Total loss is in ynformele term dy't brûkt wurdt om oan te jaan wanear't oprûne skea sa grut is dat reparaasje ekonomysk sjoen net sinfol mear is, om't it lak dan djoerder wurdt as it brief. Oer it algemien wurdt hjirmei ferwiisd nei auto's dy't skansearre rekke binne by in oanriding of in oar ûngelok. De oantsjutting 'total loss' komt út it Ingelsk en betsjut letterlik "totaal ferlies". Mar hoewol't it dus eins in haadwurd is, wurdt it yn it Frysk en it Nederlânsk brûkt as in bywurd: "Myn auto is total loss." Yn 'e polisbetingsten fan 'e autofersekering sil lykwols ynstee fan 'total loss' sprutsen wurde fan "in totaal ferlies".

In auto dy't 'total loss' is.
Dizze side giet oer de term foar skea. Foar oare betsjuttings, sjoch: total loss (betsjuttingsside).

Fersekeringsmaatskippijen meie sels de kritearia bepale oangeande wannear't in auto total loss is. Ornaris wurdt dêrby de regel oanholden dat in auto as totaal ferlern beskôge wurde moat, as de deiwearde fan 'e auto nei de skea opteld by de reparaasjekosten heger útkomt as de deiwearde fan 'e auto foarôfgeande oan 'e skea. Dat hâldt ferbân mei it feit dat in skansearre auto (fansels) minder wurdich is as in ûnskansearre auto. As der dan mear yn ynvestearre wurde moat om 'e skea te reparearjen as dat it kostet om in ferlykbere auto oan te skaffen, wurdt de skansearre auto ôfskreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.