The Usual Suspects (film)

The Usual Suspects is in Amerikaanske ûnôfhinklike neo-noir-misdieskriller út 1995 ûnder rezjy fan Bryan Singer, mei yn 'e haadrollen Kevin Spacey en Gabriel Byrne. De titel betsjut "De Gewoanlike Fertochten", en is in ferwizing nei in ferneamde dialoochregel út 'e filmklassiker Casablanca, út 1942: "Round up the usual suspects," ("Pak de gewoanlike fertochten mar op."). The Usual Suspects folget it ferhear troch de plysje fan Roger "Verbal" Kint, in lichaamlik beheinde lytse oplichter dy't ien fan mar twa oerlibbenen is fan in bloedbad op in skip yn 'e haven fan Los Angeles. Mei flashbacks en voice-overs docht dyselde syn ferhaal oer in yngewikkelde rige foarfallen dy't him en syn maten nei it skip ta brocht hawwe en oer de mysterieuze en machtige krimineel Keyzer Söze dy't harren twong om foar him te wurkjen. De film waard foar it earst fertoand op it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films en waard ek sjen litten op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. The Usual Suspects krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel ridlik súksesfol yn 'e bioskopen. Hy wûn twa Oscars, twa BAFTA's en ferskate oare prizen. De Oscar foar bêste manlike byrol betsjutte de trochbraak yn 'e karriêre fan Kevin Spacey.

The Usual Suspects
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Bryan Singer
produsint Bryan Singer
Michael McDonnell
senario Christopher McQuarrie
kamerarezjy Newton Thomas Sigel
muzyk John Ottman
filmstudio PolyGram Filmed Entertainment
Bad Hat Harry Productions
Blue Parrot
Spelling Films International
distribúsje Gramercy Pictures (F.S./Kan./F.K./Fr.)
Spelling Films International (oar)
spilers
haadrollen Kevin Spacey
Gabriel Byrne
byrollen Chazz Palminteri
Stephen Baldwin
Kevin Pollak
Benicio del Toro
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 16 augustus 1995
foarm langspylfilm
sjenre neo-noir-misdieskriller
taal Ingelsk (ek wat Hongaarsk en Spaansk)
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $5,5 miljoen
opbringst $34,4 miljoen
prizen 2 × Oscar
2 × BAFTA
2 × Independent Spirit Award
1 × Empire Award

Plot bewurkje seksje

De behurde krimineel Dean Keaton leit slim ferwûne op it dek fan in skip yn 'e haven fan Los Angeles. Der bûcht him in man oer him hinne dy't er oansprekt as "Keyser", en dy't him deasjit en it skip yn 'e brân stekt foar't er sels útpykt. De oare deis treft de plysje op en om it troch de brân ûntplofte skip de stoflike omskotten oan fan teminsten 27 manlju. Der binne mar twa oerlibbenen: Ákos Kovács, in Hongaarske gangster dy't mei swiere brânwûnen yn it sikehûs opnommen wurdt, en Roger "Verbal" Kint, in lytse oplichter oanhelle mei harsensferlamming, dy't mei de skrik frijkommen liket te wêzen. Dave Kujan, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske Dûane, reizget út New York wei ôf nei Los Angeles om Kint yn it ferhear te nimmen. De foarfallen dy't Kint mei syn maten Dean Keaton, Michael McManus en Todd Hockney nei it skip ta brocht hawwe, wurde troch Kint oan Kujan beskreaun yn in rige flashbacks, hjir en dêr foarsjoen fan in voice-over.

Seis wiken earder waarden Kint, Keaton, McManus, Hockney en in fyfde krimineel, Fred Fenster, yn New York arrestearre op fertinking fan 'e kaping fan in frachtwein. Hoewol't McManus en Fenster al jierrenlang gearwurken en Kint en Keaton inoar koene, kamen de fiif foar de rest op it plysjeburo mei-inoar yn 'e kunde. Tanksij it yngripen fan Edie Finneran, Keaton syn faam dy't abbekate is, kaam it fiiftal rillegau wer op frije fuotten. Dêrop besleaten se om in oerfal út te fieren dêr't se tagelyk mei wraak nimme koene op it New York Police Department (NYPD): se berôven in juwiellesmokkelder dy't eskortearre waard troch korrupte plysjes, en soargen derfoar dat de media op it plak delikt oanwêzich wiene foar't de saak yn 'e dôfpot ferdwine koe. Dêrtroch kaam in korrupsjeskandaal oan it ljocht dêr't mear as fyftich plysjeminsken by belutsen blieken te wêzen, en dêr't it hiele NYPD troch yn 'e pine set waard. Underwilens hiene Kint en syn maten miljoenen dollars oan juwiellen bútmakke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid reizgen de fiif kriminelen ôf nei Los Angeles, dêr't McManus kunde hie oan in heler dy't Redfoot hiet, sadat se de juwiellen omsette koene yn jild. Redfoot behelle harren yn in nije oerfal op in juwiellekoerier, dy't lykwols misrûn en derop útdraaide dat se de koerier en syn beide liifwachten deaskeaten. Yn 'e koffer dy't se dêrby bútmakken, blieken boppedat gjin juwiellen te sitten, mar drugs. Kint-en-dy fielden harren begryplikerwize besoademitere, en regelen in nije moeting mei Redfoot om ferhaal te heljen. Dyselde fertelde harren dat er sels neat oer de oerfal wist behalven wat him ferteld wie troch in abbekaat dy't Kobayashi hiet.

Wylst Kujan Kint ûnderfreget, komt út in ferklearring fan Kovács de namme 'Keyser Söze' nei foarren, dy't de Hongaar omskriuwt as 'de duvel sels'. As Kujan Kint mei dy namme konfrontearret, reägearret Kint tige ergere, mei't dat blykber immen is dy't er út syn ferhaal weilitte woe.

Hy fertelt Kujan dan in 'leginde' oer Söze, dy't himsels trochdien is troch Keaton. Söze wie in lytse Turkske drugsdealer dy't yn konflikt rekke mei de Hongaarske maffia. De Hongaren namen syn frou en trije bern yn gizeling en ferkrêften syn frou, mar doe't Söze thúskaam en se him lytsman meitsje woene, loek er in pistoal en skeat earst syn eigen frou en bern dea en dêrnei alle Hongaren op ien nei, dy't er ûntkomme liet om dit ferhaal te fersprieden. Neitiid socht er alle leden fan 'e Hongaarske binde op en makke harren dea, en ek har froulju en bern, har âldelju en har freonen, oan sels de lju ta dy't harren jild skuldich wiene, sadat it op 't lêst wie as hiene se nea bestien. Sa waard Söze, yn 'e wurden fan Kint, "in grizelferhaal dat kriminelen jûns oan harren bern fertelle."

Nei harren twadde moeting mei Redfoot regelen Kint-en-dy in moeting mei Kobayashi, dy't tsjin harren sei dat hy dejinge wie dy't efter harren arrestaasjes yn New York siet om't er harren gearbringe woe foar in oerfal dy't se útfiere moatte soene foar syn baas, de machtige en mysterieuze Keyser Söze. (Dat plantsje waard lykwols yn 'e bulten jage troch it flugge yngripen fan Edie Finneran.) Kobayashi fertelde harren ek dat se alle fiif, sûnder dat se it wisten, yn it ferline fan Söze stellen hiene. Dat se dat net bewust dien hiene, wie de iennichste reden dat se noch libben. Söze fûn lykwols dat se him wat skuldich wiene en easke dat se in oerfal foar him útfiere soene op in skip yn 'e haven fan Los Angeles. Dêr soe nammentlik in drugsdeal plakfine tusken de Hongaarske maffia en in Argentynske binde dy't mei Söze yn konflikt ferkearde. De fiif mannen mochten fan Söze de $91 miljoen dy't de Hongaren foar de kokaïne betelje soene, sels hâlde, as se der mar foar soargen dat de Argentinen sawol it jild as de drugs kwytrekken. Neitiid soene se lyk wêze mei Söze.

De fiif kriminelen wifelen oft se dwaan soene wat Kobayashi fan harren frege. Keaton wie derfan oertsjûge dat Söze net bestie en dat Kobayashi dy namme inkeld brûkte om harren bang te meitsjen. Fenster spile fan ruten, mar neitiid krigen de oaren in tillefoantsje fan Kobayashi wêryn't dy harren fertelde wêr't se him fine koene. Yndie troffen se Fenster op dat plak deasketten oan. Dêrop krongen se yn 'e momkape fan fervers de wolkekliuwer binnen dêr't it abbekatekantoar fan Kobayashi fêstige wie. Se skeaten syn liifwachten dea en woene him ek fermoardzje, oant er Keaton frege hoe't it dan moast mei Edie Finneran. It die bliken dat Kobayashi de faam fan Keaton nei Los Angeles ta lokke hie foar in útleveringssaak en dat er har 24 oeren deis beselskipje liet troch in 'liifwacht', dy't opdracht hie om har te ferkrêftsjen en fermoardzjen as der wat mei Kobayashi barde. Itselde lot soe yn sa'n gefal famyljeleden fan 'e oare trije kriminelen treffe. Keaton, McManus, Hockney en Kint bûnen doe yn en besleaten dochs mar de oerfal op it skip út te fieren.

Underwilens docht troch ûnderfreging fan Kovács en út ûndersyk oan board fan it skip bliken dat der nea in lading kokaïne oan board west hat. As er dêrmei konfrontearre wurdt, befêstiget Kint dat. Se foelen it skip by nacht oan, nei't de Hongaren arrivearre wiene mei it jild. Se fermoarden alle Hongaarske en Argentynske gangsters dy't se tsjinkamen, mar koene gjin kokaïne ûntdekke. Efterinoar waarden Hockney, in ûnbekende man dy't op it skip finzen holden waard, McManus en doe Keaton deamakke troch in ûnsjoene oanfaller, dy't it skip yn 'e brân stiek wylst Kint taseach fan in plak op 'e kade ôf dêr't er him ferskûle hie.

Kujan is der ûnderwilens efter kommen wat der wier ferhannele waard tusken de Argentinen en de Hongaren. It gie allegear om 'e man dy't op it skip finzen holden waard, in smokkelder dy't Arturo Marquez hiet. Dyselde hie in ferklearring ôflein oan 'e plysje, wêryn't er úthold dat er Keyser Söze identifisearje koe. Hy wie koartby frijkommen troch tadwaan fan Edie Finneran, dy't ûnderwilens ek fermoarde weromfûn is. Doe't bekend waard wat Marquez de plysje ferteld hie, ferkochten syn eigen minsken (de Argentinen) him oan 'e Hongaren, dy't nei alle gedachten konneksjes hiene mei de binde dy't troch Söze jierren lyn útrûge wie. Kujan, dy't al jierren efter Keaton oan sit en wat him oangiet in beskate foarm fan tunnelfyzje hat, riddenearret dat Keaton ferantwurdlik west hawwe moat foar de moarden op Marquez, McManus, Hockney en Finneran, dat er syn eigen dea yn sêne set hat en dat hy en Söze ien en deselde binne.

Kujan praat in skoft op Kint yn, oant dy einlings tajout dat Keaton yndie it masterbrein wie dat efter alle oerfallen siet. Hy wegeret lykwols om syn earder, oan it Los Angeles Police Department (LAPD) ôfleine ferklearring te wizigjen, om't er yn ruil dêrfoar ymmuniteit fan rjochtsferfolging krigen hat. Kujan wol dat er kroantsjûge wurdt, mar Kint laket dat foarstel fuort, om't dat mei wissichheid syn dea wurde soe. Hy ornearret dat er, sa't it no is, teminsten noch in kânske hat dat er it oerlibje sil. Hy wegeret dêrom en tsjûgje yn 'e rjochtseal tsjin Keaton of wa ek, en om't der jild foar him ynlein is, komt er op boarchtocht frij.

Net folle letter kriget Kujan foar it ferstân dat Kint syn hiele ferhaal út 'e tomme sûgd hat om nammen fan persoanen en plakken hinne dy't op papierren fermeld steane op it prikboerd, dêr't Kujan sels it hiele skoft mei de rêch nei ta stien hat. En de namme 'Kobayashi' stie op 'e ûnderkant fan 'e kofjemok dêr't er sels út dronk. Underwilens stapt Kint it plysjeburo út en mankepoatet fuort. Geandewei begjint er lykwols normaler te rinnen, oant der fan syn mankens neat mear oer is, wylst er ek de hân ûntspant dêr't er earder sabeare neat mei koe. Op basis fan it sinjalemint dat Kovács trochjûn hat, is in skets fan it gesicht fan Söze makke, dat krekt op dat stuit trochfakst wurdt fan it sikehûs nei it plysjeburo. De skets liket as twa drippen wetter op Kint, wêrmei't befêstige wurdt dat Kint eins Söze is. Kujan efterfolget Kint nei bûten ta, mar mist him op in pear tellen as Kint (Söze) by "Kobayashi" yn 'e auto stapt en fuortriidt.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Kevin Spacey.
 
Gabriel Byrne.
haadrollen
personaazje              akteur/aktrise
Roger "Verbal" Kint Kevin Spacey
Dean Keaton Gabriel Byrne


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dûane-agint Dave Kujan Chazz Palminteri
Michael McManus Stephen Baldwin
Todd Hockney Kevin Pollak
Fred Fenster Benicio del Toro
Kobayashi Pete Postlethwaite
Edie Finneran Suzy Amis
FBI-agint Jack Baer Giancarlo Esposito
brigadier Jeff Rabin Dan Hedaya
Redfoot Peter Greene
Keyser Söze (yn flashbacks) Scott B. Morgan

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

The Usual Suspects waard regissearre troch Bryan Singer nei in senario fan Christopher McQuarrie. Dyselde basearre it personaazje fan Keyser Söze op John List, in boekhâlder út Nij-Jersey dy't yn 1971 syn gesin fermoarde en doe spoarleas ferdwûn en in nije identiteit oannaam, foar't er hast tweintich jier letter pakt waard. De namme wie basearre op dy fan McQuarrie syn eardere baas by in abbekatekantoar yn Los Angeles, dy't Kayser Sume hiet; hy feroare lykwols de efternamme om gjin problemen te krijen mei de echte man. It wurd söze fûn er yn it Turksk-Ingelsk wurdboek fan syn keamergenoat en soe "te folle prate" betsjutte. (Wa't dat wit kin útriddenearje wa't yn 'e film de echte Keyser Söze is, mei't oan it begjin ferteld wurdt dat Roger Kint syn bynamme 'Verbal', Ingelsk foar "ferbaal", krigen hat om't er it foar de moade hat om mar troch te ratteljen.)

As produsinten wiene regisseur Singer en Michael McDonnell by it projekt belutsen foar de filmstudio's PolyGram Filmed Entertainment, Bad Hat Harry Productions, Blue Parrot en Spelling Films International. De film, dy't in Amerikaansk-Dútske ko-produksje wie, beskikte oer in budget fan $5,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Newton Thomas Sigel, en de filmmuzyk sawol as de filmmontaazje waard fersoarge troch John Ottman. De opnamen fûnen oer in perioade fan 35 dagen plak yn New York en Los Angeles. De sêne mei de line-up op it plysjeburo moast kear op kear oerdien wurde om't de akteurs dy't de fiif kriminelen spilen, inoar allegeduerigen oan it laitsjen makken. Nei't er troch lulkens hinne by wanhoop oanbelâne wie, besleat regisseur Singer op 't langelêst mar om it laitsjen fan 'e mannen yn it ferhaal te ferwurkjen.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Usual Suspects waard yn 'e Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk en Frankryk fersoarge troch Gramercy Pictures en yn oare lannen en territoaria troch Spelling Films International. De film waard op 25 jannewaris 1995 foar it earst fertoand op it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films, yn Utah. De film waard letter dat jier ek bûten de kompetysje om draaid op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle. Op 16 augustus 1995 iepene The Usual Suspects yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige The Usual Suspects oer it algemien positive resinsjes. Fral it aktearjen fan Kevin Spacey waard priizge. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone dat syn "fan lef tsjûgjende, briljante optreden oan ien wei troch lokies foar in Oscar is." In útsûndering wie Roger Ebert, dy't The Usual Suspects yn 'e Chicago Sun-Times mar 11/2 fan 4 stjerren joech en de film betiizjend en ûnynteressant fûn. Hy skreau: "Ynsafier't ik it ferhaal wol begryp, kin it my neat skele." Ek naam er letter The Usual Suspects op yn syn list fan meast hate films.

Yn 'e krante USA Today wie Mike Clark justjes mylder oer de film, dy't er 21/2 fan 4 stjerren taparte. Hy neamde de film "in detektivefilm mei ien fan 'e meast komplekse plots sûnt minskewitten – hoewol't, paradoksaal genôch, fjouwerfyfde part fan 'e film fierstente maklik te foarsizzen is." Yn The New York Times wie Janet Maslin dan wol wer fan 'e film ûnder de yndruk, dy't se it bewiis fûn dat ek "sûnder it geweld of de tsjûk oansette swetserij fan Reservoir Dogs" in stikmannich "fassinearjend ambiguë personaazjes" kreëarre wurde koene.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Usual Suspects in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 73 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er tige kundich opnommen en montearre is, jout [de film] it publyk in ienfâldige plot en steapelet dêr dan de iene nei de oare laach geweld, bedroch en ûnferwachtse draaien yn it ferhaal boppe-op, foar't jin úteinlik it flierkleed ûnder de fuotten weilutsen wurdt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Usual Suspects in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 22 resinsjes.

The Usual Suspects wurdt tsjintwurdich oer it algemien beskôge as in klassiker, wylst de namme fan Keyser Söze yn 'e Amerikaanske popkultuer suver sprekwurdlik wurden is foar in ûngrypber krimineel masterbrein dat efter de skermen wei eltsenien nei syn pipen dûnsje lit.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Usual Suspects brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $23,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $11,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $34,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $5,5 miljoen betsjut dat in winst fan $28,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in kommersjeel súkses.

Prizen bewurkje seksje

Yn 1996 wûn The Usual Suspects by de Oscars de prizen yn 'e kategoryen bêste byrol fan in akteur (Kevin Spacey as Verbal Kint) en bêste orizjinele senario (Christopher McQuarrie). Yn syn akseptaasjetaspraak sei Spacey: "No, wa't Keyzer Söze ek wêze mei, ik kin jim yn elts gefal meidiele dat er fan 'e jûn smoardronken reitsje sil."

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Usual Suspects nominearre foar de priis foar bêste film. De film wûn de BAFTA's foar bêste orizjinele senario (McQuarrie) en bêste filmmontaazje (John Ottman). The Usual Suspects waard fierders nominearre foar trije Independent Spirit Awards, wêrûnder yn 'e kategory bêste kamerarezjy. De film wûn de prizen foar bêste byrol fan in akteur (Benicio del Toro) en bêste senario (McQuarrie). Regisseur Bryan Singer wûn mei de film de Empire Award foar bêste debútfilm (hoewol't The Usual Suspects eins syn trêde film wie).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.