Tsjerke fan Spannum

De Sint-Remigiustsjerke yn Spannum is de tsjerke fan de herfoarme gemeente Spannum-Iens. De gemeente is oansletten by de PKN. De tsjerke is in ryksmonumint.

Sint-Remigiustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Spannum
adres Tsjerkebuorren
koördinaten 53° 8' N 5° 36' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Herfoarme gemeente yn 'e PKN
patroanhillige Remigius fan Reims
Arsjitektuer
boujier 1500
boustyl Lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21559 [1]
Webside
Hiemside herf. gemeente Spannum-Iems
FB-side
Kaart
Tsjerke fan Spannum (Fryslân)
Tsjerke fan Spannum

De patronaatsrjochten fan de tsjerke wiene fan kleaster Lidlum. Oant fier yn 'e 16e iuw wiene koarhearen fan Lidlum pastoar fan Spannum.[2]

De letgoatyske oan Sint-Remigius wijde tsjerke ferfong om 1500 hinne de foargonger. By de ynfal fan de Spanjerts yn 'e winter fan 1586 waard de tsjerke mei it doarp yn 'e brân stutsen. Nei de reformaasje yn 1580 waard de tsjerke in protestantske tsjerke en foar de protestantske earetsjinst geskikt makke.

Yn 'e 19e iuw folge de ommitseling fan it koer en de súdlike muorre. Oan de noardlike kant fan de tsjerke is noch it oarspronklike bou materiaal fan kleastermoppen te sjen. Ek binne oan de noardlike kant twa foarse steunbearen oanbrocht om de muorre tsjin fersakking te kearen. De oanbou oan de noardlike kant is 19e-iuwsk. Yn 'e noardlike muorre is ek it mei gieltsjes tichtmitsele noardlike portaal noch te sjen.

De trijelidde sealtektoer is noch oarspronklik en heart mei syn nissen ta de moaiste sealtektuorren fan Fryslân. Yn de toer hingje twa klokken: in klok út 1590 fan Thomas Both en in klok út 1620 fan Hans Falck. De klokken ferfongen eartiids de âlde klokken dy't ferlern gyngen nei't de Spanjerts de tsjerke yn 'e brân stieken.

Neffens in gevelstien yn 'e toer mei it famyljewapen fan Edzard fan Sminia, grytman fan Hinnaarderadiel, waard de toer yn 1742 fernijd:

 
Tinkstien
In 't jaar 1742 is deze Toren
vernieuwd en verbetert onder
de Ed: Heer EDZARD van SMINIA,
Grietman over Hennaarderadeel
en Gentuis Hesselius Predikant te
Edens en Spannum de Kerkv[oogden] Jan
Leenerds & Frans Baukes

De tsjerke waard yn 2014 foar it lêst restaurearre. By de restauraasje binne in grut tal âlde grêven foar it ljocht kommen wêrfan it bestean net bekend wie.[3]

De tsjerke besit in 17e-iuwske preekstoel mei in efterskot en klankboerd. It doopstek is sletten en der steane twa hearebanken. Fierder hingje yn 'e tsjerke de Tsien Geboaden en trije kroanluchters.

It oargel út 1911 is makke troch Bakker & Timmenga. it oargel waard yn 1926 útwreide en yn 1959 troch de firma Reil út Heerde restaurearre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: