Wurdsiker

(Trochferwiisd fan Trochstreekpuzel)

In wurdsiker, speurpuzel of trochstreekpuzel is in puzel of wurdspul, dêr 't in bepaald oantal wurden fûn wurde moat yn in blok (letterfjild) fold mei letters. Dy wurden kinne fan links nei fan rjochts en fan rjochts nei links skreaun wêze, horizontaal of fertikaal, mar ek diagonaal. Deselde letters kinne meardere kearen brûkt wurde. Faak stiet by de puzel in list fan de wurden dy 't fûn wurde moatte, mar der besteane ek farianten wêryn 't de spiler sels de wurden sykje moat. Fûne wurden moatte trochstreke wurde. De wurden fan in puzel hawwe meast mei in tema te krijen (bygelyks de wurdsiker oer de wikipedy hjirnjonken). It bart ek wol dat it tema en de foarm fan de puzel mei elkoar te krijen hawwe, lykas de wurden oer de Alvestêdetocht op it ôfbyld fan in Alvestêdekrúske. Faak foarmje de oerbliuwende letters, dy 't dus net trochstreke binne, de oplossing fan de puzel. By wurdsikers yn de foarm fan De Styl, steane de sochte wurden op lettertal by elkoar.

Wikipedia Wurdsiker
Wurdsiker Alvestêdetocht
Tematyske puzel yn de foarm fan De Styl

Wurdsikers steane krektas krúswurdpuzels faak yn kranten en tydskriften. Sa steane der wurdsikers yn de Friesland Post en it magazine fan It Fryske Gea. Trochstreekpuzels wurde ek wol brûkt as lesmateriaal by it learen fan de stavering.

Wurdsikers binne populêr op ynternet mei spullen lykas Letters of Gold út 2013. Oare digitale en digitale wurdsikerspullen binne Boggle, Bookworm, Letterpress, Ruzzle, Wonderword, Wordament, WordSpot en Word Streak with Friends. De CBS-spulshow Now You See It út midden jeirren santich wie in foar telefyzje makke bewurking fan in wurdsikerpuzel. Op websiden mei online wurdsikers wurdt mei de mûs oer it fûne wurd sleept of allinnich de begjin- en/of einletter fan it wurd moatte oanklikt wurde. Op apparaten mei in touchscreen sleept men mei de finger of in stylus oer de fûne wurden. Fûne wurden feroarje fan kleur en ferdwine út de list. At alle wurden fûn binne ferskynt daliks de oplossing dy ’t foarme wurdt troch de net-brûkte letters.

Earste wurdsikers bewurkje seksje

Oer ít ûntstean fan wurdsikers bestiet ûnienigens. Minsken út ferskate lannen lykje de wurdsiker betocht te hawwen yn deselde perioade. Meidat de rjochten op de namme wurdsiker nea fêstlein binne bestiet der net ien fêste namme foar dizze puzesoarte.

Spaansk

De earste Spaanske wurdsiker waard yn de jieren sechtich ûntwurpen as Sopa de letras (lettersop) troch de Spaanske puzelmaker Pedro Ocón de Oro. Pedro Ocón de Oro (Madrid, 1932 – dêre, 27 juny 1999) wie in Spaanske útfiner en auteur dy ’t sa’n 125 ferskillende puzelsoarten betocht hat. Hy publisearre dy yn boeken en yn de Spaanske krante ABC. Op 16-jierrige leeftyd wûn hy de krúswurdpuzelwedstriid fan de krante Madrid, en datselde jier begûn er mei it betinken en meitsjen fan syn eigen hobby's. Yn dat fakgebiet soe hy mear as fjirtich jier aktyf wêze. It oconogram, it cuadgramma en de transfúzje fan letters wiene ek syn kreaasjes. Syn kreaasjes waarden publisearre yn ferskate Spaanske en Latynsk-Amerikaanske kranten, lykas de fjouwer publikaasjes dy ’t hy sels redigearre: Pasatiempos de Oro (1958), Crucigramas Oconoro (1968), Sopa de letras (1976) en Juegoramas. [1] Syn dochters Chelo en Paloma giene dêrnei troch mei syn wurk.

Ingelsk

Op 1 maart 1968 publisearre Norman E. Gibat út Oklahoma yn de Selenby Digest de earste Ingelsktalige wurdsiker. Troch it opnimmen fan de wurdsiker yn syn reklameblêd hope hy mear lêzers te lûken. Yn dy earste wurdsiker sieten 34 stêden en doarpen út Oklahoma ferburgen yn in letterfjild. Dit letterfjild hie in ôfmjitting fan 22x14 sm. Gibat syn taktyk slagge en syn puzels waarden al rillegeau it ynteressantste item út the Selenby Digest. Syn lêzers fregen om mear. De leararen út Oklahoma ûntdutsen it súkses en brûkten de wurdsikers út Selenby Digest ek om harren studinten te stypjen by harren taalûntwikkeling.

Frânsk

Yn Frankryk wurdt Jean-Claude Langlois neamd as betinker fan wurdsikers. [2]. De Frânsk-Kanadeeske Jo Ouellet ûntwurp de Wonderword puzel, de earste wurdsiker dy ’t tematysk opboud waard, wêrnei’t de oerbliuwende letters mei elkoar in oplossingswurd foarmen. David Ouellet, de soan fan Jo, waard letter ek in profesjonele puzelmakker.[3]

Nederlânsk en Frysk

Yn Nederlân wie it M. Sanders dy ’t foar it earst wurdsikers yntrodusearre yn syn puzelboeken. Ein jierren tachtich ferskynden ek Fryske wurdsikers yn puzelboekjes en tydskriften.

Strategy bewurkje seksje

In wenstige strategy om alle wurden te finen is troch de puzel fan links nei rjochts (of fan rjochts nei links) troch te rinnen om nei de earste letter fan in wurd te sykjen. De puzelwurden steane altyd yn alfabetyske folchoarder by de puzel oanjûn. Mar der besteane ek wurdsikers sûnder wurdlisten. At de earste letter fûn is kin socht wurde yn de acht letters der omhinne om te sjen oft de folgjende letter fan it wurd dêr stiet. Sa kin trochgien wurde oant it hiele wurd fûn is. In oare strategy is sykjen nei letters út in wurd dy’t net folle foarkomme, en dus net folle yn it letterblok steane. Omdat by de measte wurdsikers haadletters brûkt wurde, is it it maklikste om opfallende letters te werkennen, lykas Q, X en Z en yn it Frysk de IJ. Ek de strategy om nei wurden te sykjen mei dûbelde letters yn it sochte wurd (at der in wurdlist by stiet) is nuttich, omdat it makliker is om twa deselde letters njonken elkoar te finen as om nei twa ferskillende letters te sykjen. At der gjin wurdlist by stiet, kinne wurden fûn wurde troch rige foar rige nei te sykjen. Earst moatte alle horizontale rigen efterút en foarút lêzen wurde, dêrnei de fertikale, ensafuorthinne.

Swierrichheidsgraad bewurkje seksje

De swierrichheid kin op ferskate wizen fariearre wurde:

  • Sykrjochting: Ornaris steane de wurden yn de oerienkomstige lêsrjochting fan de betreffende taal, horizontaal of fertikaal. Yn de measte gefallen is dit fan links nei rjochts. De swierrichheidsgraad wurdt heger as wurden ek diagonaal of yn de tsjinstelde rjochting fan de lêsrjochting steane – bygelyks fan rjochts nei links.
  • Grutte fan it sykfjild: De grutte fan it sykfjild kin ek brûkt wurde om de swierrichheid te ferheegjen. Hoe grutter it sykfjild, hoe heger at de konsintraasje fan de oplosser wêze moat.
  • Tal wurden: It tal ferburgen wurden hinget ek gear mei de grutte fan it sykfjild en de swierrichheidsgraad.
  • Wurdkar: De swierrichheid yn relaasje ta it tapassingsgebiet kin ek feroare wurde troch de wurdkar. At der in soad frjemde, ûnbekende wurden brûkt wurde, is mear konsintraasje nedich en wurdt it learfermogen fergrutte.
  • Oanwizings: Ofhinklik fan de swierrichheid wurde bytiden ferskate oanwizings jûn. It kin bygelyks it tal wurden neame dêr’t nei socht wurde moat.
  • Krúsjende wurden. At letters yn meardere wurden brûkt wurde, nimt de swierrichheid ta. In trochstreke letter kin ommers noch nedich wêze foar oar oare wurden.
  • Weilitting fan de alfabetyske wurdlist jout minder steun oan de puzelders.

Farianten bewurkje seksje

 
Kronkelwurdsiker
 
Fryske slangesiker
 
Oplossing fan boppesteande slangesiker
Kronkelwurdsiker

In fariant fan de wurdsiker is de doalhôfwurdsiker, kronkelwurdsiker ek wol slangesiker (Ingelsk:'Snake word'). [4] Hjiryn steane de letters fan de puzel sá by elkoar dat der bochten makke wurde moatte om de wurden te foarmjen. De wurden fan slangesikers sitte oan elkoar fêst en ha ûnderling gjin oerlaapjende letters. De wurden foarmje in lange keatling troch it diagram. De letters fan elk ferburgen wurd yn it letterfjild binne yn ferskate rjochtingen en hoeken mei elkoar ferbûn. Dat kin fan links nei rjochts, horizontaal of fertikaal, mar nea diagonaal. De begjinletter fan it earste kronkelwurd stiet by guon slangesikers oanjûn troch omsirkeling. It kin ek wêze dat de earste letter of it earste wurd jûn wurdt. De wurden ha meastentiids te krijen mei in tema. By guon slangesikers moatte de wurden ôflaat wurde út in beskriuwing. De einoplossing is faak it oerbliuwende wurd, mar bytiden ek wol it lêste wurd of it lêste wurd fan de rige. Mar faak is it oerbliuwende wurd de einoplossing fan slangesikers. By guon doalhôfwurdsikers is de lêste letter fan it foarôfgeande wurd tagelyk de begjinletter fan it folgjende wurd. De wurden ha dan dus ien letter mienskiplik.

Ien-Wurd-wurdsiker

In fariant is de ien-wurd-wurdsiker. Dêrby hoecht mar ien wurd socht te wurden yn in blok mei letters. De oplossing is dan it oantal kearen dat it wurd foarkomt yn it letterfjild.

Dûbelde wurdsiker

Dûbelde wurdsikers kinne mei twa persoanen spile wurde. De wurdlist is dan ferdield oer twa letterfjilden, en elk fek hat in eigen oplossing.

Kwiswurdsiker

By kwiswurdsikers steane by it letterfjild gjin wurden, mar fragen. De antwurden op de fragen moatte fûn wurde yn it letterfjild. By elke fraach stiet oanûn út hoefolle letters it antwurd hat.

Ferburgen boadskip

Yn guon farianten fan de slangesiker binne berjochten, sprekwurden, sitaten of aforismen ferburgen.[5] Mar it kinne ek in tal rigels út it ferske wêze. [6] Sa kin de oplossing bestean út alle wurden dy’t efterstfoarst yn de puzel skreaun steane, mar ek de tekst dy ’t oerbliuwt neidat de wurden út de list trochstreke binne. Ek kinne ien of mear ekstra wurden of in sin ferburgen wêze yn de puzel dy ’t net yn de wurdlist steane. Dizze wurden of dizze sin is meastentiids it antwurd op de trivia-fraach ûnderoan de bledside.

Grutste wurdsiker bewurkje seksje

De grutste wurdsiker bestiet út 10.500 wurden yn in letterfjild mei mear as 129.600 letters. De makker wie Ashish Dutt Sharma, in Yndyske professor, op 18 oktober 2015. Professor Sharma makke de puzel, dy ’t fol technyske faktaal en de nammen fan bekende wittenskippers en ûntdekkers siet, om syn studinten de termen by te bringen. Hy wurke tsien jier oan de puzel.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ‘Desolvidar: El mejor jeroglífico del mundo’ . 2 febrewaris 2012
  2. Jean-Claude Langlois, l'inventeur du Mot mystère : aussi créateur d'une entreprise familiale - Sylvie Mondou
  3. Hoe is de Woordzoeker ontstaan?, Puzzelclub.be
  4. Snake puzzles
  5. Mots Liés
  6. Word Search. Net, D. Radadiya
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgorebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltrochrinnerwordfeudwurdljedderwurdriuwenwurdsiker