Titelroas
Titelroas | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Narcissus L. | ||||||
De titelroas (Narcissus L.), miskien better bekend as de narsis, is in stinzeplant. It is in slachte fan bolgewaaksen út de famylje fan de Amaryllidaceae. De wittenskiplike namme Narcissus is ôfkomstich út de Grykske mytology. Titelroazen binne maaitiidsbollen en hawwe in kâlde rêstperioade nedich. Se binne der yn in ferskaat oan kleuren, dêr't giel by oerhearsket. Opfallend oan de titelroas is de trompetfoarmige blom. De titelroas ferwylderet maklik.
Oare Fryske nammenBewurkje
Yn Fryslân wurdt de titelroas ek wol beneamd as narsis of aprilblom.