar foar't er ynrekkene wurde kin, makket Kent himsels fan kant troch mei sin op in anty-personielmyn te traapjen.

Wylst generaal Campbell risselwearret om it stoflik omskot fan syn dochter mei it fleantúch nei har lêste rêstplak te bringen, wurdt er konfrontearre troch Brenner, dy't de skuld fan Elizabeth har moard folslein by de generaal del leit. Hy bringt Campbell yn 't sin dat er oan it begjin fan it ûndersyk ûnthjitten hie dat er alles yn syn macht dwaan soe om 'e dieders te efterheljen; hy hie allinnich nea tocht dat Campbell sels de dieder wêze soe. Ta einbeslút lit er de generaal witte dat dy ferwachtsje kin foar de kriichsrie dage te wurden foar it gearspannen om in misdriuw te ferbergjen, wêrmei't Campbell syn politike karriêre wol ûnder de skoechsoallen skriuwe kin. De film einiget as Brenner en Sunhill elk har wegen geane (mei in bewûnderjende blik oer 't skouder fan Sunhill op Brenner). In neiskrift fertelt de sjogger dat generaal Joseph Campbell yndie foar de kriichsrie komme moast en skuldich befûn waard oan it ferheeljen fan 'e ferkrêfting fan syn dochter.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
John Travolta.
 
Madeleine Stowe.
 
James Woods.
personaazje akteur/aktrise
Paul Brenner John Travolta
Sarah Sunhill Madeleine Stowe


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-generaal Joseph Campbell James Cromwell
kolonel William Kent Timothy Hutton
kolonel Robert Moore James Woods
kaptein Elizabeth Campbell Leslie Stefanson
kolonel George Fowler Clarence Williams III
kolonel Donald Slesinger John Beasley
kaptein Jake Elby Boyd Kestner
plysjekommissaris Yardley Daniel von Bargen
sersjant Dalbert Elkins Mark Boone Jr.
kaptein Bransford Brad Beyer
kaptein Goodson John Benjamin Hickey

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

The General's Daughter waard regissearre troch Simon West, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar û.m. Lara Croft: Tomb Raider (2001) en When a Stranger Calls (2006). Hy wurke nei in senario fan Christopher Bertolini en William Goldman op basis fan 'e bestseller The General's Daughter fan skriuwer Nelson DeMille, út 1992. As produsint wie Mace Neufeld by it projekt belutsen foar de filmstudio Paramount Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $95 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Menzies jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Carter Burwell.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar The General's Daughter fûnen plak op ferskate lokaasjes yn Savannah (Georgia) en omkriten. De plot fan 'e film wykt op punten frijwat ôf fan dy fan it boek, al beteart it ferhaal op deselde manear. Om in foarbyld te jaan, yn it boek moetet Brenner Elizabeth Campbell nea, en sjocht er har pas foar it earst as hja al dea is. In leafdessêne tusken Brenner en Sunhill waard wol filme mar waard úteinlik by de filmmontaazje fuortsnien.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The General's Daughter waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 18 juny 1999 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige The General's Daughter oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 21/2 fan 4 stjerren. Neffens him wie de film goed makke en omfette er oertsjûgjende aktearprestaasjes fan 'e cast, mar waard er ûntsierd troch in stjersêne dy't "sa ûnnedich grafysk en grouwélich wie dat ik my der neitiid min ofte mear ûnrein fan fielde."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The General's Daughter in leech goedkarringspersintaazje fan 22%, basearre op 89 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Opdiene aktearprestaasjes en oerdreaune sênes biede net folle echte spanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 24 resinsjes.

Men kin jin ôffreegje oft de krityk net mear te krijen hie mei it ûnderwerp fan 'e film as mei de film sels, want yn The General's Daughter wurdt op mar al te dúdlike wize it ferskynsel ferkrêfting yn it leger oan 'e kaak steld, dat yn 'e Feriene Steaten skearing en ynslach is (neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje fine der yn 'e Amerikaanske Striidkrêften jiers 19.000 ferkrêftings en seksuële oantaastings plak). Mei't it leger yn 'e Feriene Steaten noch altyd in ynstitút is dat op in fuotstik stiet en dêr't men grutsk op heart te wêzen, beljochtet de film hjirmei in aspekt dat in protte Amerikanen miskien leaver ferjitte soene.

Resultaat bewurkje seksje

The General's Daughter brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $102,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $47,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $149,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $95 miljoen betsjut dat in winst fan $54,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.