Thor: Ragnarok is in Amerikaanske apokalyptyske superheldefilm mei science fiction-eleminten út 2017. De film stie ûnder rezjy fan Taika Waititi, en de haadrollen waarden spile troch Chris Hemsworth en Tom Hiddleston. De titel betsjut: "Thor: Ragnarök" (Ragnarök is de ein fan 'e tiden yn 'e Noardske mytology). It ferhaal folget de god Thor, dy't, nei it ferstjerren fan syn heit Odin, ûntdekt dat er in âldere suster hat, Hela, de goadinne fan 'e dea. Hja is wisberet om net inkeld Asgard, mar it hiele hielal ûnder har skrikbewâld te bringen, en Thor moat har tsjinhâlde. Dat falt lykwols noch net ta as er fêst komt te sitten op in planeet dy't letterlik de dwinger fan it hielal liket te wêzen. Thor: Ragnarok krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 3 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Spider-Man: Homecoming. De folgjende film fan 'e rige is Black Panther, dat yn 2018 útkaam, mar it direkte ferfolch op Thor: Ragnarok is Thor: Love and Thunder, út 2022.

Thor: Ragnarok
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Taika Waititi
produsint Kevin Feige
senario Eric Pearson
Craig Kyle
Christopher L. Yost
basearre op Thor fan Stan Lee,
   Larry Lieber en Jack Kirby
kamerarezjy Javier Aguirresarobe
muzyk Mark Mothersbaugh
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Chris Hemsworth
Tom Hiddleston
byrollen Tessa Thompson
Mark Ruffalo
Cate Blanchett
Jeff Goldblum
Idris Elba
Anthony Hopkins
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 oktober 2017
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $180 miljoen
opbringst $854,0 miljoen
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Spider-Man: Homecoming
● folgjend diel Black Panther

Plot bewurkje seksje

Twa jier nei de Slach om Sokovia (sjoch: Avengers: Age of Ultron) lit de god en superheld Thor him mei opsetsin finzen nimme op in net by namme neamde planeet, dêr't er foar de fjoerdemon Surtur brocht wurdt. Dyselde sit him te fergriemen om it lot fan Thor en fertelt selsfoldien dat er mei koarten Thor syn thúswrâld Asgard ferdylgje sil yn 'e lang foarseine ein fan 'e tiden Ragnarök. As er syn kroan ferienet mei de Ivige Flamme dy't yn 'e klûs fan Odin baarnt, sil er syn folsleine macht weromkrije dy't er lang ferlyn ferlear doe't er ferslein waard troch Odin. As dat bart, sil nimmen him noch tsjinkeare kinne. Thor ornearret dat Odin Surtur fannijs ferslaan sil sadree't dyselde him op Asgard sjen lit, mar Surtur fernijt him dat Odin net op Asgard is. Nei't er syn fijân alhiel útkloarke hat, skuort Thor himsels los, ropt syn magyske hammer Mjölnir by him, ferslacht Surtur, stelt syn kroan en keart werom nei Asgard.

Op Asgard blykt yn 'e fjouwer jier sûnt Thor dêr foar it lêst west hat, gâns feroare te wêzen. Heimdall, de alsjende wachter fan 'e Bifröst, de Reinbôgebrêge (dy't eins in wjirmgat nei oare wrâlden is), mist fan syn post. Thor kriget te hearren dat Odin Heimdall ferballe hat foar ferrie. De nije wachter by de Bifröst is de kriger Skurge, dy't benammen wyn en blast is. Yn 'e stêd treft Thor syn heit Odin oan dy't genietet fan it goede libben yn it skaad fan in reuseftich stânbyld fan Thor syn pleechbroer Loki, wylst er nei in toanielstik sjocht dêr't de heldhaftige dea fan Loki, fjouwer jier earder (sjoch: Thor: The Dark World), yn ôfbylde wurdt, mei personaazjes fan Odin en Thor dy't Loki alle lof taswaaie. Thor grypt de tasjende "Odin" by de lurven en twingt him de betsjoening op te heffen dy't him it uterlik fan Odin jout. It docht bliken dat it eins Loki is, dy't dochs net omkommen is op 'e Dûnkere Wrâld, sa't eltsenien miende, mar neitiid temûk weromkommen is nei Asgard om dêr it plak fan Odin yn te nimmen sûnder dat ek mar immen dêr euvelmoed yn hie.

Thor twingt Loki om him mei te nimmen nei it plak dêr't er Odin finzen set hat. Dat blykt in fersoargingstehûs yn New York te wêzen, dat lykwols krekt sloopt wurdt as se dêr oankomme. Mei help fan 'e tsjoender dr. Stephen Strange, dy't Loki sa fluch mooglik fan 'e Ierde ôf hawwe wol, fine se Odin werom yn Noarwegen, dêr't er yn 'e wyldernis op in klif boppe in fjord útsjocht oer de Atlantyske Oseaan. Odin komplimintearret Loki mei de betsjoening dy't er oer him útsprutsen hie, mei't er der klauwen oan hân hat om himsels dêrfan te ûntdwaan. Hy leit oan syn soannen út dat er stjerrende is, en dat Ragnarök op kommendeweis is nettsjinsteande al Thor syn krewearjen om dat foar te kommen. It sit nammentlik sa: Odin hat nòch in bern, Thor syn âldere suster Hela, de goadinne fan 'e dea. Dyselde wie oarspronklik de oanfierster fan 'e legers fan Asgard by de ferovering fan 'e Njoggen Riken, mar se wie te ambisjeus en waard te machtich, sadat se lang ferlyn troch Odin finzenset en út 'e skiednis wiske waard om't dat de iennichste manear wie om har te berongjen.

Odin komt yn it bywêzen fan Thor en Loki te ferstjerren, en fuort dêrnei ferskynt Hela, dy't harsels presintearret as har heite erfgenamt en de rjochtlike hearskeresse oer Asgard en de Njoggen Riken. Se easket dat har bruorren harren foar har delbûge. Dy wegerje dat en Thor smyt syn hammer Mjölnir, dy't nimmen wjerstean kin, op har ôf. Mar Hela grypt de hammer fêst en knypt him oan gruzeleminten. As Loki foar himsels en Thor de Bifröst nei Asgard nimt, folget Hela harren dêrhinne. Underweis smyt se Loki en Thor út it wjirmgat, de romte yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sadwaande komt Hela allinne yn Asgard oan, dêr't se by de Bifröst twa fan 'e Trije Krigers, Volstagg en Fandral, deadet, dy't Thor dêr postearre hie om in eachje te hâlden op 'e ûnbetroubere Skurge. Dyselde kiest derfoar om te oerlibjen en jout him by Hela. Yn 'e stêd wurdt Hela oanfallen troch Hogun, de lêste fan 'e Trije Krigers, mei it hiele Asgardster leger, mar se deadet harren allegearre. Yn it keninklik paleis hout se de flier stikken om tagong te krijen ta in reuseftige ûndergrûnske tombe, dêr't de Asgardster krigers dy't yn âlde tiden foar har fochten hawwe en sneuvele binne, opbiere lizze, en ek har ryddier, de reuseftige wolf Fenris. Mei har krêften as goadinne fan 'e dea bringt se dyselden allegear wer ta libben, of alteast ta in steat fan ûndea. Skurge stelt se oan as har boal. Oan him iepenbieret Hela har plan om it Asgardster Ryk út te wreidzjen oer it hiele hielal, mar dêrfoar is se de Bifröst nedich, en de troch Loki ferballe Heimdall glûpt by de kontrôlekeamer fan 'e Bifröst nei binnen ta en stelt it swurd dat de kaai is ta de betsjinning fan it wjirmgat.

Thor bedarret op Sakaar, in planeet dy't omjûn wurdt troch wjirmgatten, en dy't blykber letterlik de dwinger fan it hielal is, dêr't alle ôftanke troep en lju gearkomme. Hy wurdt rêden fan in groep bûtenierdske wêzens dy't mank de rotsoai libje en him opite wolle, mar syn rêdster is in slavehannelster mei de namme Scrapper 142, dy't him betwingt mei it gebrûk fan in stroomstjitwapen. Oan in tatoeaazje op har earm ken Thor har wer as in Walkuere, ien fan 'e legindaryske karkloft fan froulike Asgardster kriichsters dy't lang ferlyn oan 'e lêste ta omkommen wêze soene by it befjochtsjen fan Hela. Hy sprekt har dêrop oan, mar sy wol der neat fan witte. Se ferkeapet him oan 'e hearsker fan Sakaar, in persoan dy't himsels de Grutmaster neame lit. It docht bliken dat op Sakaar de tiid in apart ferrin hat en dat Loki der al in pear wiken earder belâne is. Hy hat him ûnderwilens yn 'e geunst fan 'e Grutmaster witten te wurkjen.

Neitiid wurdt Thor twongen om as gladiator mei te dwaan oan 'e gefjochten dy't de Grutmaster yn in mânske, oerdutsen arena hâlde lit. Hy moat útkomme tsjin 'e kampioen, in wêzen tsjin wa't gjin inkele tsjinstanner oant no ta in gefjocht oerlibje kinnen hat. Ta Thor syn opluchting blykt dat nimmen oars as de Hulk te wêzen, fan wa't neat mear fernommen is nei't er twa jier lyn, oan 'e ein fan 'e Slach om Sokovia, útpykte yn 'e Quinjet fan 'e Avengers (sjoch: Avengers: Age of Ultron). De opluchting is fan koarte doer as der mei de Hulk net te riddenearjen falt, sadat it mei it gefjocht oangiet. Nei't er in flink wan bruien krigen hat, ropt Thor ynstinktyf wjerljocht op fan binnenyn him en betellet er de Hulk mei gelikense munt werom. De Grutmaster sabotearret lykwols it gefjocht, sadat syn kampioen, de Hulk, it wint. Mar Thor is wol de earste dy't in gefjocht mei de Hulk oerlibbet en neitiid wurdt er yn deselde lúkse ynrjochte sel as de Hulk opsletten.

Thor besiket de Hulk en Scrapper 142 te bepraten en help him om Asgard te rêden fan Hela, mar net ien fan beiden hawwe se dêr earen nei. Dêrom ûntsnapt er op eigen manneboet nei de Quinjet, dêr't er mei weromkeare wol nei Asgard. De Hulk, dy't it fierders op Sakaar wol nei it sin hat, is lykwols iensum en wol net dat Thor by him wei giet. Hy folget him nei de Quinjet, dy't er by fersin fernielt as er oerstjoer oan board komt. Thor kalmearret him troch in fideoboadskip fan Natasha Romanoff oftewol Black Widow ôf te spyljen, de superheldinne fan wa't de Hulk hâldt. Dat soarget derfoar dat de griene reus foar it earst yn twa jier transformearret ta dr. Bruce Banner. Dyselde is raar gesteld as er foar it ferstân kriget hoelang't de Hulk him diskear behearske hat, dat hy nimt him foar om 'e Hulk der nea wer "út" te litten.

Underwilens jout de Grutmaster oan Scrapper 142 en Loki in ultimatum om Thor en de Hulk op te spoaren en te fangen en binnen in oere by him werom te bringen, of oars… Loki en Scrapper 142 reitsje neitiid lykwols fuortendaliks slaande deilis. As Loki ûntdekt dat er in Walkuere foar him hat, kringt er har tinzen binnen om't er witte wol hoe't it kin dat sy de konfrontaasje mei Hela oerlibbe hat (troch de selsopoffering fan in oare Walkuere), en twingt har sa om 'e útrûging fan har susters te werbelibjen. Letter fynt Scrapper 142 op 'e strjitte Thor en Banner, dy't se mei weromnimt nei har appartemint, dêr't se Loki finzen hâldt. Troch it werbelibjen fan it gefjocht mei Hela is de Walkuere ferfolle rekke fan in langst nei wraak op Hela, dat se hat besletten har dochs by Thor te jaan. Loki slút him by de groep oan, mei't er leaver net útfine wol wat de Grutmaster foar him yn petto hat as er Thor en de Hulk net binnen de stelde tiid werombringt. Hy hat net stilsitten yn 'e tiid dy't er op Sakaar trochbrocht hat, dat hy beskikt oer de koades fan alle romteskippen fan 'e Grutmaster.

Wylst Banner en de Walkuere de oare gladiators befrije, dy't ûnder lieding fan 'e bûtenierdske wêzens Korg en Miek prompt in opstân tsjin 'e Grutmaster begjinne, liedt Loki Thor nei de hangaar fan 'e Grutmaster. Dêr besiket er him te ferrieden, om dochs noch wer in wyt fuotsje by de Grutmaster te heljen, mar Thor, dy't syn broer langer ken as hjoed en juster, is him foar en skeakelet him út mei itselde stroomstjitwapen dat de Walkuere en de Grutmaster earder tsjin himsels brûkt hawwe. Hy ûntsnapt yn it plezierjacht fan 'e Grutmaster, dêr't Banner en de Walkuere har by him jouwe. De trewanten fan 'e Grutmaster sette yn harren eigen skippen de efterfolging yn, mar Thor en de Walkuere weve op spektakulêre wize mei harren ôf. Se ûntkomme trijeresom yn it plezierjacht troch it grutste wjirmgat op Sakaar, dat dêr bekend stiet as de 'Duvelsanus'. Loki wurdt yn 'e hangaar oantroffen troch Korg en Miek en har maten, dy't net ien fan allegearre botte skrander binne. Dat stelt Loki by steat om daliks de lieding oer harren te nimmen. Mei-inoar ûntkomme se fan Sakaar yn in reuseftich frachtskip.

Troch it wjirmgat berikke Thor, Banner en de Walkuere Asgard, dêr't Heimdall ûnderwilens de boargerbefolking yn feilichheid besiket te bringen fia de Bifröst. Op 'e Reinbôgebrêge wurde se lykwols opwachte troch de reuseftige wolf Fenris, wylst de weromwei ôfsletten wurdt troch Hela har leger fan ûndeaden, oanfierd troch Skurge. Thor bewapenet it plezierjacht mei in ûnbidich grut masinegewear. Wylst er sels Hela yn 'e stêd oanfalt en Heimdall en de Asgardsters de ûndeaden befjochtsjen, besykje Banner en de Walkuere út 'e loft wei ôf te weven mei Fenris. As dat net slagget en hy sjocht wat de wolf mei de boargers dwaan sil, komt Banner werom op syn eardere beslút. Hy springt út it romteskip, feroaret yn de Hulk, en begjint Fenris in pak op 'e hûd te jaan. De Walkuere en in beroufolle Skurge jouwe har by Heimdall-en-dy, en krije fersterking fan Loki en de ûntsnapte gladiators, dy't op dat stuit mei har grutte frachtskip op Asgard arrivearje. De boargers wurde it frachtskip yn dirigearre, wylst Heimdall, Loki en de Walkuere de efterhoede dekke en Skurge himsels deafjochtet as de ûndeaden besykje om it frachskip te interjen.

Yn it gefjocht mei Hela slacht sy Thor syn rjochtereach út, wêrnei't er in fizioen fan Odin kriget. Dy fertelt him dat er folle sterker is as dat hysels (Odin) wie en dat Asgard net it plak is, mar de minsken dy't der wenje. Thor wit Hela fan him ôf te slaan troch syn ynderlike wjerljocht wer op te roppen, mar hy hat wol foar it ferstân dat er dêr inkeld tiid mei winne kin. De wurden fan Odin hawwe him lykwols beseffe litten dat de profesije oer Ragnarök der net om draaide om Ragnarök tsjin te kearen, mar om it barre te litten. Hy jout Loki dêrom opdracht om nei de klûs fan Odin te gean en de kroan fan Surtur yn it Ivige Fjoer te smiten. As dat dien wurdt, stiet de fersleine fjoerdemon wer op, sterker as ea tefoaren. Wylst Thor, Loki en de Walkuere troch de Hulk, dy't Fenris oerwûn hat, oan board fan it frachtskip brocht wurde, ûntdekt Hela dat se yn Surtur in fijân fûn hat dy't se net oer kin. Lykas foarsein yn 'e profesije ferneatiget Surtur hiele Asgard, wêrby't er Hela deadet. De Asgardsters ûntkomme lykwols yn it skip. Thor, dy't no troch eltsenien as kening fan Asgard erkend wurdt, fermoedsoenet him mei Loki en set koers nei de Ierde.

Yn in sêne healwei de ôftiteling wurdt it frachtskip mei de Asgardster flechtlingen fuortby de Ierde ûnderskept troch in reuseftich romteskip (neffens filmprodusint Kevin Feige it skip fan 'e yntergalaktyske kriichshear Thanos).

Yn in sêne dy't folget oan 'e ein fan 'e ôftiteling komt de Grutmaster op Sakaar foar 't ljocht út in delstoart romteskip. As er konfrontearre wurdt mei syn swierbewapene eardere ûnderdienen, dy't driigjend op him ta komme, wiist er derop dat eltse revolúsje ferlet hat fan immen om tsjin yn opstân te kommen. Hy stelt foar om it mar op gelykspul te hâlden.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje   akteur/aktrise
Thor Chris Hemsworth
Loki Tom Hiddleston


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Scrapper 142 / de Walkuere Tessa Thompson
Bruce Banner / de Hulk Mark Ruffalo
Hela Cate Blanchett
de Grutmaster Jeff Goldblum
Heimdall Idris Elba
Odin sir Anthony Hopkins
Skurge Karl Urban
dr. Stephen Strange Benedict Cumberbatch (cameo)
Topaz, de stêfsjef fan 'e Grutmaster Rachel House
Korg Taika Waititi (stim en motion-capture)
Surtur Clancy Brown (allinne stim)
Hogun Tadanobu Asano
Volstagg Ray Stevenson
Fandral Zachary Levi
hierknipper Stan Lee (cameo)
Odin yn toanielstik Sam Neill (cameo)
Loki yn toanielstik Matt Damon (cameo)
Thor yn toanielstik Luke Hemsworth (cameo)
Natasha Romanoff / Black Widow Scarlett Johansson (allinne op argyfbylden)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

In trêde film oer de god en superheld Thor waard yn jannewaris 2014 oankundige, in fearnsjier nei de premiêre fan 'e foargeande film Thor: The Dark World. De preproduksje begûn yn jannewaris 2016. Thor: Ragnarok waard regissearre troch de Nijseelânske filmmakker Taika Waititi, nei in senario fan Eric Pearson, Craig Kyle en Christopher L. Yost. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de filmstudio Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $180 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Javier Aguirresarobe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mark Mothersbaugh.

 
Regisseur Taika Waititi.

Opnamen en postproduksje bewurkje seksje

De opnamen foar Thor: Ragnarok setten op 4 july 2016 útein en duorren oant yn septimber fan dat jier. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Village Roadshow Studios yn Gold Coast, yn 'e Australyske steat Queenslân. Dêrnjonken fûnen der opnamen op lokaasje plak yn oare dielen fan Queenslân, wêrûnder de binnenstêd fan Brisbane (dy't trochgie foar Manhattan) en it Nasjonaal Park Tamborine. Ek waard der filme op Dirk Hartogeilân foar de kust fan West-Austraalje en op it Sudereilân fan Nij-Seelân. Yn 'e postproduksje fan 'e film waarden mear as 1.560 special effects tafoege troch in stikmannich special effects-bedriuwen, wêrûnder George Lucas syn Industrial Light & Magic (ILM).

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Thor: Ragnarok waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 10 oktober 2017 yn it El Capitan Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 3 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 10 novimber 2017 by platemaatskippij Hollywood Records. Thor: Ragnarok kaam op 20 febrewaris 2018 beskikber as digitale download en waard op 6 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

 
De filmset fan Thor: Ragna-rok yn 'e binnenstêd fan Brisbane, yn Queenslân, dy't trochgiet foar Manhattan.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Thor: Ragnarok oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone de film 3 fan 4 stjerren. Hy omskreau Thor: Ragnarok as: "de measte wille dy't jo ea hawwe sille by in Marvel-film." Op 'e webside RogerEbert.com parte Matt Zoller Seitz de film ek 3 fan 4 stjerren ta, wylst Robbie Collin yn 'e Britske krante The Daily Telegraph oan Thor: Ragnarok 4 fan 5 stjerren joech. In protte resinsinten, ûnder wa Travers en Sheri Linden fan The Hollywood Reporter, priizgen de rezjy fan Taika Waititi en de lichtfuottiger toan dy't er syn film jûn hie. Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle, Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times en Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune hiene fral lof foar it aktearjen fan Chris Hemsworth, Tom Hiddleston, Tessa Thompson, Cate Blancett, Mark Ruffalo en Jeff Goldblum.

Yn it tydskrift Variety liet Peter Debruge in ôfwikend lûd hearre. Hy neamde Thor: Ragnarok "bespotlik", mar fûn dat Goldblum mei syn aktearjen de stjer fan 'e film wie. Stephanie Zacharek fan Time fûn 'e plot fan Thor: Ragnarok in tizeboel en de film sels "earder sliepferwekjend as energearjend". Yn The New York Times omskreau Manohla Dargis de film as "in ûnynteressant bosk fjochtpartijen, yntriizjes en handige tafallichheden", mar se stelde ek fêst dat Hemsworth "der hjir gelokkiger en folle ûntspander útsjocht as yn eardere Thor-fehikels, en dàt is hjir faaks wol de wierste prestaasje fan Waititi.'

 
F.l.n.rj.: filmprodusint Kevin Feige, regisseur Taika Waititi en akteurs Chris Hemsworth, Tom Hiddleston, Mark Ruffalo, Cate Blanchett, Jeff Goldblum, Tessa Thompson en Karl Urban by de promoasje fan Thor: Ragnarok op 'e San Diego Comic-Con fan 2017.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Thor: Ragnarok in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 436 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't Thor: Ragnarok spannend en grappich is en de sjoggers boppe-al wille biedt, is de film in kleurryk kosmysk aventoer dat in nije standert ynstelt foar de franchise – en foar de rest fan 'e Marvel Cinematic Universe-rige. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Thor: Ragnarok in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 51 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Thor: Ragnarok brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $315,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $538,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $854,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $180 miljoen betsjut dat in winst fan $674 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Thor: Ragnarok de op acht nei meast opbringende film fan 2017, nei Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, Beauty and the Beast, The Fate of the Furious, Despicable Me 3, Jumanji: Welcome to the Jungle, Spider-Man: Homecoming, Wolf Warrior 2 en Guardians of the Galaxy Vol. 2. Thor: Ragnarok brocht bûten Noard-Amearika it measte op yn Sina ($112 miljoen), it Feriene Keninkryk ($40,4 miljoen) en Súd-Koreä ($35,1 miljoen). It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $174,2 miljoen.

Prizen bewurkje seksje

Yn 2018 waard Thor: Ragnarok nominearre foar 2 Saturn Awards, de Hugo Award foar bêste dramtyske presintaasje (lange foarm), 8 Empire Awards, 3 Critics' Choice Awards, 2 MTV Movie Awards, en 5 Teen Choice Awards. Dêrfan wûn Chris Hemsworth in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in science fiction-film. Idris Elba wûn in NAACP Image Award foar syn fertolking fan 'e rol fan Heimdall.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)