Theo Douma (31 july 1956 - De Rottefalle, 12 novimber 2011) wie in hûsdokter yn De Rottefalle, sjonger en Fryske lietsjeskriuwer.

Libben bewurkje seksje

Douma makke mei syn broer Wim (ek hûsarts) diel út fan de Frysktalige bluesband Oerémis. De lêste jierren wienen se aktyf as it duo Douma en Douma. By live-optreden spilen Douma en Douma as duo, mar eventueel ek mei de Dokters.

Theo krige klassyk pianoles doe't er 10 wie, mar begûn algau de blues te spyljen, ûnder oare nûmers fan it âlde Fleetwood Mac. Op syn 18de spile hy oargel yn syn earste bandsje. Spile letter altsaksofoan by de Jouster fanfare. Ek wie er by de band Zenith. Song en spile earst yn it Ingelsk en it Hollânsk, de lêste jierren foaral yn t Frysk. As toetsenist song er sa no en dan ek in stikje. Krige wolris de opmerking dat syn teksten faak ferkeard ôfrinne. Theo skreau trijekwart fan de lietsjes dy't op de fjouwer cd's fan Oerémis ( mei Eckhardt Dulfer, Ery Dam en Zwaanette Dijkstra) en Douma en Douma steane.

Alle lietsjes op de CD's binne eigen komposysjes. Theo komponearret op de piano, en Wim sawol op gitaar as piano. De teksten binne meast fan Theo. Hy makket sels de muzyk of jout de tekst oan Wim dy't der bytiden in oare draai oan jout. Begjin 2010 ferskynt fan it duo de CD "Ik wol nei hus ta" mei 12 lietsjes mei ferskate ûnderwerpen. LC-redakteur Sietze de Vries skreau hjiroer: "de teksten binne soms wat kabaretesk, gauris jouwe se utering oan it bluesgefoel fan de troch frou en elkenien ferlitten wâldman dy't efterbliuwt my syn flesse skjinne as iennichste treast." Op de CD wurde Douma en Douma op inkele nûmers begelaat troch "de Dokters", dat binne drummer Erie Dam en Zwaanette Dijkstra, dy't sjongt en saksofoan en akkordeon spilet.

Hoewol't er al in skoft siik wie, trede hy fjirtjin dagen foar syn dea noch op yn Boelensloane.

Diskografy bewurkje seksje

  • Oerémis
    • Siik, stiif en Mislik (1999)
    • Gjin Nocht (2002)
  • Douma en Douma & de dokters:
    • Ik wol nei hûs ta (2010)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fideoclips op YouTube troch Oerémis: