Tjalling van den Bosch

Tjalling van den Bosch (Achlum, 28 juny 1955) is in eardere krêftsporter en dammer. Hy waard fjouwer kear Sterkste man fan Fryslân en yn 1989 Sterkste Man fan Nederlân. Yn 1990 waard hy sânde yn de wedstriid om Sterkste Man fan de Wrâld. Hy hat it wrâldrekord auto's lûken op syn namme stean mei 18 auto's.

Ek wie Tjalling tige fertsjinstlik yn de Highland Games dêr 't er geregeld oan mei die en benammen dêrfoar nei de Skotske heechlannen ôfreizge. It wiene de Ingelsen dy 't him "Charlie" neamden en de bynamme The Gentle Giant foar him betochten. Ek yn dy takke fan krêftsport helle er ferskate titels en bruts in pear rekôrs.

It wie Tjalling dy 't de Pure Strength-searjes betocht, dy 't fertsjintwurdige waard mei de sterkste manlju fan in beskaat lân. It format bestie út in sterkste man-lannewedstriid mei tige útienrinnende ûnderdielen lykas pealsmite, toulûke, laadrace en gewicht heech smite. De ûnderdielen waarden alle wiken ôfleveringen fan útstjoerd en rûn fan 1987 oant en mei 1990. It evenemint waard op ferskate plakken yn Ingelân en Skotlân opnommen en útstjoerd op ferskate kanalen yn Grut-Brittannië en Nederlân.

Tjalling is ek aktyf yn de damsport en is dêryn in provinsjale subtopper yn Fryslân. Hij spilet yn de nasjonale kompetysje yn it earste tsiental fan damclub Huzum út Ljouwert. Yn it seizoen 1998/1999 makket hy diel út fan Damclub Rinsumageast út Rinsumageast en helle hjirmei it twadde plak yn de Nederlânske damkompetysje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Profyl op Toernoaibase