Traverse des Sioux

Traverse des Sioux is histoaryske furde yn 'e rivier de Minnesota en in eardere delsetting om dy furde hinne, dy't op 44°21′4″ noarderbreedte by 93°56′45″ westerlingte yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Minnesota leit, yn Nicollet County, justjes benoarden de stêd St. Peter. De namme is Frânsk en betsjut "furde" (traverse) "fan de" (des) "-Yndianen" (Sioux). Dit oerstekplak makke foarhinne ûnderdiel út fan in hannelsrûte yn it ramt fan 'e pelshannel, dy't út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei tagong joech ta de noardlike Grutte Flakten. Traverse des Sioux wie foarhinne in steatspark, mar hat no de status fan in steatshistoarysk plak en is as sadanich opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

Traverse des Sioux
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
county Nicollet County
plak St. Peter
koördinaten 44°21′04″ N 93°56′45″ E
bysûnderheden
type plak furde
skiednis
tiidrek 7000 f.Kr.1851
kultuer ierst: Paleo-Yndiaansk
ferskate Yndiaanske folken
archeology
eigendom Steat Minnesota
behear Minnesota Historical Society
Nicollet County Hist. Soc.
tagonklikheid iepenbier
mon. status NRHP 1973
Steatshistoarysk Plak
Steatsmonumint
monumintnû. NRHP 73000990
lânkaart
Traverse des Sioux (Minnesota)
Traverse des Sioux
Lokaasje yn Minnesota.

Skiednis bewurkje seksje

De furde yn 'e rivier de Minnesota wie al yn gebrûk fier foar't Kolumbus Amearika ûntdiek. Argeologen hawwe de pylkpunten opdobbe dy't nei skatting 9.000 jier âld binne. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw fêstigen Frânsk-Kanadeeske coureurs des bois der in hannelspost, en yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw setten har der in stikmannich pelskeaplju nei wenjen. Yn 1843 waard der in missypost stifte om 'e pleatslike Dakota-Yndianen ta it kristendom te bekearen.

Tsjin 1851 wie de delsetting fierder útgroeid ta twa sindelingen en har gesinnen, in skoaltsje, ferskate fasiliteiten foar de pelshannel, in pear blokhutten fan Frânsk-Kanadeeske pelskeaplju en tweintich oant tritich Yndiaanske tipys. Om dy tiid hinne wie Traverse des Sioux in oerslachplak wurden foar pelzen dy't alhiel út Pembina (Noard-Dakota) en Fort Garry, yn Kanada, weikamen. Dy waarden mei okseweinen oer it West Plains Trail ferfierd, dat it westlikste fan 'e Red River Trails wie. By Traverse des Sioux waarden it guod oerladen op platboaiems om fierder streamôf oer de rivier de Minnesota ferfierd te wurden, nei Mendota en St. Paul.

Ek yn 1851 waard by Traverse des Sioux it Ferdrach fan Traverse des Sioux sletten tusken fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear en de Sisseton- en Wahpeton-stammen fan 'e Eastlike Dakota, wêrby't dy lêsten yn totaal 97.000 km² lân oan 'e Feriene Steaten ôfstiene. Nei't it ferdrach sletten waard, wreide men de lytse delsetting fan Traverse des Sioux út ta in wier stedsje, mei santich gebouwen, wêrûnder ferskate tsjerken, twa hotels en fiif kroegen. It wie it haadplak fan Nicollet County oant it dy posysje yn 1856 ferlear oan St. Peter. Dêrnei rekke it yn it neigean mei it stedsje, en yn 1869 teagen de lêste bewenners fuort.

Yn 1905 waarden de earste stappen ûndernommen om it plak fan it ferdrach fan 1851 te beskermjen. Yn 1914 waard it útroppen ta it Traverse des Sioux Treaty Site Park, in papierren status dy't net folle om 'e hakken hie. Yn 1937 krige it wiere beskerming as in steatspark fan Minnesota, en tagelyk waard doe besocht om it park út te wreidzjen. Yn 1965 strûpte it hiele gebiet derûnder by de ferwuostgjende oerstreamings fan 'e rivieren de Minnesota en de Mississippy fan dat jier. Fjouwer jier letter, yn 1969, waarden de ruïnes fan 'e fûneminten fan it stedsje by it park foege, mar yn 1980 waarden dy der wer fan losmakke. De furde, dy't doe de status fan in steatshistoarysk plak krige, waard oerdroegen oan it Histoarysk Genoatskip fan Minnesota (MHS), wylst it plak fan 'e âlde delsetting by de gemeente St. Peter kaam te hearren. Hjoed de dei is Traverse des Sioux op 'e noed fan it Histoarysk Genoatskip fan Nicollet County (NCHS) yn gearwurking mei it Histoarysk Genoatskip fan Minnesota.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.