Tramwei It Hearrenfean - Drachten

De tramwei It Hearrenfean - Drachten bestie fan 1882 oant 1947.

Trajekt tramwei It Hearrenfean - Drachten
Monumint oan de sweachsterwei, dêr't twa tram ûngemakken plak hiene. [1]

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1882 waard troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) de line It Hearrenfean-De Gordyk iepene en op 18 augustus 1884 De Gordyk - Drachten. In ôfstân fan mear as 25 km. Der waard op dit trajekt riden mei steamtrams. De line waard sletten op 13 augustus 1947, dêrnei wie tusken It Hearrenfean en De Gordyk en tusken Lippenhuzen en Drachten noch oant 5 oktober 1947 frachtferfier. It stik tusken De Gordyk en Lippenhuzen bleau noch foar frachtferfier yn gebrûk oant 30 septimber 1962 troch de NS dêrnei is ek it lêste stikje fan it trajekt opbrutsen.

Tramûngelok 1897 bewurkje seksje

Op 9 septimber 1897, waarden twa ynwenners fan Lippenhuzen oerrieden troch de tram. Fan Beets ôf wiene twa manlju út Lippenhuzen ûnderweis nei hûs. Leine nei in lange dei in mei mooglik in slokje tefolle op tusken de rails te sliepen Beide manlju binne troch de tram oerriden en om it libben kaam. It publyk wie nei it ûngelok fan miening dat de masinist net goed útsjoen hie, want it wie heldere moanne en koest wol hûndert meter fier sjen. De plysjesjef út Beetstersweach, hat dêrop de stoomlokomotyf wer weromride litten nei it plak fan it ûngelok. Hy is sels foarop stean gien en liet in manpersoan tusken de rails plak nimme. Hieltyd kaam de tram tichterby, mar sels op fiif meter ôfstân koe er noch net sjen oft der ien op 'e rails lei. Dêrmei wie it bewiis levere dat it trampersoniel gjin skuld hie. Oan beide kanten fan de dyk stiene grutte beammen en dy joegen grutte skaden oer de rails, sadwaande dat it personiel fan de tram de manlju net sjoen hie. Se koene dan ek net skuldich befûn wurde fan it ûngelok.

Tramûngelok 1907 bewurkje seksje

Op 28 febrewaris 1907 ûntspoarde in stoomtram by it Goddeleaze Tolhek by Lippenhuzen. Trije manlju waarden deade troch de stoom.

Johannes Roorda, wurkmaster by de NTM, giet dy bewuste tongersdei yn 1907 fuort mei in goederentram fan It Hearrenfean. Mei seis man oan board rydt er nei Sumar om in rydtúch fan in hynstetram op te heljen. Der wie net folle romte op de krappe lokomotyf. Jan van der Wal en Hendrik van der Zwaag beslute dêrom by De Gordyk de reis te ferfolgjen op ien fan de frachtwagons. De manlju sykje in plakje boppe-op pûden moal en kisten spek. Efterôf is it harren rêding.

As de tram om njoggen oere hinne by it Goddeleaze Tolhek delkomt, giet it mis. De lokomotyf ûntspoart yn folle feart, knalt tsjin in ikebeam en kantelet. Hite stoom spuitet oan alle kanten nei bûten. Assistent-masinist Reijenga rekket licht ferwûne en komt gelyk yn aksje om syn swier ferbrâne kollega's te rêden. Hy lûkt syn baas Roorda út de kabine en sleept Jan Wesseling, Roelof van der Meer en Willem Comello fuort by de briessende masine. Alle manlju sitte ûnder de brân - en skroeiplakken. Van der Zwaag en Van der Wal hawwe gelok. De iene hat in stife nekke troch in fallende moalsek. De oare mist mar in skuonsoal.

Comello en Van der Meer beswike de oare deis oan harren ferwûnings. Roorda stjert twa wiken nei it drama. De tram ûntspoarde nei alle gedachten trochdat Roorda te hurd ried. Mar út de rapportaazjes docht bliken dat ek de tastân fan de rails net al te bêst wie.

Tolgaarder Roel van der Schaaf makke nei it ûngelok in tinkteken yn de foarm fan in izeren hoepel mei swarte stiennen. Yn 1983 kaam der op inisjatyf fan Geart van der Zwaag, pakesizzer fan Hendrik, in nij monumint. It keunstwurk mei fjouwer bûgde rails, ûntwerp fan Hans Snoek.

Haltes bewurkje seksje

(net folslein)

  • It Hearrenfean
  • Veensluis - Oranjewâld
  • De Knipe
  • Langsweagen
  • De Gordyk
  • Trijehoek - Lippenhuzen
  • Boschlust - Beetstersweach
  • Hotel de Herder - Beetstersweach
  • It Wite Hûs - Olterterp
  • Café de Pijlaars - Drachten
  • Drachten

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: