Tommy Wieringa (Goor, 20 maaie 1967) is in Nederlânsk skriuwer. Hy ûntfong ûnder oaren de Ferdinand Bordewijk Priis yn 2006 foar syn roman Joe Speedboot (2005) en de Libris Literatuerpriis yn 2013 foar de roman Dit zijn de namen (2012). Guon fan syn boeken binne yn it Dútsk oerset.

Tommy Wieringa
skriuwer
Tommy Wieringa yn 2015
Tommy Wieringa yn 2015
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 20 maaie 1967
berteplak Goar
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Joe Speedboot, Caesarion
útjouwer De Bezige Bij
prizen Ferdinand Bordewijk Priis, Libris Literatuerpriis, De Inktaap
jierren aktyf 1995 - no
offisjele webside
http://www.tommywieringa.nl/

Wieringa wenne in grut part fan syn jonkheid op de Antillen. Hy studearre skiednis yn Grins en sjoernalistyk yn Utrecht.

Hy publisearre trije romans, ear't er yn 2005 trochbriek nei in grutter publyk mei syn roman Joe Speedboot. Dy lêste waard nominearre foar tal fan prizen wêrfan't der in stikmannich ek takend waarden.

Foar de VPRO skreau er it senario foar de koarte film 'Laatste wolf', út de searje 'Goede daden bij daglicht', en foar de KRO-radio skreau er ferskate harkspullen. Yn 2013 presintearre er de telefyzjerige 'De Grens' foar de VPRO. Sjoernalistyk wurk ferskynde ûnder oare yn de Volkskrant, Vrij Nederland en Rails. Wieringa wie kollumnist by de fergese krante De Pers. Earder ferskynden syn kollumns ûnder mear yn de Sp!ts en Propria Cures. Sûnt maitiid 2013 is er kollumnist by de Wegener-deiblêden.

Yn de muzykgroep 'Donskoy' eksperimintearre Wieringa mei de kombinaasje fan poëzy en muzyk. Yn de maitiid fan 1998 ferskynde de cd Beatnik glorie'. 'Wieringa trede ûnder mear op by de festivals Crossing Border, Winterschrift, Double Talk, De Nachten en Lowlands.

Yn 2007 wie er as gastskriuwer ferbûn oan de TU Delft. Hy skreau yn 2010 it diktee foar it Groot Dictee der Nederlandse Taal en yn 2014 it boekewikepresint Een mooie jonge vrouw.

Fan 24 febrewaris 2013 ôf oan presintearre er seis wiken lang De Grens, in telefyzjeprogramma fan de VPRO. By de 6-dielige telefyzje-dokumintêrige Speeches fan de VPRO út 2014/15 die er de voice-over.

Sjoernalistyk wurk fan him ferskynde ûnder mear yn de Volkskrant, Vrij Nederland, Dagblad van het Noorden en Rails. Wieringa wie kollumnist by de fergeze krante De Pers. Earder ferskynden kollums fan syn hân ûnder oare yn de Sp! ts en Propria Cures. Sûnt de maitiid fan 2013 is er kollumnist by de Wegener-deiblêden. Yn maaie 2018 waard bekend dat er fan septimber ôf fan dat jier Bas Heijne opfolgje soe as kollumnist by NRC Handelsblad. Op 4 septimber 2021 ferskynde syn foarearst lêste kollum yn NRC Handelsblad; as semester fellow oan it Netherlands Institute for Advanced Study in the Humanities and Social Sciences (NIAS) wurket er oan in nije roman dy 't yn it foarjier fan 2023 ferwachte wurdt.

Yn de muzykgroep Donskoy eksperimintearre Wieringa mei de kombinaasje fan poëzy en muzyk. Yn 'e maitiid fan 1998 ferskynde de cd Beatnik glorie. Hy trede ûnder mear op by de festivals Crossing Border, Winterschrift, Double Talk, De Nachten en Lowlands.

Yn 2007 wied hy as gastskriuwer ferbûn oan de TU Delft. Hy skreau yn 2010 it diktee foar it Grut Diktee fan de Nederlânske Taal en yn 2014 it boekewikepresint.

Wieringa is troud mei minskerjochte-advokate mr. Channa Samkalden

  • 1995 - Dormantique's manco (roman)
  • 1997 - Amok (roman)
  • 2002 - Alles over Tristan (roman)
  • 2005 - Joe Speedboot (roman)
  • 2005 - Pleidooi voor de potscherf (reisnotysjes)
  • 2006 - Ik was nooit in Isfahaan (reisferhalen)
  • 2006 - De familie onderweg (yn de searje "Literaire Juweeltjes"; ferhalen, earder ferskynd yn Ik was nooit in Isfahaan)
  • 2007 - De dynamica van begeerte
  • 2008 - Mister, 30-Minuten boekje by in sixpack Hertog Jan Grand Prestige bier
  • 2008 - Met liefde behandelen: earbetoan oan Boeli van Leeuwen (ko-auteur mei Aart Broek)
  • 2008 - De boom, dit ferhaal begeliedet de Bakenesser Avond fan 21 jannewaris 2008
  • 2009 - Caesarion
  • 2009 - Onderweg (Lêsljocht-edysje foar ienfâldich kommunisearjen)
  • 2009 - Ballon (Bibliofile útjefte)
  • 2010 - Ga niet naar zee
  • 2011 - Portret van een heer (koarte ferhalen) Utjouwerij B for Books, rige "Literaire Juweeltjes".
  • 2012 - Dit zijn de namen (roman)
  • 2014 - Een mooie jonge vrouw (Boekewikepresint)
  • 2015 - Honorair Kozak
  • 2017 - De dood van Murat Idrissi
  • 2017 - De heilige Rita (roman)
  • 2019 - Dit is mijn moeder (biografy)
  • 2019 - Totdat het voorbij is (ferhalen)
  • 2020 - Gedachten over onze tijd (kollumns)
  • 2023 - Nirwana (roman)
  • 2024 - Konvooi (roman)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: