Tsjerke fan Brantgum

De Tsjerke fan Brantgum is in monumintale romaanske tsjerke yn Brantgum en stiet middenyn it radiale terpdoarp. De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.

Tsjerke fan Brantgum (2010)
Romaanske fersierings yn de noardlike muorre
Tsjerke fan Brantgum

Pas by de restauraasje yn 1972 waard dúdlik dat sprake wie fan in oarspronklik romaanske tsjerke út de 12e iuw. Foar dy tiid waard oannomd, dat it in let-goatyske tsjerke út de 15e iuw wie. By it der weiheljen fan de pleisterlagen yn 1972 blykten lykwols dielen fan de tsjerke út de tolfte iuw te kommen. Twa traveeën fan it skip, makke fan dowestien, binne yn dy perioade boud. Benammen yn de noardwand fan de tsjerke sitte dúdlik romaanske siereleminten. De tsjerke is yn de 16e iuw nei it easten ferlinge. Ut dy perioade komt ek it koar mei de trijesidige ôfsluting. De toer is fan 1877.

Op 2 septimber 2018 organisearre it Feitsma Fûûns fwar it Frysk yn 'e tsjerke fan Brantgum in betinking fan Tony Feitsma mei as namme it Bûter yn 'e Brij Festival 2018.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  • Stenvert, Ronald - Monumenten in Nederland. Fryslân, (2000), útjouwerij Wanders, Swol
  • DBNL oer de tsjerke