The Rhythm Stars

(Trochferwiisd fan The Rythm Stars)

The Rhythm Stars wie in band út Emmen. Se spilen ûnder oare by Karstens, eigener fan Dancing D'Olde Hof yn Gasselte. Dêr spilen yn dy perioade op sneontejûn en sneintemiddei altiten ferskate regionale bandsjes.

Begjin jierren '70 kaam der in soarte "fúzje" mei Black Lake Shadows, harren "konkurrinten". Dit gie lykwols net hielendal samar. The Rhythm Stars mar ek Black Lake Shadows wienen op dat stuit net tefreden oer de besetting. Doe't Johan Lutke en Koos Bloemsma oer gienen nei de band dy't doe Black Lake hjitten gie, hâlde Rhythm Stars op te bestean. Muzikanten yn de besetting fan maaie 1968: Bert Slomp (slachreau/saksofoan), Johan Lutke (sang/slachreau), Joop Ekelhof (basgitaar), Jan Zondag (oargel), Koos Bloemsma (slachgitaar).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: