Trondheim
Trondheim (sprek út as Tronheim) is in stêd en gemeente yn de Noarske provinsje Trøndelag. Mei 210.496 ynwenners (2022) is it de tredde stêd fan Noarwegen. Trondheim leit oan de Trondheimfjord. De stêd wurdt oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst).
Trondheim | ||
Trondheim | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Trøndelag | |
Gemeente | Trondheim | |
Sifers | ||
Oerflak | 528,6 km2 | |
dêrfan lân | 496,47 km2 | |
dêrfan wetter | 32,13 km2 | |
Ynwennertal | 210.496 (2022) | |
Befolkingstichtens | 423,99 inw./km | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.trondheim.kommune.no | ||
Kaart | ||
De plakken Langørjan, Leinstrand, Ringvol, Spongdal, Strinda, en Trolla, meastentiids earder selsstannige gemeenten, meitsje diel út de gemeente Trondheim.
Skiednis
bewurkje seksjeUt de rotstekeningen dy't yn dizze streek fûn binne, docht bliken dat der al tûzenen jierren sprake is fan minsklike bewenning yn dit gebiet. Yn eardere tiden waarden de keningen fan Noarwegen ta kening útroppen by Øretinget in Ding oan de mûning fan de Nidelva by Trondheim. Harald I Haarfagre (865-933) waard hjir ta kening útroppen, lykas syn soan Haakon de Goede (920-961).
Trondheim waard troch de Wytsingkening Olav Tryggvason (963-1000) yn 997 nei Kr. Kaupangen (betsjút hannelsplak) neamd. Koart dêrnei waard de namme Nidaros. Oant 1217 wie Trondheim sels de haadstêd fan Noarwegen.
Trondheim wie de sit fan it (katolike) Aartsbisdom fan Noarwegen fan 1152 ôf. Troch de komst fan it Lutheranisme yn 1537, moast de lêste aartsbiskop, Olav Engelbrektsson, de stêd ûntflechtsje. Dêrmei kaam ek in ein oan it belang fan Trondheim as it beafeartsoard foar muontsen, dat de stêd fan de kerstening ôf troch St. Olav om it jier 1000 west hie.
Trondheim leit oan 'e mûning fan 'e Nidelva. De rivier wie yn de midsiuwen djip genôch foar skipfeart. In modderlawine makke de rivier minder befarber en ferwoaste in part fan de haven yn it midden fan de 17e iuw.
De stêd is ferskate kearen troffen troch grutte brannen. Om't it in stêd wie fan in soad typysk Noarske houten gebouwen, feroarsaken de measte brannen grutte skea. Dit barde yn 1598, 1651, 1681, 1708, 1717 (sels twa brannen yn dat jier), 1742, 1788, 1841 en 1842. De brân fan 1651 ferwoaste 90% fan alle gebouwen yn de stêd. De brân fan 1681 late ta in hast folsleine rekonstruksje fan de stêd ûnder lieding fan generaal Johan Caspar von Cicignon út Lúksemboarch. Brede strjitten lykas de Munkegatten waarden doe oanlein, sûnder dat dêrby sjoen waard nei eigendomsrjochten, om te tsjinjen as buffer by folgjende brannen.
Nei de Frede fan Roskilde tekene op 26 febrewaris 1658 waard Trondheim (tegearre mei de rest fan Trøndelag) foar in koarte perioade Sweedsk gebiet; it gebiet waard nei 10 moannen weromferovere. It skeel waard definityf beëinige troch de Frede fan Roskilde tekene op 27 maaie 1660.
De nammen fan de stêd
bewurkje seksjeNei’t it yn earste ynstânsje troch Olav Trygvason Kaupangen neamd waard, hat de stêd lange tiid de namme Nidaros (âldnoarsk: Niðaróss) hân, wat "mûning fan de rivier de Nid" betsjut. Yn de lette midsiuwen waard de namme feroare yn Trondheim (âldnoarsk: Þrónheimr). Yn 'e Deensk-Noarske perioade, yn 'e jierren dat it in provinsjestêd wie yn 'e feriene keninkriken fan Denemark-Noarwegen, waard de namme stavere as Trondhjem. De wurden heimr, heim en hjem betsjutte allegearre 'thús', it wurd Trond is de namme fan in folksstam.
Yn neifolging fan it werneamen fan Oslo yn Kristiania waard de namme Nidaros wer yntrodusearre as offisjele namme fan de stêd, al wie dit mar foar in koart skoft, fan 1 jannewaris 1930 oant 6 maart 1931. De namme Nidaros waard fannijs oannaam om de bân fan de stêd mei syn glorieuze ferline te befêstigjen, nettsjinsteande it feit dat by it referindum de measte bewenners foar de namme Trondhjem keazen. Der ûntstie lykwols sa'n grut protest, tsjin de namme Nidaros dat it Noarske parlemint ree wie om in kompromis te sykjen, dat waard Trondheim, in namme dy't wat minder Deensk wie.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeIt fleanjild fan Trondheim, Trondheim Vaernes, leit sa'n 35 km eastlik fan Trondheim yn de gemeente Stjørdal, en hat bennammen ynlânske en in tal Jeropeeske ferbiningen. De stêd wurdt oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten.
Trondheim leit oan de Nordlandsbanen dy't Trondheim mei Bodø ferbynt, de Rørosbanen dy't Trondheim mei Hamar ferbynt en de Dovrebanen dy't Trondheim mei de haadstêd Oslo ferbynt. It sintraalstasjon fan Trondheim leit njonken de fearhaven. De tram fan Trondheim is de meast noardlik lizzende tramline fan Noarwegen, de Gråkallbanen. It is in 8,8 km lange line dy't fan St. Olavs Gate, yn it sintrum fan de stêd, fia de wyk Byåsen, nei Lian yn it rekreaasjegebiet Bymarka rint. De stêd hat in wiidweidich busnetwurk, operearjend fan 5 oere moarns oant middernacht. Dêrneist is der yn de wykeinen in nachtbus dy't derfoar soarget dat minsken dy 't yn de stêd útgean op in feilige wize wer thúskomme kinne. Trondheim leit oan de E6, de wichtichste sneldyk fan Noarwegen.
Berne yn Trondheim
bewurkje seksje- Ludvig Mathias Lindeman (1812-1887), komponist
- Ivar Lykke (1872-1949), minister-presidint
- Sverre Farstad (1920-1978), reedrider
- Jo Benkow (1924-2013), politikus
- Arnfinn Bergmann (1928-2011), skânsspringer en fuotballer
- Martin Schanche (1945), autokoereur
- Jan Egil Storholt (1949) reedrider
- Ingrid Kristiansen (1956), atlete
- Frode Rønning (1959), reedrider
- Grunde Njøs (1967), reedrider
- Eskil Ervik (1975), reedrider
- Trine Bakke Rognmo (1975), skyster
- Tommy Ingebrigtsen (1977), skânsspringer
- Stian Eckhoff (1979), biatleet
- Marit Bjørgen (1980), langlaufster
- Kjersti Buaas (1981), snowboardster
- Eldar Rønning (1982), langlaufer
- Jan Schmid (1983), Noardske kombinaasjeskyer
- Henrik L'Abée-Lund (1986), biatleet
- Astrid Jacobsen (1987), langlaufster
- Espen Bjørnstad (1993), Noardske kombinaasjeskyer
- Johannes Høsflot Klæbo (1996), langlaufer
Galery
bewurkje seksje-
Nidarosdom
-
Pakhúzen oan de Nidelva
-
Stiftsgården keninklike residinsje yn Trondheim
-
Munkholmen, eilân mei in ferline as finzenis, fort en kleaster.
-
Brêge Gamle Bybro oer de Nidelva
-
Haven yn Trondheim
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|