The Genesis Fleet: Ascendant

The Genesis Fleet: Ascendant is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jack Campbell. De titel (Ascendant) betsjut: "Stiigjend(e)" of "Opkommend(e)". It boek is it twadde diel fan 'e trilogy The Genesis Fleet, dy't in prequel foarmet fan Campbell syn gruttere romansearje The Lost Fleet. Yn The Genesis Fleet: Ascendant wurdt it ferhaal ferteld fan 'e minsklike kolonisaasje fan fiere planeten yn 'e romte. Lju mei ferkearde bedoelings besykje dêr eigen riken te foarmjen. It is oan goedmienende minsken om dêr it near op te lizzen. Probleem is dat de kolonisten de Ierde en de Alde Koloanjes ferlitten hawwe om frij te wêzen fan regelsucht en de ynminging fan bûtensteanders yn harren libben; it falt dêrom net ta om ta gearwurking te kommen. The Genesis Fleet: Ascendant waard yn 2018 publisearre troch útjouwerij Titan Books.

The Genesis Fleet: Ascendant
algemiene gegevens
auteur Jack Campbell
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2018
oarspr. útjwr. Titan Books
rige
rige The Genesis Fleet
● foarich diel The Genesis Fleet: Vanguard
● folgjend diel The Genesis Fleet: Triumphant
kodearring
ISBN 978-1 78 56 50 420

Ynhâld bewurkje seksje

Trije jier lyn hawwe Rob Geary, in eardere luitenant fan 'e romtemacht fan 'e âlde koloanje Alfar, en Mele Darcy, in eardere sersjant yn it marinierskorps fan 'e âlde koloanje Franklin, in ynfaazje fan 'e jonge koloanje Glenlyon troch troepen fan Scatha witten foar te kommen (sjoch: The Genesis Fleet: Vanguard). Nei harren oerwinning waarden se troch it regear fan Glenlyon lykwols oan 'e kant set doe't de kâns him foardie om in pear torpedoboatjagers te bemachtigjen dy't ôftanke wiene troch de romtefloat fan 'e Ierde. De foltallige bemannings fan dy skippen wie ree om yn 'e tsjinst fan Glenlyon te kommen, mar harren befelfierder, de Ierdske kommandeur Eric Hopkins, woe inkeld mei oare Ierdlingen gearwurkje. Dat betsjutte de ein fan 'e militêre karriêre fan Rob Geary en Mele Darcy, dy't neitiid wurk fûnen as haad fan 'e skipswerf, resp. haad befeiliging op it nije romtestasjon fan Glenlyon.

The Genesis Fleet: Ascendant iepenet as de torpedoboatjager Claymore troch twa oarlochsskippen fan Scatha yn in mûklaach lokke en ferneatige wurdt, wêrby't kommandeur Hopkins en it meastepart fan 'e bemanning omkomme. De sitewaasje is tige nuodlik, mei't Glenlyon oan alle kanten ynsletten rekket troch de fijân, dy't bestiet út in bûnsgenoatskip fan Scatha, Apulu en Turan. It regear fan Glenlyon komt dan wer by Rob Geary om him te freegjen it befel oer te nimmen oer de float, dy't inkeld noch út 'e torpedoboatjager Saber bestiet. Rob is noch poerlulk oer hoe't er trije jier earder behannele is, mar syn gewisse twingt him om dêroerhinne te stappen. Boppedat soe syn eigen húshâlding der ek ûnder lije as it Scatha slagge om Glenlyon te feroverjen. Sadwaande nimt er op 'e nij de lieding fan 'e striidkrêften fan 'e koloanje op him. Tagelyk jout it regear einlings syn ferset op tsjin 'e foarming fan in eigen marinierskorps, en dêroer kriget Mele Darcy it befel.

Oankommen op 'e Saber stjoert Rob fuort de kaptein fan dat skip en syn earste ofsier nei hûs, mei't de iene ynkompetint is en de oare Rob besiket te dwerseidzjen. De rest fan 'e ofsieren is fan goede wil, mar moat tige oan Rob syn kommandostyl wenne. De Ierdske float hat bygelyks foar frijwol alle sitewaasjes in checklist dy't ôfwurke wurde moat, en Rob skaft fuortendaliks alle checklists ôf dy't yn syn eagen oerstallich binne. Dat betsjut dat syn ûnderhearrigen wer op harren eigen oardiel leare moatte te fertrouwen. Hy stelt fierders de kapabele luitenant Vicki Shen, dy't oant no ta oer de oandriuwing fan it skip gie, oan as syn earste ofsier. De earste misje fan 'e Saber is om it frachtskip de Bruce Monroe te eskortearjen nei it sprongpunt dêr't fia flugger-as-ljochtreizgjen troch de hyperromte it ûnbewenne planetestelsel Jatayu berikt wurde kin. Dêrwei kin dan in folgjende sprong makke wurde nei it planetestelsel fan Kosatka, dat in bûnsgenoat fan Glenlyon is. Oan board fan it frachtskip is Leigh Camagan, in lid fan it regear fan Glenlyon. Hja is fan doel om ûnder in skûlnamme nei Kosatka te reizgjen om dêr om help te freegjen. De skûlnamme is nedich om't by de reade dwerch Jatayu in Scathaansk romtestasjon mei ferskate oarlochsskippen fêstige is, dêr't in hege tol frege wurdt foar trochfeart fan en nei Glenlyon. It is lykwols de iennichste mooglikheid om befreone planetestelsels te berikken, mei't Glenlyon oan alle oare kanten grinzget oan Scatha, Apulu en Turan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Geary hat lykwols in geheime opdracht fan it regear fan Glenlyon krigen om 'e Bruce Monroe nei Jatayu te folgjen en dêr in ferrassingsoanfal op 'e Scathanen út te fieren. As de Saber by Jatayu arrivearret, blykt dêr inkeld in Scathaanske korvet oanwêzich te wêzen, dy't gjin partij is foar in torpedoboatjager en dêr't Rob dan ek flot mei ôfweeft. Neitiid interet Mele Darcy, dy't har mei har earste fiif mariniers oan board fan 'e Saber befynt, mei har ûnderhearrigen it Scathaanske romtestasjon, dat lykwols ferlitten blykt te wêzen. Ut kompjûterbestannen dy't dêr bútmakke wurde foar't se it romtestasjon opblaze, docht bliken dat de bemanning fan it stasjon oerpleatst is nei ien fan 'e Scathaanske oarlochsskippen om't der ekstra personiel nedich wie. De beide Scathaanske torpedoboatjagers dy't by Jatayu legere wiene, binne inkele dagen earder nei Kosatka sprongen.

Rob ornearret dat der gjin Scathaanske oanfal op Glenlyon plakfine kin as der wat by Kosatka oan 'e hân is dêr't Scatha sa'n ferlet fan mankrêft foar hat dat it romtestasjon by Jatayu leech efterlitten is. Hy hoecht dêrom net daliks yn noed te sitten dat der thús wat barre sil dêr't hy by nedich is. Dat, hoewol't er dêr gjin oarders ta ûntfongen hat, beslút er mei de Saber nei Kosatka te springen om te sjen wat dêr geande is. Dêr oankommen docht bliken dat de beide Scathaanske torpedoboatjagers har by in ynfaazjefloat út Apulu jûn hawwe, dy't bestiet út in korvet en in grut tal frachtskippen fol laden mei ynfaazjetroepen en swier materieel. De float is sa fluch as de frachtskippen gean kinne (d.w.s. frij stadich) ûnderweis nei de planeet Kosatka.

Op dy planeet is al jierren in striid geande dy't sabeare in boargeroarloch is tusken it regear en opstannelingen, mar it is in iepen geheim dat dy opstannelingen eins ynfiltranten út Apulu binne. Kosatka hat twa torpedoboatjagers dêr't it in goede ferdigening mei opsette moatte kinne soe tsjin 'e ynfaazjefloat, mar ien fan 'e beide skippen, de Shark, is koart tefoaren slim skansearre rekke by in sabotaazje-aksje troch de 'opstannelingen'. It skip leit no fêst yn 'e skipswerf fan it romtestasjon fan Kosatka, dêr't koartseftich bodde wurdt om it te reparearjen. Sa lang stiet de oare Kosatkaanske torpedoboatjager, de Piranha, der allinnich foar. Om't dat skip allinnich gjin skyn fan kâns makket tsjin 'e ynfaazjefloat, beslút Rob om him mei de Saber yn 'e striid te mingen. Troch gear te wurkjen witte de Saber en de Piranha de korvet en ien fan 'e fijannige torpedoboatjagers te ferneatigjen, mar troch in needlottich tafal rekket de Piranha sels ek ferneatige.

It regear fan Kosatka docht dan in offisjeel fersyk oan Rob om harren romtestasjon mei de Shark te ferdigenjen oant de reparaasjes oan it skip foltôge binne. Rob beslút oan dat fersyk te foldwaan en hâldt mei de Saber de oerbleaune fijannige torpedoboatjager op ôfstân. Shuttles fan 'e fijannige frachtskippen kin er lykwols net folle oan dwaan. Dêrom set er Mele Darcy en har mariniers ôf op it (fierhinne ûntromme) romtestasjon om 'e Kosatkaanske milysjetroepen dy't dêr legere binne te helpen by de ferdigening. Hy stjoert ek Vicki Shen mei, om it tafersjoch oer de reparaasjes oan it oandriuwingssysteem fan 'e Shark op har te nimmen (de masinist fan 'e Shark is nammentlik by de sabotaazje-aksje omkommen). Underwilens wachtsje op it planeetoerflak de Kosatkaanske troepen de ynfaazje ôf. Under harren binne Carmen Ochoa, dy't oarspronklik fan Mars komt, en har man, kaptein Dominic Desjani. Carmen har freon, de diplomaat Lochan Nakamura, is krekt foar de oankomst fan 'e ynfaazjefloat yn it planetestelsel fan Kosatka mei it lêste frachtskip, de Oarai Miho, ôfset om help te sykjen by oare koloanjes.

Wylst Rob en de Saber yn in ympasse reitsje mei de oerbleaune fijannige torpedoboatjager, brânt op it romtestasjon de striid los. Om net yn 'e baan fan 'e wapens fan 'e Shark te kommen, kinne de fijannige shuttles mar oan ien kant troepen op it romtestasjon ôfsette, wêrnei't se it hiele stasjon troch moatte om by harren doelwyt, de Shark, te kommen. Mele lûkt har mei har ûnderhearrigen oer in perioade fan inkele dagen stadichoan troch de lingte fan it romtestasjon werom en bringt dêrby de optsjende fijannige troepen slimme ferliezen ta. Op it planeetoerflak, dêr't de fijân oanhâldend shuttles mei nije troepen lânet by de Kosatkaanske stêden Lodz en Drava, wurdt ek ferbiten fochten. De min trainde en min tariste ferdigeners moatte lykwols stadichoan terrein priisjaan. Mele Darcy wit har ferset op it romtestasjon langernôch te rekken dat de reparaasjes oan 'e Shark foltôge wurde kinne. Tegearre meitsje de Saber en de Shark koarte metten mei de ynfaazjefloat. De oerbleaune fijannige torpedoboatjager flechtet en nei't inkele fan 'e frachtskippen oan gruzeleminten sketten binne, jouwe de oaren har oer. De fijannige troepen op it romtestasjon jouwe de striid ek op, en nei in mislearre besykjen om út in besingeling troch Kosatkaanske troepen te brekken, kapitulearje ek de ynvaazjetroepen op it planeetoerflak.

Underwilens hat it trage frachtskip de Oarai Miho it ûnbewenne planetestelsel Tantalus berikt, in tuskenstop ûnderweis nei de koloanje Eire. Lochan Nakamura wurdt kjel as de Oarai Miho dêr opwachte wurdt troch it passazjiersskip de Brian Smith. Dat is itselde skip dêr't er trije jier lyn op reizge doe't it by Vestri kaapt waard troch piraten. De Brian Smith is no bewapene en is dúdlik noch yn 'e hannen fan 'e piraten dy't bannen ûnderhâlde mei Apulu. Om't bekend is dat Lochan as diplomaat foar it regear fan Kosatka wurket, moat er freezje foar syn libben. Datselde jildt lykwols foar in oare passazjier op 'e Oarai Miho, Freya Morgan, in geheim aginte dy't útstjoerd is troch it regear fan 'e folslein troch Scatha en Apulu ynsletten koloanje Catalan. Freya is lykwols net foar ien gat te fangen, en mei help fan Lochan stelt se in brânstofsel út masinekeamer fan 'e Oarai Miho, dêr't de befeiliging healwize laks is. De brânstofsel laadt se yn 'e rêdingssloep, wêrnei't se in ûntstekking ymprovisearret. Se programmearret de rêdingssloep om op in fêstleine koerts út te piken sadree't de Brian Smith deunby komt. De piraten miene dat guon passazjiers besykje te ûntkommen en sette de sloep efternei, mar as se it fartúch interje wolle, ûntploft de brânstofsel en dêrtroch wurdt net inkeld de sloep, mar ek de Brian Smith ferneatige.

De kaptein fan 'e Oarai Miho is min te sprekken oer wat Lochan en Freya útheeft hawwe, en slút harren op yn harren respektivelike hutten. De Oarai Miho is in frachtskip út 'e koloanje Hesta, dy't ynnommen is troch de Scathanen, en de bemanning stiet sadwaande oan 'e kant fan Scatha en Apulu. As de Oarai Miho omkeart en deselde koerts weromfolget nei it sprongpunt nei Kosatka, beseft Lochan dat de kaptein fan doel is om him en Freya út te leverjen oan 'e ynvaazjetroepen dêre. Underwilens is ek de Bruce Monroe út Glenlyon yn it planetestelsel Tantalus arrivearre, en de beide frachtskippen sille inoar op in pear hûndert kilometer ôfstân passearje. Lochan betinkt in riskant ûntsnappingsplan wêrby't hy en Freya Morgan yn romtepakken mei in manûvrearienheid út 'e Oarai Miho springe en de ôfstân nei de Bruce Monroe oerbrêgje. Lochan, dy't foarhinne in bedriuw hie dat slotten ferkocht, hat net folle muoite om nachts út syn hut te ûntsnappen. Hy befrijt Freya en tegearre bringe se syn plan yn 'e praktyk. Se wurde oppikt troch de Bruce Monroe en komme oan board fan dat skip yn 'e kunde mei Leigh Camagan, dy't mei in soartgelikens doel as sysels útstjoerd is troch Glenlyon. Trijeresom lizze se op 'e Bruce Monroe de grûnslach foar in formeel bûnsgenoatskip tusken harren thúswrâlden Kosatka, Catalan en Glenlyon tsjin Scatha, Apulu en Turan.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: