The Mating Habits of the Earthbound Human

film út 1999 fan Jeff Abugov

The Mating Habits of the Earthbound Human is in Amerikaanske komeedzjefilm yn 'e foarm fan in mockumentary út 1999. De titel betsjut: "It Peargedrach fan 'e Ierdbewenjende Minske". De film waard regissearre troch Jeff Abugov nei in senario fan eigen hân. De haadrollen waarden spile troch Carmen Electra en Mackenzie Astin, mei Lucy Liu yn 'e wichtichste byrol en David Hyde Pierce as ferteller. Yn The Mating Habits of the Earthbound Human wurdt troch in bûtenierdske natoerfilmer de hofmakkerij en it peargedrach fan twa minsken folge, wêrby't de humor fersoarge wurdt troch de voice-over.

The Mating Habits of the Earthbound Human
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jeff Abugov
produsint Larry Estes
senario Jeff Abugov
kamerarezjy Michael K. Bucher
muzyk Michael McCarty
filmstudio Earthbound Human Prod.
SearchParty Films
Welb Film Pursuits
distribúsje Independent Artists
spilers
haadrollen Carmen Electra
Mackenzie Astin
voice-over David Hyde Pierce
byrollen Lucy Liu
Markus Redmond
Lisa Rotondi
Sharon Wyatt
Leo Rossi
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 septimber 1999
foarm langspylfilm
sjenre mockumentary
taal Ingelsk
spyltiid 88 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $4,6 miljoen

Utgongspunt bewurkje seksje

It útgongspunt fan The Mating Habits of the Earthbound Human is dat in bûtenierdske natoerfilmer nei de Ierde kommen is om temûk it peargedrach fan 'e minske te bestudearjen. De film folget de begjinnende relaasje tusken in jonge man ("it mantsje") en in jonge frou ("it wyfke"), wêrby't de akteurs harren rollen serieus spylje. De humor yn 'e film komt fan 'e voice-over dy't tafoege is troch de bûtenierdske biolooch, mei konklúzjes en mienings dy't der faak folslein by troch binne. It ûnderlizzende boadskip fan 'e film is, dat as minsken it hâlden en dragen fan oare bistesoarten beskriuwe, se der skoan krekt sa nêst sitte kinne as de biolooch út 'e film.

Plot bewurkje seksje

Billy, in bleue jongeman dy't in frou fan syn leeftyd siket om mei út te gean, moetet yn in nachtklub de kreaze Jenny. Se krije in relaasje, mar Billy doar it net oan om Jenny te fertellen dat er fan har hâldt, om't er lêst hat fan biningseangst. Beide partners ûntfange net altyd goede advizen fan harren respektivelike freonen, mar de kleau tusken harren bliuwt, ek as de relaasje yntym wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Likernôch in jier nei't se mei-inoar yn 'e kunde kommen binne, geane Billy en Jenny op fakânsje. Op 'e fakânsjebestimming sliepe se mei-inoar sûnder foarbehoedsmiddels te brûken. Koarte tiid letter ûntdekt Jenny dat se swier is. As se dat oan Billy fertelt, rint it út op rûzje, wêrby't Billy har derfan beskuldiget om him yn 'e fâle rinne litte te wollen, sadat er mei har trouwe moat. Op 'e nij leverje de respektivelike freonen advizen oan dy't net ferstannich binne.

Uteinlik beslút Jenny nei in klinyk te gean om abortus te dwaan. Billy komt lykwols ta ynkear en hâldt har tsjin, wêrnei't se einlings en te'n lêsten oaninoar fertelle hoefolle oft se faninoar hâlde. De film einiget mei de brulloft fan Billy en Jenny en de berte fan harren bern.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Carmen Electra.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
bûtenierdske ferteller (voice-over) David Hyde Pierce
"it wyfke" (Jenny Smith) Carmen Electra
"it mantsje" (Billy Waterson) Mackenzie Astin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
"de freondinne fan it wyfke" (Lydia) Akteur
"de freon fan it mantsje" (Jimmy) Markus Redmond
"de sletterige freondinne fan it wyfke" (Lana) Lisa Rotondi
"de mem fan it mantsje" Sharon Wyatt
"de heit fan it wyfke" Leo Rossi
"de heit fan it mantsje" Jack Kehler
"de mem fan it wyfke" Antonette Saftler
"de eks-freon fan it wyfke" Marc Blucas
"de baas fan it wyfke" Anne Gee Byrd
"de broer fan it wyfke" Eric Kushnick
"de âlde wize frou" Linda Porter
"de fantasijsoan fan it wyfke" Tyler Abugov

Produksje bewurkje seksje

The Mating Habits of the Earthbound Human waard as in ûnôfhinklike film regissearre troch Jeff Abugov nei in senario dat er sels skreaun hie. As produsint wie Larry Estes by it projekt belutsen foar de lytse studio's Earthbound Human Productions, SearchParty Films en Welb Film Pursuits. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael K. Bucher, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Michael McCarty. The Mating Habits of the Earthbound Human waard distribuëarre troch Independent Artists. De film gie op 3 septimber 1999 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst bewurkje seksje

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Mating Habits of the Earthbound Human in midsmjittich oant leech goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 12 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 8 resinsjes. The Mating Habits of the Earthbound Human waard lykwols goed ûntfongen troch it publyk dat de film yn 'e bioskoop besjoen hie, mei in goedkarringsskoare fan rom 70%.

Resultaat bewurkje seksje

The Mating Habits of the Earthbound Human behelle yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten in opbringst fan $4.634.000.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.