Tibo Vandenborre (Flaanderen, 1971) is in Belgysk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur fan Flaamsk komôf.

Tibo Vandenborre
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Belgysk
berne 1971
berteplak yn Flaanderen
etnisiteit Flaamsk
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Vandenborre waard yn 1971 berne yn Flaanderen. Hy wurket sûnt 2004 as akteur. Yn it teäter wied er û.m. te sjen yn 'e dûnsfoarstelling Tanzung, mei Jan Decorte, Taka Shamoto en Sigrid Vinks. Syn earste haadrol, as de jonge Jacques Marchoul, hied er yn 'e tillefyzjesearje De Smaak van De Keyser, dy't yn 2008 op 'e Belgyske tillefyzje útstjoerd waard. Oare tillefyzjerigen dêr't Vandenborre rollen yn hie, wiene Code 37, Clan en Salamander (alle trije yn 2012), Cordon (2014) en Fenix (2018).

Vandenborre spile yn 2008 in Dútsk soldaat yn 'e Nederlânske jeugdfilm Oorlogswinter, nei it boek mei deselde namme fan Jan Terlouw. Fierders wied er op it wite doek te sjen yn û.o. de films Rundskop (2011), fan Michaël R. Roskam, The Invader (2011), fan Nicolas Provost, en De Behandeling (2014), fan Hans Herbots. Yn 2012 sleepte er by de Flaamske Filmprizen in nominaasje yn 'e wacht yn 'e kategory bêste akteur, foar syn rol fan Kris yn The Invader.

Yn 'e film Brak, út 2015, hie Vandenborre de rol fan Lucas. Yn 2018 wied er yn 'e Nederlânske histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen Redbad, te sjen as ien fan wichtichste antagonisten, nammentlik de Frankyske hofmeier Karel Martel.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: