Theunis Heukels (Lollum, 18 april 1880 - Rotterdam, 13 jannewaris 1953) wie in Nederlânsk skoaldirekteur en antyrevolúsjonêr politikus.

Theunis Heukels

Biografy bewurkje seksje

Theunis Heukels wie in soan fan skoalhaad Nicolaas Heukels en Baukje Marra. Doe't er op de legere skoalle siet ferfear de húshâlding nei Capelle aan den IJssel. Hy gie yn Rotterdam nei de middelbere skoalle. Dêrnei gie er nei de grifformearde kweekskoalle foar ûnderwizers yn Amsterdam en helle dêr syn leger ûnderwiisakten Frânsk en Ingelsk en de haadakte Frânsk en Ingelsk. Hy wurke as dosint oan in m.u.l.o. yn Amsterdam en Rotterdam, oant er fan 1903 oant 1916 direkteur wie fan de Prins Mauritsskoalle yn Rijswijk. Yn 1903 boaske er yn Capelle aan den IJssel oan Helena Vuyk, mei wa't er njoggen bern krige. Dêrnei wie er fan 1916 oant 1925 sjef administraasje by de skipwervefirma 'A Vuyk en Zonen'. Helena stoar al yn 1927 en yn 1928 troude er op 'e nij yn Rotterdam mei Maria Nelly Maan.

Fan 1919 oant 1925 wie Heukels gemeenteriedslid yn Rotterdam en fan 1923 oant 1941 lid fan de Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân. Fan 1922 oant 1925 wie er lid fan de Twadde Keamer, dêr't mar in pear kear spriek; benammen oer ûnderwiissaken en ien kear oer de begrutting foar it Suderseefûns. Yn 1925 waard er deputearre fan Súd-Hollân, wat er bliuwe soe oant 1941. Nei de befrijing wie er noch skraachwurk in jier tydlik lid fa Deputearre Steaten. Yn 1928 kaam er noch in kear yn de Twadde Keamer nei it ferstjerren fan in keazen fertsjintwurdiger en it betankjen fan twa oaren, en kombinearre er it Keamerlidmaatskip mei syn funksje as deputearre foar in jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: