Thom van der Goot

Thom van der Goot (Amsterdam, 26 july 1946 - Súdlaren, 5 juny 2023) [1] wie dosint, teäterdirekteur en regisseur.

Thom is de soan fan in Rynfeartkapitein en krige syn oplieding by de fransiskaner mûntsen. Nei in oplieding as dosint Drama kaam Van der Goot yn 1976 nei it Noarden. Hy waard konsulint foar it amateurtoaniel yn Fryslân en fan 1980 - 1986 artistyk en algemien direkteur fan it toanielselskip Tryater. Yn 1986 waard hy direkteur fan teäter De Lawei yn Drachten. Van der Goot gie ein 1998 út Drachten wei nei Grins mei de opdracht om De Oosterpoort en de Stedsskouboarch yn ien wurkmaatskippij ûnder te bringen. Yn de VUT advisearre hy by it ûntwerp fan it nije Kultuerhûs fan Oldambt.

It funksjonearjen fan Van der Goot wie net ûnomstriden. Van der Goot makke him sterk foar in ‘omkearde merkekonomy’. Keunst begjint by de keunstner en net by de winsken fan de massa. It giet derom de artistike talinten sjen te litten, en dêr safolle mooglik, mar benammen it júste publyk by te 'finen'. Fan amtnerij moast er dan ek neat ha en syn oanfarring mei keunstneresse Irene Verbeek (Eindhoven, 1945) kaam yn it nijs.

As byfunksjes yn de muzyk en teäterwrâld wie er trije edysjes foarsitter fan it Frysk Festival, foarsitter fan de gearwurkjende Noardlike skouboarchdirekteuren en bestjoerslid fan de lanlike feriening. Hy siet yn de amtlike wurkgroep dy't De Voorziening (it lettere Noard Nederlânsk Toaniel) en Reflex (it lettere Noard Nederlânske Dûns) oprjochte en wie der ek in skoft bestjoerslid fan.

Hy siet yn ferskate sjuerys, sette oer, bewurke en regissearre toanielstikken en de grut opsette Nijjiersrevues fan De Lawei yn Drachten. Oant 2011 wie er lid fan de kommisje poadiumkeunsten fan de Ried foar Kultuer.

Van der Goot stoar yn de âldens fan 76 jier yn Súdlaren.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: