True Grit (film út 2010)

True Grit is in Amerikaanske westernfilm út 2010 ûnder rezjy fan Joel en Ethan Coen, mei yn 'e haadrollen Hailee Steinfeld, Jeff Bridges en Matt Damon. De titel is in Amerikaansk-Ingelske útdrukking dy't safolle betsjut as "wiere moed". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Charles Portis, en kin teffens beskôge wurde as in remake fan 'e western True Grit út 1969, mei John Wayne. It ferhaal giet oer Mattie Ross, in foarlik mar djip religieus fjirtjinjierrich famke, dat de rûge alkoholistyske U.S. marshal Rooster Cogburn foar har wein spant om har mei te nimmen op 'e jacht nei de moardner fan har heit. It allegeduerigen tsierende duo wurdt beselskippe troch de Texas Ranger LaBoeuf, dy't efter deselde bandyt oan sit. True Grit waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in BAFTA Award en waard nominearre foar tsien Oscars.

True Grit
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joel Coen en Ethan Coen
produsint Joel Coen en Ethan Coen
Scott Rudin
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Joel Coen en Ethan Coen
basearre op de roman fan Charles Portis
kamerarezjy Roger Deakins
muzyk Carter Burwell
filmstudio Skydance Productions
Mike Zoss Productions
Scott Rudin Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Hailee Steinfeld
Jeff Bridges
Matt Damon
byrollen Josh Brolin
Barry Pepper
Domhnall Gleeson
Bruce Green
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 desimber 2010
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $38 miljoen
opbringst $250,9 miljoen
prizen BAFTA Award 2011

Plot bewurkje seksje

De heit fan 'e fjirtjinjierrige Mattie Ross is ûnderweis om hynders te keapjen yn Fort Smith, yn Arkansas, fermoarde troch Tom Chaney, dy't er as cowboy oannommen hie om te helpen by it nei hûs ta driuwen fan 'e keppel hynders. As it âldste bern en in foarlik famke reizget Mattie nei Fort Smith ta om 'e ferstjoering fan it stoflik omskot fan har heit nei hûs te regeljen. Wylst se dêr is, docht se by de pleatslike sheriff neifraach nei de syktocht nei Chaney, dy't nei de moard op 'e flecht slein is. De sheriff fertelt har dat Chaney nei alle gedachten beskûl socht hat by de binde fan Luckey Ned Pepper, dy't him beskûl hâldt yn it Yndiaansk Territoarium (no Oklahoma).

Om't de sherrif dêr gjin rjochtsfoech hat, fernimt Mattie nei it ynhieren fan in pleatsferfangend U.S. marshal. De sheriff jout har trije nammen, mei persoansbeskriuwings derby. Mattie fêstiget al har hoop op 'e gemienste fan 'e trije, de ieneagige alkoholistyske Reuben J. "Rooster" Cogburn. Dyselde stegeret har fersiken om har te helpen yn 't earstoan ôf, om't er twifels hat oer sawol har moed en trochsettingsfermogen, as it jild dêr't se oer seit te beskikken. Mar Mattie wit it jild byinoar te krijen troch op agressive wize te hantsjebakken mei de hynstetysker kolonel Stonehill, dy't neitiid syn fingers telle moat om der wis fan te wêzen dat se him dy net ek ôftroggele hat.

As de Texas Ranger LaBoeuf yn Fort Smith arrivearret, dy't efter Chaney oansit foar de moard op in steatssenator yn Teksas, stelt dy foar om 'e lapen gear te smiten mei Cogburn. Mattie wol dêr lykwols neat fan witte, om't se wol dat Chaney yn Arkansas ophongen wurde sil foar de moard op har heit, en net yn Teksas foar de moard op in senator dy't se hielendal net ken. Se stiet derop om Cogburn te beselskipjen, mar dy't fielt der neat foar om babysitter foar in jong famke wêze te moatten. Ynstee set er mei LaBoeuf ôf mei de bedoeling om 'e priis dy't op 'e holle fan Chaney set is, te dielen. Mattie wegeret lykwols om efterlitten te wurden. As se by de fearpont wegere wurdt om't Cogburn de fearman dêrta omkocht hat, riidt se op dryste wize har nije hynder Blackie de rivier yn om dy oer te swimmen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't Mattie de oare kant berikt hat, rekket LaBoeuf sa opsternaat dat er in stôk pakt om har in pak foar de broek te jaan, mar ûnder bedriging mei in fjoerwapen troch Cogburn sjocht er dêr fanôf. De marshal kriget wol aardichheid oan Mattie har dwaan en lit har tsjin 'e beswieren fan LaBoeuf yn meigean. Nei't Cogburn en LaBoeuf deilis reitsje oer harren militêre tsjinst yn it leger fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, beëiniget de driftige Cogburn syn oerienkomst mei LaBoeuf. De Texas Ranger riidt allinne fierder, wylst Cogburn en Mattie byinoar bliuwe.

Letter komme Cogburn en Mattie in kwaksalver tsjin, dy't harren oanwizings jout om in hutte te finen dêr't se de nacht trochbringe kinne. Yn 'e hutte treffe se dy jûns twa banditen oan, Quincy en Moon, dy't foar 't neist wachtsje op 'e rest fan 'e Pepper-binde. Nei't se dy beiden letterlik útrikke hawwe trochdat Mattie op oanwizing fan Cogburn op it mei seadden beklaaide dak de skoarstien tichtstoppe hat, wurde de mannen troch Cogburn finzen nommen en ûnderfrege. Quincy hâldt fol dat er neat wit oer de Pepper-binde, mar úteinlik liket de ferwûne Moon op it punt te stean om troch te slaan. Op dat stuit hellet Quincy in mês foar 't ljocht en stekt him dea, wêrnei't er sels deasketten wurdt troch Cogburn. Ear't er oan syn ferwûnings beswykt, fertelt Moon dat Pepper en de rest fan 'e binde letter dy jûn weromkomme sil.

Dêrop ferskânzje Cogburn en Mattie harren op 'e heuvel boppe de hutte om 'e oankomst fan Lucky Ned Pepper en syn trewanten ôf te wachtsjen. It is lykwols LaBoeuf dy't it earst arrivearret en de mûklaach yn 'e bulten jaget as Pepper-en-dy him by de hutte oantreffe. Cogburn sjit fan boppe-ôf twa bindeleden del en rekket by fersin ek LaBoeuf, mar Pepper en de oaren witte yn 'e gaos te ûntkommen. LaBoeuf is yn it skouder rekke en doe't er troch de krêft efter it skot fan syn hynder knoffele, hat er boppedat hast syn eigen tonge midstwa biten. No't der gjin kâns mear bestiet om Pepper-en-dy oer it mad te kommen, begjint Cogburn, dy't de foarrie whiskey fan 'e binde ûntdutsen hat, te drinken. Nei't er him dêr in pear dagen lang op talein hat, beslút er dat er klear is mei de jacht op Chaney. Hy seit tsjin LaBoeuf en Mattie dat se mar sûnder him fierder moatte. Mattie seit tsjin LaBoeuf dat se him ferkeard beoardiele hat en dat se mei Cogburn dúdlik op it ferkearde hynder wedden hat. LaBoeuf jout op syn beurt ta dat se har moed bewiisd hat. Hy set de oare moarns ôf om 'e jacht op Chaney te ferfetsjen.

Mattie bliuwt mei de dronken Cogburn efter. As se wetter hellet by in rivierke yn 'e neite fan harren kamp, treft se dêr Chaney, dy't krekt op dat stuit in ein fierderop syn hynder boarnt. Se lûkt har revolver en ferwûnet him mei in skot, mar as se op 'e nij sjitte wol, wegeret har wapen om't it wiet rekke is. Chaney draaft op har ta, oermasteret har en nimt har mei werom nei Pepper en syn binde. Dy siket dêrnei kontakt mei Cogburn, om 'e marshal te twingen en jou him ôf ûnder bedriging fan Mattie har libben. Pepper-en-dy sette ôf, Cogburn efternei, en litte Mattie efter mei Chaney nei't Pepper dyselde warskôge hat har gewurde te litten; oars sil er neitiid net yn 'e bút fan 'e binde diele.

Chaney besiket lykwols om Mattie dea te stekken, mar krekt op dat stuit ferskynt LaBoeuf, dy't de bandyt bewusteleas slacht. Fan it klif ôf dêr't se har op befine, sjogge Mattie en LaBoeuf ta hoe't Cogburn it op 'e flakte ûnder harren opnimt tsjin Lucky Ned Pepper en syn binde. De âldman sjit twa fan harren dea en ferwûnet Pepper sels, foar't syn hynder delsketten wurdt. Hy komt mei syn skonk ûnder it bist telâne, sadat er fêst komt te sitten. As Pepper dan op him ta komt om him te deadzjen, sjit LaBoeuf ynstee Pepper fan 'e hichte ôf dea. Underwilens is Chaney lykwols wer by bewustwêzen kommen, en hy slacht LaBoeuf fan efteren del. Mattie grypt it gewear fan LaBoeuf en sjit him yn it boarst dat er it bestjert. De weromslach fan it gewear smyt har lykwols efteroer, en se bedarret yn in fertikale grot, dêr't se biten wurdt troch in rattelslange.

Cogburn arrivearret op it klif en hellet Mattie út 'e grot. Hy ûnthjit LaBoeuf dat er help foar him weromstjoere sil, en riidt dan dei en nacht om Mattie op 'e tiid by in dokter te bringen. Nei't har hynder Blackie delknoffelet en net mear oerein komme kin om't it bist suver deariden is, makket Cogburn him ôf mei in skot út syn revolver, tsjin 'e ûngearhingjende beswieren fan 'e koartsige Mattie yn. Dêrnei begjint er te draven mei it famke yn syn earms oant er de bewenne wrâld berikt, dêr't er har oan 'e soargen fan in dokter oerdraacht.

Fiifentweintich jier letter ûntfangt Mattie, no in folwoeksen frou, in bryfke fan Cogburn wêryn't dy har útnûget om in wyldwestshow te besykjen dêr't hy yn optreedt. Nei't er har libben rêden hie, waard har lofterûnderearm amputearre fanwegen it kâldfjoer dat feroarsake wie troch de slangebyt. Hy bleau by har oant dúdlik wie dat se it oerlibje soe, mar joech him ôf ear't se wer wekker waard. Neitiid hat se noch him, noch LaBoeuf ea wer sjoen, nettsjinsteande dat se him in brief stjoerd hat mei in útnûging om it jild op te heljen dat se him skuldich wie. As se by de wyldwestshow arrivearret, docht bliken dat se te let is: Cogburn is trije dagen earder kommen te ferstjerren. Se lit syn stoflik omskot ferpleatse nei it privee-begraafplak fan har famylje, dêr't se by syn grêf har beslút om net te trouwen beprakkesearret en teffens har hoop om LaBoeuf werom te sjen, mocht er noch libje.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Hailee Steinfeld.
 
Jeff Bridges.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mattie Ross Hailee Steinfeld
U.S. marshal Rooster Cogburn Jeff Bridges
Texas Ranger LaBoeuf Matt Damon


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Tom Chaney Josh Brolin
Lucky Ned Pepper Barry Pepper
Moon (The Kid) Domhnall Gleeson
Harold Parmalee Bruce Green
Bear Man Ed Lee Corbin
Yarnell Poindexter Roy Lee Jones
Emmett Quincy Paul Rae
Sullivan Nicholas Sadler
kolonel Stonehill Dakin Matthews
de folwoeksen Mattie Ross Elizabeth Marvel
body double: Ruth Morris
útbaatster bêd en brochje Candice Hinkle
sheriff Leon Russom
rjochter Isaac Parker Jake Walker
Cole Younger Don Pirl
begraffenisûndernimmer Jarlath Conroy
J. Noble Daggit, Mattie har abbekaat J.K. Simmons (allinnich stim)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

In remake fan 'e westernfilm True Grit, út 1969, mei John Wayne yn ien fan syn bekendste rollen as Rooster Cogburn, waard yn maart 2009 troch de bruorren Coen oankundige. It soe neffens harren in tichter by it oarspronklike ferhaal bliuwende ferfilming wurde fan 'e roman True Grit, fan Charles Portis, út 1968. Neffens Ethan Coen siet him it ferskil yn it feit dat it boek folslein út it eachpunt fan Mattie Ross ferteld waard, en de film net. Hy fûn dat dêrtroch in protte humor ferlern gien wie. Dêrnjonken wie de film, neffens him miskien fanwegen de perioade dat er makke waard, in stik minder gewelddiedich as it boek.

Yn novimber 2009 setten de bruorren Coen yn Teksas útein mei iepen audysjes foar de rol fan 'e fjirtjinjierrige Mattie Ross. Der wiene 15.000 gadingmaksters, mar de kar fan 'e produsinten foel úteinlik op 'e doe trettjinjierrige Hailee Steinfeld. Yn in fraachpetear mei The New York Times bychte Ethan Coen yn 2010 op dat it casten fan in folslein ûnbekende en ûnbeproeve aktrise foar in protte senuweftigens soarge by de produsinten en de filmstudio's. Se wiene har der wakker fan bewust: "as it bern it net kin, is der gjin film." Foar de lêste sênes fan 'e film, wêryn't de fjirtichjierrige Mattie Ross spile waard troch Elizabeth Marvel, hiene de Coens ferlet fan in body double mei mar ien earm. Nei lanlike audysjes waard Ruth Morris dêrfoar fûn, in 29-jierrige sosjaal wurkster dy't berne wie sûnder lofterûnderearm.

De bruorren Coen regissearren True Grit nei in senario dat se sels skreaun hiene. Yn 'e mande mei Scott Rudin wiene se ek de produsinten, foar de filmstudio's Skydance Productions, Mike Zoss Productions en Scott Rudin Productions. As útfierend produsint wie Steven Spielberg by it projekt belutsen. Der wie foar True Grit in budget beskikber fan $38 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Deakins, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Carter Burwell. De opnamen fûnen yn maart en april 2010 plak yn 'e omkriten fan Santa Fe, yn Nij-Meksiko, en yn Granger en Austin yn Teksas.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan True Grit waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 22 desimber 2010 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. Op 10 febrewaris 2011 waard True Grit fertoand op 'e iepeningsjûn fan 'e 61e edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Op 7 juny 2011 waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

True Grit krige fan 'e filmkritisy rûnom loovjende resinsjes. Roger Ebert parte de film yn 'e Chicago Sun-Times trije en in heale fan fjouwer stjerren ta. Hy beskreau it "fakmanskip" fan 'e bruorren Coen as "bjusterbaarlik". Yn 'e Los Angeles Times joech Kenneth Turan True Grit fjouwer fan fiif stjerren. Yn syn resinsje fan 'e film yn 'e Star Tribune, in krante út Minneapolis, skreau Colin Covert: "De Coens swakje [harren wenstige] eksintrisiteit ôf en leverje harren earste, op klassike wize makke […] sjenrefilm ôf. De resultaten binne masterlik." Richard Corliss fan it tydskrift Time neamde de rol fan Hailee Steinfeld as Mattie Ross ien fan 'e top 10-aktearprestaasjes fan 2010. Hy skreau: "Se sprekt de heechdravende dialooch as wie it de maklikste sprektaal, stoarret smjunten oan oant se fuortsjogge, wint de herten [fan it publyk]. Dat is wier talint."

Ofwikende lûden wiene der ek. Rex Reed, fan 'e New York Observer hie krityk op it tempo fan True Grit. Hy omskreau in grut diel fan 'e plotûntwikkelings as "net mear as ôfliedingsmaneuvers […], sadat men mar net opmerke sil dat der fierder neat bart." Ek fûn er dat Matt Damon yn 'e rol fan LaBoeuf "hopeleas miscast" is, en hy omskreau it aktearjen fan Jeff Bridges as "mompelich, traach en selsfoldien." It tydskrift Entertainment Weekly joech de film in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10. It blêd neamde de film "Oertsjûgjender as de John Wayne-presintaasje en minder rou as it boek" en "krekt smaaklik genôch om it filmpublyk te mûltergjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie True Grit in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 271 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Understipe troch sterke aktearprestaasjes fan Jeff Bridges, Matt Damon en nijynkommelinge Hailee Steinfeld, […] is [de film] in weardige partner foar it boek fan Charles Portis." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle True Grit in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 41 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

True Grit brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $171,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $79,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $250,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $38 miljoen betsjut dat in winst fan $212,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

True Grit waard nominearre foar in grut tal prizen. Sa sleepte de film yn febrewaris 2011 tsien Oscar-nominaasjes yn 'e wacht (hoewol't er net ien wist te winnen). De nominaasjes wiene foar bêste film, bêste regisseur (de bruorren Coen), bêste akteur (Jeff Bridges), bêste byrol fan in aktrise (Hailee Steinfeld), bêste adaptearre senario (de bruorren Coen), bêste kamerarezjy (Roger Deakins), bêste art direction (Jess Gonchor en Nancy Haigh), bêste kostûmûntwerp (Mary Zophres), bêste lûdsmontaazje (Skip Lievsay en Craig Berkey) en bêste lûdsmixing (Lievsay, Berkey, Greg Orloff en Peter Kurland).

De film waard ek nominearre foar acht Britske BAFTA Awards, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Bridges), bêste aktrise (Steinfeld), bêste adaptearre senario, bêste kostúmûntwerp, bêste produksje-ûntwerp (Gonchor en Haigh) en bêste lûd (Lievsay, Berkey, Orloff, Kurland en Douglas Axtell). True Grit wûn de BAFTA foar bêste kamerarezjy (Deakins). De film waard ek nominearre foar in Saturn Award foar bêste aksje-aventoerefilm. Fierders waard Bridges nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste akteur. Hailee Steinfeld waard foar har rol nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in aktrise, de Saturn Award foar bêste optreden fan in jongere akteur, en de MTV Movie Award foar bêste trochbraak. Se wûn de Young Artist Award foar bêste filmrol fan in jonge aktrise yn in haadrol.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.