Reade wikel

(Trochferwiisd fan Toerfalk)

De reade wikel of toerfalk (Latynske namme: Falco tinnunculus) is in rôffûgel út it skift fan de falkeftigen (Falconiformes) en de famylje fan de falken (Falconidae). It is yn West- en Midden-Jeropa fierwei de meast algemiene falkesoart. Yn Fryslân komt de fûgel it hiele jier foar, mar yn Skandinaavje en Ruslân allinich simmers. It binne readbrune fûgels mei donkere plakken op de wjukken en in lange sturt. It mantsje is wat lytser, en is ek wer te kennen oan syn blauwe kop.

reade wikel

wyfke                               mantsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift falkeftigen (Falconiformes)
famylje falkfûgels (Falconidae)
skaai wikels (Falco)
soarte
Falco tinnunculus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


Aai fan Falco tinnunculus

De 30-35 sm grutte fûgel is faak te sjen boppe de berms oan de kant fan de dyk. De fûgel hinget dan faak stil yn de loft wylst er om iten siket, it saneamde wikeljen. As er in proai sjocht dûkt er der boppeop. Hy yt meast mûzen en ynsekten, mar ek wol kikkerts en fûgels dy't op de grûn sitte.

Fuortplanting

bewurkje seksje

Lykas de measte falken makket de reade wikel net sels in nêst. Faak brûkt er nêsten fan krieën en eksters. Ek briedt der wol yn tsjerketourren en oare hege gebouwen. It wyfke briedt de 3-6 aaien yn 30 dagen út. De jongen bliuwe noch sa'n 30 dagen op it nêst. Dêrnei bliuwe se ek noch in moanne by de âlden foar se harren sels rêde kinne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reade wikel fan Wikimedia Commons.