Treasure Island (roman)

Treasure Island is in histoaryske jonges- en aventoereroman fan 'e hân fan 'e Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson. De titel betsjut: "Skateilân", en it boek is yn Nederlân nei alle gedachten bekender ûnder de fernederlânske namme Schateiland. Stevenson joech it wurk oarspronklik de titel The Sea Cook: A Story for Boys ("De Seekok: In Ferhaal foar Jonges"). De plot, dy't mids achttjinde iuw spilet, folget de aventoeren fan 'e jonge Jim Hawkins, dy't as hutbetsjinde fan jonker Trelawney meireizget op 'e Hispaniola. Dat is in sylskip dat troch de jonker ôfhierd is om op 'e siik te gean nei de legindaryske skat dy't ferburgen is troch de beruchte seerôver Flint. Op 'e reis foarmet Jim in nauwe bân mei de skipskok, de ienskonkige Long John Silver. Troch in ôfharke petear komt er oan 'e weet dat it grutste part fan 'e bemanning fan 'e Hispaniola eins út seerôvers bestiet dy't ûnder Flint fearn hawwe, en dat Silver harren lieder is. Hja binne fan doel om, nei't de skat fûn is, yn opstân te kommen, de oare opfarrenden te fermoardzjen en mei de skat út te piken.

Treasure Island
algemiene gegevens
oarspr. titel The Sea Cook: A Story for Boys
auteur Robert Louis Stevenson
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre aventoerefiksje, histoaryske
   fiksje
, jeugdliteratuer
1e publikaasje 1883, Londen
oarspr. útjwr. Cassell & Co.

Treasure Island ferskynde yn 1881 en 1882 yn in iere ferzje as fúljeton yn it tydskrift Young Folks, en waard yn 1883 yn syn úteinlike foarm as roman útjûn troch útjouwerij Cassell & Co. yn Londen. It boek wie it earste literêre súkses fan Stevenson, en it is oant de dei fan hjoed populêr bleaun. Der binne withoefolle adaptaasjes ta oare media fan makke, lykas toanielstikken, films, tillefyzjesearjes en tekenfilmsearjes. Treasure Island hat ek in ûnútwiskbere ynfloed hân op 'e ôfskildering fan seerôvers yn 'e popkultuer, mei eleminten lykas ûnbewenne eilannen yn 'e tropen, skatkaarten mei in X op it plak fan 'e bedobbe skat, en ienskonkige seelju mei in pappegaai op it skouder.

Mids achttjinde iuw nimt in âlde seeman, dy't himsels inkeld identifisearret as "de Kaptein", syn yntrek yn 'e herberge Admiral Benbow, op it Ingelske plattelân oan it Kanaal fan Bristol. Hy seit tsjin 'e soan fan 'e weard Jim Hawkins, dy't sa'n opslûpen jonge is, om út te sjen nei in seeman mei ien skonk. In eardere skipsgenoat, dy't Black Dog neamd wurdt, komt yn 'e herberge en sprekt de Kaptein oan oer in lânkaart. De beide mannen krije heechoprinnend spul en reitsje slaande deilis oant Black Dog útnaait. De Kaptein, dy't eins Billy Bones hjit, kriget neitiid in oerhaal. Dyselde nachts komt Jim syn heit hommels te ferstjerren.

In pear dagen letter wurdt de herberge oandien troch in bline bidler dy't Pew hjit. Dyselde leveret by Bones eat ôf dat "it Swarte Plak" neamd wurdt en skynber in oprop foar in gearkomste is dêr't er troch oare seelju berjochte wurde moat. Koart dêrnei kriget Bones in twadde oerhaal en komt er te ferstjerren. As Bones net foldocht oan 'e oprop, falle Pew en syn meistanners de herberge oan, mar se wurde op 'e flecht dreaun troch kommizen dy't Jim en syn mem te help komme, en Pew wurdt deatrape ûnder de hoeven fan 'e hynders fan dyselden. Jim en syn mem ûntkomme mei in mysterieus pakje út 'e seekiste fan Billy Bones. As se it iepenmeitsje, docht bliken dat it in kaart is fan it tropysk eilân dêr't de beruchte seerôver kaptein Flint syn skat ferburgen hat.

Jim lit de kaart sjen oan dokter David Livesey en oan 'e pleatslike grutgrûnbesitter jonker John Trelawney, dy't beslute om in reis dêrhinne te weagjen, mei as doel om 'e skat fan kaptein Flint foar harsels te winnen. Jim, dy't snakt nei aventoer, beävensearret dat er mei kin as de hutbetsjinde fan 'e jonker. It selskip set ôf op 'e skoender Hispaniola, ûnder it befel fan kaptein Alexander Smollett. Underweis foarmet Jim in sterke bân mei de sympatike, ienskonkige skipskok, Long John Silver. Trageedzje slacht ta as earste stjoerman Arrow, in dronkelap, by in stoarm oerboard spield wurdt. Syn posysje wurdt neitiid oernommen troch de boatsman, Job Anderson.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst er yn in apeltûne sit, dêr't er him troch omstannichheden ferskûlje moatten hat, heart Jim in petear tusken guon bemanningsleden fan 'e Hispaniola, dêr't út blykt dat de measten fan harren seerôvers binne dy't earder ûnder kaptein Flint op 'e Walrus tsjinne hawwe, en dat Silver harren lieder is. Hja binne fan doel om in oproer te begjinnen sadree't de skat fûn is, wêrby't se kaptein Smollett, de passazjiers en loyale bemanningsleden fermoardzje sille, om dêrnei sels mei de skat út te piken.

 
De ferburgen Jim Hawkins lústeret de seerôvers ôf en ûntdekt harren gearspanning.

Nei't se op it Skateilân oankommen binne, jout Jim him by de groep bemanningsleden dy't oan lân op ferkenning útgiet. Hy moetet dêr in seerôver dy't Ben Gunn hjit, dy't troch kaptein Flint op it Skateilân efterlitten is. De man is troch syn ûnderfining sljochtsinnich rekke. Underwilens twinge Anderson en inkele meistanners Silver om it oproer te begjinnen noch foar't de skat fûn is. De oproerlingen bewapenje harsels en nimme de Hispaniola yn, wylst kaptein Smollett him mei Jim, dokter Livesey, jonker Trelawney, de feinten fan 'e jonker en inkele loyale bemanningsleden, ûnder wa Abraham Gray, de skipstimmerman, weromlûkt yn in lyts fort fan beamstammen dat se op it eilân oantroffen hawwe.

Nei in koart bestân fiere de oproerlingen in bestoarming fan it fort út, wêrby't oan beide kanten deaden falle. Jim glûpt fuort en bejout him nei de Hispaniola, dêr't er de ankerkeabel trochfiket. Wylst de skoender fuortdriuwt op it útgeande tij, giet Jim oan board, dêr't Silver ien seerôver efterlitten hat, Israel Hands, dy't ferwûne rekken wie yn in dronken fjochtpartij mei ien fan syn maten. Hands helpt Jim om it skip yn 'e noardlike baai fan it eilân oan 'e grûn te setten, mar falt him dan oan mei in mês, mei de dúdlike bedoeling om him te fermoardzjen. Jim is lykwols bewapene mei twa pistoalen en hy sjit de seerôver dea.

Jim giet werom nei it fort, dêr't er ta syn ôfgriis inkeld Silver en de oerlibjende seerôvers oantreft. Silver praat him by en fertelt dat hy en de seerôvers, doe't se ûntdieken dat it skip poater wie, tastimden yn ûnderhannelings. De beide partijen kamen ta oerienstimming dat Smollet, Livesey en Trelawney en Gray har ôfjaan mochten yn ruil foar it oerdragen fan 'e skatkaart oan Silver-en-dy. De oare moarns arrivearret dokter Livesey yn it fort om 'e ferwûne seerôvers te behanneljen, mei't yn syn oertsjûging eltsenien likefolle rjocht hat op medyske fersoarging. Hy warskôget Silver dat er problemen ferwachtsje kin sadree't er de skat fûn hat.

 
De lânkaart dy't Robert Louis Stevenson fan it Skateilân makke.

Nei't in rûzje oer it liederskip yn it foardiel fan Silver besljochte is, sette de seerôvers ôf út it fort, wêrby't se Jim meifiere as gizelder. De oanwizings fan 'e skatkaart folgjend, fine se in minsklik skelet wêrfan't de earms wize yn 'e rjochting fan 'e skat. Dat ûntrêstget de byleauwige seerôvers, en as Ben Gunn út it wâld wei de lêste wurden fan kaptein Flint begjint te skreauwen, reitsje se derfan oertsjûge dat de geast fan Flint op it eilân omspûket. Lang om let fine se it plak dêr't Flint de skat ferburgen hie, mar it blykt leech te wêzen. De oerbleaune fiif seerôvers binne rare ûntefreden en risselwearje om Silver en Jim te fermoardzjen, mar ear't dat barre kin, komme kaptein Smollet, dokter Livesey, jonker Trelawney, Gray en Gunn harren oer it mad en deadzje har.

Livesey leit út dat Gunn de skat al lang fûn hie yn 'e jierren dat er fêst siet op it eilân, en dat er dy bytsje by bytsje oerbrocht hie nei de grot dêr't er him yn nei wenjen set hie. Jim, kaptein Smollett, dokter Livesey, jonker Trelawney, Abraham Gray en Ben Gunn lade in diel fan 'e skat oan board fan 'e Hispaniola en nimme Long John Silver, dy't se foar it hiele debakel ferantwurdlik hâlde, mei as finzene, om him berjochtsje te litten. Yn 'e earste haven dy't se oandogge, yn Spaansk-Amearika, wit Silver te ûntkommen mei in pongfol jild. De oaren sile fierder nei Bristol, dêr't se de skat ûnderinoar ferdiele. Hoewol't Jim wit dat der noch folle mear rykdommen op it Skateilân te heljen binne, wol er foar gjin jild nochris werom.

 
Robert Louis Stevenson.

Stevenson kaam op it idee foar syn roman op basis fan in lânkaart fan in optocht, romantysk eilân, dy't er úttekene mei syn styfsoan Lloyd Osbourne op in fakânsje yn it Skotske Braemar yn 'e simmer fan 1881. Tsjin 25 augustus fan dat jier hied er him dúdlik oan it skriuwen set, mei't er oan in freon skreau: "As dit de jongerein net oanlûke sil, no, dan binne se al raar bedoarn sûnt myn tiid. Soest der ferheard oer wêze as ik sis dat it hielendal oer boekaniers giet, dat it begjint yn 'e Admiral Benbow-pub oan 'e kust fan Devon, dat it allegear draait om in lânkaart en in skat en in skipsoproer en in fertutearze skip […]? It is folslein healwiis en ik haw der skriklike niget oan – en wat ik wol, is dat it it bêste boek oer boekaniers wurdt dat mar te krijen is."

De oarspronklike titel dy't Stevenson foar syn boek betocht, wie The Sea Cook ("De Seekok"). Noch mar in foege moanne nei't er it ferhaal foar it earst betocht hie, begûnen de earste haadstikken al te ferskinen yn it tydskrift Young Folks. It fúljeton rûn úteinlik santjin wiken, fan 1 oktober 1881 oant en mei 28 jannewaris 1882. Nei't er fyftjin oant njoggentjin fan 'e haadstikken mei feart en faasje ôfwurke hie, waard Stevenson syn skriuwen ûnderbrutsen trochdat er yn 'e minnichte rekke. Hy ferliet Skotlân, mar gie op in lângoed yn 'e neite fan Londen troch mei it wurkjen oan 'e earste ferzje fan Treasure Island. Dêre beprate er de plotpunten mei syn heit, en dyselde suggerearre ferskate eleminten dy't Stevenson yn it ferhaal opnaam. De úteinlike ferzje fan 'e roman skreau Stevenson letter yn Bournemouth, oan 'e kust fan Dorset, dêr't er yn dy tiid wenne. Op 14 novimber 1883 kaam Treasure Island ûnder de hjoeddeistige titel út yn boekfoarm by útjouwerij Cassell & Co. yn Londen. It wie it earste kommersjele en krityske súkses fan Stevenson, en foarme syn trochbraak as skriuwer.

Foar it ferhaal fan Treasure Island ûntliende Stevenson bewust ideeën en eleminten oan wurken fan eardere skriuwers. Yn in brief út july 1884 oan syn literêr adviseur Sidney Colvin skreau er dat Treasure Island fuortkaam út At Last, fan Charles Kingsley, dêr't er it idee foar de deademanskiste weikrige, dat neffens him "it siedsje" foar it hiele boek wie, en út it non-fiksjewurk A General History of the Pyrates fan kaptein Johnson. Stevenson joech ek ta dat er it idee fan it wizende skelet op it eilân oernommen hie út The Gold-Bug, fan Edgar Allan Poe, en dat er de foarskiednis fan it personaazje Billy Bones opboude út 'e Money-Diggers-seksje (yn 't bysûnder út Golden Dreams) fan Tales of a Traveller fan Washington Irving.

Ferfolgen en prequels

bewurkje seksje

Op Treasure Island fan Robert Louis Stevenson hawwe neitiid in protte oare skriuwers fuortboud.

 
Treasure Island út 1894, yllustrearre troch George Wylie Hutchinson.
 
In postsegel fan 'e Britske Famme-eilannen út 1969, útjûn ta gelegenheid fan 'e 75 stjerdei fan Robert Louis Stevenson.

Film en tillefyzje

bewurkje seksje

Treasure Island waard withoefolle kearen adaptearre ta in toanielstik, yn hiel de Ingelsktalige wrâld. Jierrenlang waard yn Londen elts jier in musicalferzje fan it boek opfierd, basearre op 'e libretto fan Bernard Miles en Josephine Wilson. De muzyk waard komponearre troch Cyril Ornadel en de lietteksten wiene fan Hal Shaper. De musical waard elts jier opfierd yn it Mermaid Theatre.

Treasure Island waard ek in grut tal kearen adaptearre ta in harkspul op 'e radio. De ierst bekende kear wie fia The Mercury Theatre on the Air yn july 1938, in produksje fan Orson Welles.

 
In filmposter foar de ferfilming út 1934.

Tillefyzjefilms

bewurkje seksje

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Foar in folsleine list fan alle strips op basis fan Treasure Island, sjoch dizze list op 'e Ingelsktalige Wikipedy.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.