The Heroes of Telemark

film út 1965 fan Anthony Mann

The Heroes of Telemark is in Britsk-Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 1965 ûnder rezjy fan Anthony Mann, mei yn 'e haadrollen Kirk Douglas en Richard Harris. De titel betsjut: "De Helden fan Telemark". It ferhaal is basearre op 'e histoaryske Noarske swierwettersabotaazje dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1943 en 1944 yn 'e provinsje Telemark útfierd waard troch it Noarske ferset, om foar te kommen dat nazy-Dútslân in atoombom ûntwikkelje koe. De film waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.

The Heroes of Telemark
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anthony Mann
produsint Benjamin Fisz
senario Ben Barzman
Ivan Moffat
basearre op Kampen om Tungtvannet
fan Knut Haukelid en
But for These Men
fan John Drummond
kamerarezjy Robert Krasker
muzyk Malcolm Arnold
filmstudio Benton Film Productions
J. Arthur Rank Productions
Allied Artists
distribúsje The Rank Organisation (Fer. Ken.)
Columbia Pictures (Fer. St.)
spilers
haadrollen Kirk Douglas
Richard Harris
byrollen Ulla Jacobsson
Michael Redgrave
Roy Dotrice
David Weston
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 23 novimber 1965
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $5 miljoen
opbringst ûnbekend

Plot bewurkje seksje

Under de besetting fan Noarwegen troch nazy-Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch beslute de Dútsers it swierwetterfabryk Vemork, by Rjukan, yn 'e provinsje Telemark, yn te setten om swierwetter te produsearjen foar harren atoomprogramma. Nilssen, de direkteur fan it fabryk, spilet ynformaasje oer de Dútske plannen troch oan it ferset. Knut Straud, de pleatslike foaroanman fan it ferset, kin net beoardielje wat er mei de ynformaasje oanmoat, om't er fan sokke saken gjin ferstân hat. Dêrom siket er dr. Rolf Pedersen op, in natuerkundige dy't ferbûn is oan 'e Universiteit fan Oslo.

Harren mei-inoar yn 'e kunde kommen giet stroef, mei't Pedersen in playboy is dy't fan doel is om 'e ein fan 'e oarloch rêstich út te sitten sûnder himsels yn gefaar te bringen. Hy stiet dêrom earst ôfwizend foar it fersyk fan Straud oer om nei de ynformaasje te sjen, mar úteinlik kin er syn nijsgjirrigens net bedimje. As er foar it ferstân kriget wat de Dútske plannen ynhâlde, wurdt er lykwols goed kjel en beslút er dat de ynformaasje sa gau mooglik nei Ingelân moat, en dat er sels mei moat om te bewissigjen dat de Alliëarden goed begripe wêr't it om giet.

Straud, Pedersen en inkele oare fersetslju geane oan board fan 'e fearboat de Galtesund, dy't se kape om mei nei Ingelân te farren. Nei't se dêr oankommen binne, wurde de plannen trochstjoerd nei de Feriene Steaten, foar beoardieling troch Albert Einstein en J. Robert Oppenheimer. Al rillegau komt it berjocht werom dat de Dútsers fierder binne mei it ûntwikkeljen fan in atoombom as de Alliëarden, en dat tsjin eltse priis foarkomd wurde moat dat se it swierwetter út Vemork foar harren projekt brûke kinne. Straud en Pedersen wurde weromstjoerd nei Noarwegen, dêr't se op it winterske Hardangerplato oan parasjutes dropt wurde. Straud liedt Pedersen al skyrinnend nei de wente fan in pear leden fan syn fersetsgroep; it blykt te gean om Pedersen syn eks-frou Anna en har omke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Straud, Pedersen en Anna ferkenne it om-en-by fan it swierwetterfabryk. Pedersen is fan miening dat de iennichste manear om wis te wêzen fan 'e ferneatiging fan it swierwetter is troch it kompleks bombardearje te litten. Om't it sa deunby it doarp stiet, sille dêrtroch lykwols in protte boargerdeaden falle. Straud en Anna binne dêrom foar in oerfal op it fabryk om 'e produksje en opslach fan swierwetter te sabotearjen. Nei in heech oprinnende rûzje beslute se al harren ynformaasje oan Londen troch te spyljen en de kommandanten dêr beslute te litten. Yn Londen wurdt yn earste ynstânsje keazen foar in sabotaazje-aksje. Dêrta wurdt earst in groepke oare Noarske fersetsleden, dy't yn it Feriene Keninkryk traind binne, boppe it Hardangerplato dropt. Letter sil in ôfdieling fan 'e Royal Engineers folgje, de sjeny fan it Britske Leger.

Op it Hardangerplato wurde Straud, Pedersen en de dropte Noarske fersetslju ûntdutsen troch in jager, dy't Jensen hjit. Se nimme him finzen, mar witte eins net wat se mei him oanmoatte. Pedersen oppenearret om him mar dea te sjitten, mar dêr leit Straud it near op. Jensen seit dat er de skoansoan is fan in Noarske fersetslieder, en dat syn frou dêrom troch de nazys as gizelder fêstset is; hy hatet sadwaande de Dútsers. Straud beslút om him yn it sjalet op it Hardangerplato finzen te hâlden oant nei de sabotaazje-aksje. As de Royal Engineers arrivearje yn in Airspeed Horsa-sweeffleantúch dat lutsen wurdt troch in Handley Page Halifax-bommesmiter, fleane se harren yn 'e minne waarsomstannichheden lykwols tepletter tsjin in berch oan, wêrby't alle Britske troepen omkomme.

Straud beslút lykwols om mei inkeld de Noarske fersetslju de sabotaazje-aksje troch te setten. Om't de oare fersetslju gjin ferstân fan 'e apparatuer yn it fabryk hawwe, moat ek Pedersen mei, dy't as iennichste wit wêr't de springstofladings krekt oanbrocht wurde moatte. Pedersen fielt dêr earst neat foar, mar as er sjocht dat alle oaren Straud folgje, jout er mei tsjinnichheid ta. De fersetslju geane fan it plato omleech troch by in steile rotswand del te abseilen, wêrnei't se in rivier oerstekke en oarekant it terrein fan it swierwetterfabryk op geane. Se witte de Dútske skyldwachten te ûntrinnen en it kompleks binnen te kringen, dêr't Pedersen en twa fersetslju de springstofladings oanbringe op 'e elektrolyzekeamers, wylst de oaren de wacht hâlde. Se ûntkomme, mar as de springstofladings ôfgeane, wurde se efterfolge en besketten, wêrby't ien fan harren, Arne, sneuvelet.

Hoewol't de sabotaazje-aksje súksesfol is, witte de Dútsers de skea fluch te reparearjen. Om foar te kommen dat der wer ynformaasje útlekt, moatte fan dat stuit ôf alle Noarske wurknimmers fan it fabryk dei en nacht yn it kompleks bliuwe, sûnder kontakt mei lju fan bûten. Jensen, dy't no troch de fersetslju gean litten is, stapt nei de nazys ta, mei wa't er oerienkomt dat se syn frou frijlitte sille as er harren nei it skûlplak fan it ferset op Hardangerplato liede sil. In hiele kloft skyrinnende SS-ers komt Straud en Pedersen dêr oer it mad, mar de mannen witte op skys te ûntkommen troch op sa'n dryste wize in berch del te gean dat de Dútsers harren net doare te folgjen. Inkeld Jensen folget, dy't bewapene is mei in jachtgewear. Hy sjit Pedersen yn 'e foet, mar dyselde sjit him dêrnei mei in pistoal dea. De ferwûne Pedersen wurdt oppakt troch de Dútsers, mar wit te ûntsnappen.

Hy lit syn wûne klandestyn fersoargje yn it pleatslike sikehûs. Dêr treft er Sigrid, de widdo fan Arne, dy't yn it swierwetterfabryk wurket, mar derút litten is om't se befalle moast. Fan har kriget Pedersen te hearren dat de nazys de produksje fan swierwetter al wer opstarten hawwe. Hy en Straud spylje dy ynformaasje troch oan Londen, dêr't besletten wurdt dat in nije sabotaazje-aksje fanwegen de ferskerpe Dútske befeiliging fan it kompeks gjin kâns makket. Ynstee dêrfan wurdt besocht it kompleks plat te bombardearjen, wat wol in protte skea oanrjochtet en 69 deaden ûnder Noarske boargerbefolking ta gefolch hat, mar de swierwetterfoarrie net ferneatiget.

De Dútsers binne lykwols al bang wurden om dy foarrie te ferliezen, dat se beslute al it swierwetter oer te bringen nei Dútslân. Direkteur Nilssen beart dat er blinetermûntstekking hat en lit yn it sikehûs in perfekt sûne blineterm fuorthelje sadat er dy ynformaasje oan it ferset trochspylje kin. Om foar te kommen dat it swierwetter syn plak fan bestimming berikke sil, kringe Pedersen en Straud de fearboat SF Hydro binnen, dy't de beide treinnen mei de fetten swierwetter oer de Tinnmar sette moat. Se bringe springstofladings yn it rom oan, dy't ôfgean sille as de fearboat oer it djipste part fan 'e mar fart. Straud en Anna steane klear mei in motorboat om drinkelingen op te pikken.

Pedersen, dy't de fearboat yn 'e rekken hâldt, sjocht Sigrid mei har poppe oan board gean en giet har efternei. Hy nimt har mei nei it efterdek ta, safier mooglik fan 'e tiidbom yn it rom ôf. It slagget him om dêr ek alle bern te krijen, dy't oan board binne, troch in wedstryd te betinken yn wa't it fluchtste in rêdingsfest oandwaan kin. Dêrtroch oerlibje alle bern it sinken fan 'e fearboat as de tiidbommen ôfgeane. Straud en Anna, en oare lju yn lytse boatsjes dy't te help sjitte, skuorre Pedersen en de oare drinkelingen út it wetter wylst de fearboat mei al it swierwetter nei de boaiem fan 'e mar sinkt.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Kirk Douglas yn 1969.
 
Richard Harris yn 1985.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Rolf Pedersen Kirk Douglas
Knut Straud Richard Harris


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Anna Pedersen Ulla Jacobsson
omke Michael Redgrave
Jensen Roy Dotrice
Arne David Weston
Gunnar Sebastian Breaks
Freddy John Golightly
Oli Alan Howard
Henrik Patrick Jordan
Claus William Marlowe
Einar Brook Williams
majoar Frick Anton Diffring
Sigrid Jennifer Hilary
Nilssen Ralph Michael
Reichskommissar foar Noarwegen Josef Terboven Eric Porter
Sturmbahnführer Knippelberg Wolf Frees
perfester Hartmüller Karel Stepanek
perfester Erhardt Gerard Heinz
Dútske sersjant Victor Beaumont
SS-Oberscharführer George Murcell
kolonel Wilkinson Mervyn Johns
perfester Roderick Logan Barry Jones
generaal Bolt Geoffrey Keen
generaal Courts Robert Ayres
dokter yn sikehûs Maurice Denham
kaptein fan 'e Galtesund David Davies
sakeman Philo Hauser
frou yn bus Faith Brook
Sandersen Russell Waters
frou Sandersen Elvi Hale

Produksje bewurkje seksje

The Heroes of Telemark is in oarlochsfilm oer de histoaryske Noarske swierwettersabotaazje, wêrmei't it Noarske ferset yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1943 en 1944 wist foar te kommen dat nazy-Dútslân in atoombom ûntwikkelje koe. Ien fan 'e lieders fan 'e sabotaazje, Knut Haukelid, skreau dêr yn 1953 it autobiografyske ferslach Kampen om Tungtvannet ("De Striid om it Swierwetter") oer, wylst auteur John Drummond der yn 1962 de roman But for These Men ("As Dizze Manlju Der Net West Hiene") oer publisearre. Beide wurken foarmen de basis foar it senario fan The Heroes of Telemark, dat skreaun waard troch Ben Barzman en Ivan Moffat.

De film waard yn 1963 oankundige, en soe oarspronklik The Unknown Battle ("De Unbekende Striid") hjitten hawwe. Stephen Boyd, Anthony Perkins en Elke Sommer waarden earst oansocht foar de haadrollen, mar dat rûn op 'e non doe't de finansiering net rûn bliek te wêzen. Boyd spande letter in rjochtsaak oan tsjin 'e filmprodusinten wêrby't er $500.000 skeafergoeding easke, mei't er dêrtroch ferskate oare rollen misrûn wie. Uteinlik giene de haadrollen nei Kirk Douglas, Richard Harris en Ulla Jacobsson. De titel waard oanpast, sadat it op papier in oare film liek te wêzen; dat wie bedoeld om juridyske swierrichheden foar te kommen mei de akteurs dy't earder in kontrakt tekene hiene.

The Heroes of Telemark waard regissearre troch Anthony Mann, dy't ek ferantwurdlik wie foar films as El Cid (1961) en The Fall of the Roman Empire (1964). Produsint wie Benjamin Fisz fan 'e Britske filmstudio Benton Film Productions. Finansiering kaam fan it Britske J. Arthur Rank Productions en it Amerikaanske Allied Artists. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Krasker, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Malcolm Arnold. Der wie in budget fan $5 miljoen foar de film beskikber. The Heroes of Telemark waard foar it meastepart opnommen op lokaasje yn Noarwegen, wylst de sênes yn Ingelân filme waarden yn 'e omkriten fan Poole, yn Dorset. Ald-fersetsman Haukelid sei ûnder de opnamen yn in fraachpetear: "Ik hear dat se fiif miljoen dollar útjouwe, dus dan sil it wol in spektakulêre film wurde, en dat bestjut mear fiksje en minder feiten."

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Heroes of Telemark waard yn it Feriene Keninkryk fersoarge troch The Rank Organisation, en yn 'e Feriene Steaten troch Columbia Pictures. De film gie op 23 novimber 1965 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 26 novimber yn 'e Britske bioskopen iepene. Yn 'e Feriene Steaten folge op 19 jannewaris in nasjonale galapremiêre yn Chicago. Op 9 maart fan dat jier iepene de film dêr yn 'e bioskopen.

Untfangst en resultaat bewurkje seksje

The Heroes of Telemark die it poerbêst yn 'e bioskopen. Yn it Feriene Keninkryk hearde er ta de fyftjin populêrste films fan 1966. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht er yn 'e bioskopen $1.650.000 op. De opbringst yn it Feriene Keninkryk en oare lannen en territoaria is ûnbekend.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Heroes of Telemark in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 6 ûnderskate resinsjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.