Mattéustsjerke (Langsweagen)

(Trochferwiisd fan Tsjerke fan Langsweagen)

De Mattéustsjerke is in tsjerkegebou fan de PKN Langsweagen-Lúkswâld-Jonkerslân oan 't Hou 9 yn Langsweagen yn de gemeente Opsterlân.

Mattéustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente boder Opsterlân
plak Langsweagen
adres 't Hou 9
koördinaten 52° 58' N 6° 0' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Mattéus
Arsjitektuer
boujier 1781
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31858
Webside
PKN Langweagen-Lúkswâld-Jonkerslân
Kaart
Mattéustsjerke (Fryslân)
Mattéustsjerke

Beskriuwing bewurkje seksje

De tsjerke is yn 1781 boud as ferfanging fan in âldere midsiuwske tsjerke, dy't eartiids oan de apostel Mattéus wijd wie en tsjintwurdich wer de âlde namme draacht. De sealtsjerke mei trijesidige koarsluting en rûnbôgefinsters hat in ynboude toer mei achtkantige spits.

Fan de roomske midsiuwske tsjerke is noch in alterstien bewarre bleaun, dy't yn it Jannumer tsjerkemuseum bewarre wurdt. De brânskildere ramen dy't de tsjerke fuort nei de bou krige binne yn de rin fan de tiid ferlern gien.

Ynterieur bewurkje seksje

 
It ynterieur foar de restauraasje yn 1960 mei it âlde Knipscheer-oargel

Yn de tsjerke stiet in preekstoel út de tiid fan de bou fan de tsjerke. It snijwurk oan de kûp is fan Jacob Zwaluw en stelle froulju foar dy't it Leauwen, de Hope en de Leafde en nei alle gedachten it Alde - en Nije Testamint symbolisearje. Op de hoeken fan de kûp binne motiven út de lânbou, de fiskerij en de jacht oanbrocht. De tsjerkebanken binne yn 1960 by de restauraasje ferwidere en doe ferfongen troch stuollen. Fieder binne der in pear 17e- en 18e-iuwske sarken.[1]

It meganyske toeroerwurk is makke troch Van Bergen. De liedklok út 1948 fan de firma Eijsbouts út Asten is in ferfanging fan twa klokken út 1763 fan de Amsterdammer Pieter Seest, dy’t yn 1943 troch de Dútske besetter foardere waarden.

De tsjerke is yn 1927, 1960 en 1992 restaurearre. De tsjerke is in ryksmonumint.

Oargel bewurkje seksje

De firma Knipscheer út Amsterdam boude yn 1866 in oargel yn de tsjerke. Mooglik wie it piipwurk dat Knipscheer by de bou brûkte âlder. It front fan dat oargel wie 18e iuwsk. Yn 1948 waard it binnenwurk fan it oargel ferkocht. Jild foar in nij oargel achter it âlde front hie de gemeente net en lange tiid dêrnei brûkte de gemeente in harmoanium en in elektroanysk oargel. It oargel dat no yn de tsjerke stiet stamt út 1901 en is boud troch Bakker & Timmenga foar de grifformearde tsjerke fan Gaast. Doe't dy tsjerke yn 1992 sletten waard ferhûze it ienmanualige ynstrumint nei de tsjerke fan Langsweagen.[2]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: