It Leafdesliet fan J. Alfred Prufrock

It Leafdesliet fan J. Alfred Prufrock, yn it oarspronklike Ingelsk: The Love Song of J. Alfred Prufrock, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). It gedicht hat de foarm fan in dramatyske en yn it ik-perspektyf werjûne ynterne monolooch fan in stedsjer dy't oanhelle is mei gefoelens fan isolaasje oangeande syn bestean en net by steat liket te wêzen om beslissende dieden te ûndernimmen, op in manear dy't de frustraasje en ûnmacht fan 'e minske yn 'e moderne maatskippij werjout.

It Leafdesliet fan J. Alfred Prufrock
algemiene gegevens
oarspr. titel The Love Song of
   J. Alfred Prufrock
auteur T.S. Eliot
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
1e publikaasje 1917, Londen
oarspr. útjwr. The Egoist Ltd
bondel Prufrock and Other Observations
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Leafdesliet fan
   J. Alfred Prufrock
publikaasje 2001, yn Trotwaer
oersetter Jabik Veenbaas

Eliot sette mei it skriuwen fan Prufrock (sa't de titel gauris ôfkoarte wurdt) útein yn febrewaris 1910, en publisearre it, op oantrún fan syn freon, de Amerikaanske dichter Ezra Pound, yn juny 1915 foar it earst yn it tydskrift Poetry: A Magazine of Verse. Neitiid waard it yn 1917 útjûn as ûnderdiel fan 'e dichtbondel Prufrock and Other Observations. Doe't it gedicht yn 1915 publisearre waard, beskôge men it as skokkend en oanstjitjaand, mar no wurdt it sjoen as in foarrinder fan 'e oergong fan 'e lette njoggentjinde-iuwske Romantyk nei it yn 'e tweintichste iuw woartele modernisme. Prufrock markearre it begjin fan Eliot syn karriêre as ynfloedryk dichter, en wurdt no rûnom wurdearre. It waard yn 2001 oerset yn it Frysk troch Jabik Veenbaas.

As men symbolistyske ynterpretaasjes benefter lit, kin It Leafdeslieft fan J. Alfred Prufrock omskreaun wurde as de skynber willekeurige gedachten fan in seksueel frustrearre man yn syn middeljierren dy't it ien of oar oppenearje wol, mar it net goed oandoar, en it úteinlik net docht. De struktuer fan it gedicht is swier beynfloede troch Dante Alighieri syn Godlike Komeedzje, en referearret fierders oan de Bibel, Shakespeare syn toanielstikken Hindrik IV, Diel 2, Trijekeningejûn en Hamlet, de poëzij fan 'e santjinde-iuwske metafysyske dichter John Donne en de njoggentjinde-iuwske Frânske symbolisten.

 
T.S. Eliot yn 1934.

Mei't Prufrock fierhinne út 'e oarderleaze tinzen fan 'e ferteller bestiet, is it dreech te ynterpretearjen. Der binne trije wichtige punten fan ûnienichheid ûnder resinsinten. Yn it foarste plak is der de fraach tsjin wa't Prufrock it yn it gedicht hat; praat er mei in oare persoan, rjochtet er him ta de lêzer, of binne it allegear mar ûnútsprutsen gedachten yn syn holle? Oard is der de fraach oft Prufrock earne hinne giet of dat de foarbygeande bylden fan bgl. de loft, dize, strjitten en goedkeape restaurants en hotels inkeld oproppen oantinkens binne. En trêd is der de kwestje oangeande wat er no eins fan doel is te sizzen mar ta einbeslút dochs foar him hâldt. Oangeande dat lêste hawwe in protte lju oppenearre dat it grif in leafdesferklearring oan in frou wêze moat, en dat er dy úteinlik net útsprekt om't er benaud is om ôfwiisd te wurden. Dêrby tsjutte se û.m. op 'e ûnderskate kearen brûkte bylden fan frouljusearms en -klean en de slotregels fan it gedicht, wêryn't Prufrock him deroer beklaget dat seemearminnen him net tasjonge wolle. Oaren binne lykwols fan tinken dat Prufrock it iene of oare djippere filosofyske ynsjoch op 't aljemint besiket te bringen of mooglik syn desyllúzjes oangeande de maatskippij dêr't er yn libbet, en dat er it net seit om't er bang is om troch syn sosjale fermidden ferstjitten te wurden.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

The Love Song of J. Alfred Prufrock waard ûnder de titel It Leafdesliet fan J. Alfred Prufrock yn it Frysk oerset troch Jabik Veenbaas. Dy fertaling waard yn febrewaris 2001 publisearre yn tydskrift Trotwaer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eliot, T.S., It Leafdesliet fan J. Alfred Prufrock (oers. Jabik Veenbaas), yn: Trotwaer, 2001, ôfl. 1 (febr.), s. 7-11.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.