Doarpstsjerke (Surch)

(Trochferwiisd fan Tsjerke fan Surch)

De Tsjerke fan Surch, hjoed-de-dei oantsjut mei Doarpstsjerke, is in tsjerkegebou yn Surch yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

Doarpstsjerke Surch
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
plak Surch
adres Skoalstrjitte 6
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Tsjerke: 1864
Toer: 1913
Restauraasjes: 1964, 1996, 2003
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 516539

Beskriuwing bewurkje seksje

It ienbeukige skip yn ambachtelik-tradisjonele styl fan fiif traveeën (mei bearen) en trijesidich sletten koar waard yn 1864 boud oan de eastkant fan de sealdaktoer. It ferfong it eardere skip dat yn 1772 ôfbrutsen waard. Yn 1913 waard it sealdak sloopt en ferfongen mei in toer mei omgong en achtkante lantearne mei spits (faaks neffens ûntwerp fan L. Reitsma). De súdkant fan it gebou hat rûnbôgefinsters mei brânskildere glês en oan de noardside bline finsters. Yn 1996 wie de restauraasje fan de toerspits en klok. It oargel út 1901 waard makke troch Bakker & Timmenga.

De tsjerke is in ryksmonumint yn behear fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4