Thijs Feenstra (akteur)

Thijs Feenstra (Snits, 31 july 1959) is in Frysk akteur.

Wurkpaad bewurkje seksje

Nei't Feenstra ôfstudearre wie oan de Akadeemje foar Ekspresje yn Kampen, spile er in pear jier foar it Fryske teaterselskip Tryater. Hy spile dêr ferskate rollen, bygelyks yn de foarstelling Equus, 11-stêdetocht en Medea fan Euripides. Ek mei Tryater hat er op it Oerolfestival stien op Skylge. Neist Tryater hat er ek spile foar de teatergroep De Appel, dêr't er te sjen wie yn it stik Antonius en Kleopatra fan Shakespeare. Ek wie Feenstra te sjen by in tal fan frije produksjes, lykas Er valt een traan op de tompoes fan Annie M.G. Schmidt.

Op de tillefyzje hat Feenstra yn ûnderskate Fryske en Nederlânske searjes spile. Hy hie in fêste rol yn de searjes Bureau Kruislaan, Doei en Baas Boppe Baas. Yn de lêste spile er de rol fan Sjoerd Baas, de soan fan Beant Baas dy't spile waard troch Rense Westra. De rezjy wie yn hannen fan Steven de Jong. Hy hie in gastrol yn de searjes Baantjer, Parels en Zwijnen, Bij ons in de Jordaan en Keizer en de Boer advocaten.

Neist it teater en tillefyzjesearjes hat Feenstra ek spile yn ûnderskate spylfilms, lykas Maten en Nynke fan Pieter Verhoeff en Zwartboek fan Paul Verhoeven.

Filmografy bewurkje seksje

  • De Hel van '63 rezjy Steven de Jong
  • Shockin blue rezjy Mark de Cloe
  • 13 in de oorlog rezjy Vincent Schuurmans NPS
  • Verborgen verhalen rezjy Jan Pool
  • Brief aan de koning Regie Pieter Verhoeff
  • Flow TV Film NPS
  • Bureau Kruislaan (twa seizoenen)
  • Doei (ien seizoen)
  • Baas Boppe Baas (ien seizoen)
  • In goede aarde rezjy Ben Sombogaart
  • Maten rezjy Pieter Verhoeff
  • Nynke rezjy Pieter Verhoeff
  • Bij ons in de Jordaan fan Frank Ketelaar, rezjy Willem ban de Sande Bakhuyzen
  • Zwartbroek fan Gerard Soeteman, rezjy Paul Verhoeven
  • Sportman fan de ieu tekst en rezjy Mischa Alexander
  • De Noordelingen tekst en rezjy Alex van Warmerdam
  • Keijzer en de Boer Advocaten
  • Baantjer
  • Russen
  • Toen was geluk heel gewoon
  • Parels en Zwijnen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: